Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: diep grond
Op 'e Boppewei dêr siet in skatkist yn 'e groun. Dêr siet in hiele protte jild yn, mar sy koenen dat jild noait binei komme. In pear man hawwe it ris bisocht, op it plak dêr't dy skatkist siet. Mar as se der oan ta wienen mei de lodde, dan sakke dy kiste wer. Sy groeven om 't leven, mar hyltyd sakke dy kiste djipper. Op 't lêst wie 't fjûr der út kom, doe...
nl.verhalenbank.20518
Oan 'e Boppe-wei, op it plak, dêr't letter altyd de woanweinen stienen, sit in kiste mei jild yn 'e groun. Men hat prebearre dy kiste op to dollen, mar hwat djipper men mei de lodde kaem, hwat djipper dy kiste sakke.
nl.verhalenbank.29803
Op in stikje lân by de Boppewei siet in kiste mei jild yn 'e groun. Dêr koenen de lju noait by komme. As se der nei groeven, dan sakke er hyltyd djipper.
nl.verhalenbank.30521
Aster ’n schat ien de grond zit en ge got er nor grave, dan geet die schat elke keer dieper de grond ien. Hoe dieper daj graaf, hoe dieper dattie weggeet. Zo kuj ’m nooit kriege.
nl.verhalenbank.49727
Op 'e Skilige Piip, dêr spoeket in wite juffer. En de âlde hear spoeket dêr ek. Dy hat dêr in kiste mei jild yn 'e groun sitten. Nachts rydt er dêr lâns op it hynder. Dêr sit er achterstofoar op, as hy der wer wei giet, dan kin er sjen, as der ek guon hinne geane. In skynfet draecht er yn 'e hân. Dy skat dêr yn 'e groun, dêr hawwe etlike minsken al in...
nl.verhalenbank.19635
Op 'e Godloaze Singel leit dy skatkiste mei jild bigroeven. De lju kinne him noait út 'e groun wei krije, hwant as se bigjinne to dollen en de lodde rekket it lid fan 'e kiste, dan sakket dy kiste nei ûnderen.
nl.verhalenbank.31016
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. As se dêr nei grave, sakket de kiste altyd djipper. Dêr spûket ek in âlde mynhear. (Dat is dyselde net by 't Lange Ein.) Dy hat dêr yn in slot wenne. Dy kiste mei jild is fan him ôfkomstich. Hy wol dêr hinne, mar 't avanseart net bot om dêr to kommen. Elk jier komt er mar ien hoannestap tichterby.
nl.verhalenbank.30401
By de Skilige Piip leit in heech stik lân. Dêr leit in kiste mei goud yn 'e groun. In smoarrike keardel hat dat jild dêr yn 'e groun set. Letter ha se dy keardel formoarde. En nou spûket dy dêr altyd noch om. Se ha wol prebearre dy kiste ta de groun út to krijen, mar dat woe net. Hy sakke ûnder it graven hyltyd djipper.
nl.verhalenbank.30509
By 't Skilich Pypke sit in kiste mei jild yn 'e groun. Dy kinne se noait omheechhelje, hwant as se de kiste mei de lodde oanreitsje, sakket er djipper. In menearke is dêr yn 'e buert formoarde woarn. Dy spûket dêr altyd noch om, nei't se sizze.
nl.verhalenbank.30079
De Skilige Piip is achter Feanwâlden, oan diz kant de Boppewei. Dêr siet in kiste mei jild yn 'e groun, dêr koenen se noait by komme. In fuorman fan Feanwâlden dy gong dêr ris mei in pear maten hinne yn 'e nacht. Doe bigounen dy maten dêr to graven. Hja stompten mei de lodde op hwat. Dat wie de kiste. Mar dy sakke djipper ta de groun yn, doe't se him...
nl.verhalenbank.30422
10