Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: dicht Place of Narration: Harkema
Yn Hurdegaryp stiet in slot-villa; dêr stiet in hekke foar dy hâlde se noait ticht. Om tolve ûre yn 'e nacht giet er iepen.
nl.verhalenbank.26233
Yn Hurdegaryp is in slot, dat wyt ik wol to stean. Der is in hekke by dat slot, dy kinne se noait ticht hâlde. Se ha dy hekke wol sa goed forsegele mei dikke slotten en kettings, mar 't joech neat. Altyd gong er wer iepen.
nl.verhalenbank.34582
Ik ha der ús mem wolris oer heard, dat der wolris in gat yn 'e hûs is, dat se noait ticht hâlde kinne. Dat giet altyd wer iepen. Dan hâldt dêr hwat ta dat mei spûkerije yn forbân stiet.
nl.verhalenbank.29375
Tichte by Ljouwert oan 'e strietwei stiet in hek, dat noait ticht sit. Dêr spûkje twa neakene berntsjes om, dy dogge dat.
nl.verhalenbank.17707
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
nl.verhalenbank.17523
Myn wiif Sjouk hat in healjier tsjinne by Julle van der Henne, dy wie boer op Reahel. Dat wie in nuver plak, dêr doogde it lang net. As jouns de doarren skoattele woarden, stienen se moarns wer iepen. Se dienen de krukken der jouns allegear út, mar it joech neat. Altyd wienen de doarren moarns iepen. Moarns sieten de katten by 't spek to fretten as se der...
nl.verhalenbank.20957
Alde Albert Alma, dy't letter mei Tet (in oare Tet) troud is, wie noch feint. It wie in earst raren-ien. It koe him neat skele hwat er die en hwat er sei. De duvel hie macht oer him. Op in joun doe hied er it wer raer dien. Hy wie thúskom en hie de doar beet krije sild. Mar de doar wie automatysk út him sels foar him iependraeid. En sa wied er ek wer...
nl.verhalenbank.22221
7