Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: deur kracht
Us pake hie hiel slim de twaddedeiskoarts. De iene dei wie 't goed mar de oare deis wied er skjin forlegen. As er it oankommen fielde hâldde der him mei de hannen oan 'e speaken fan 'e stoel fêst, sa forlegen wied er dan. Mar dan duorre it net lang of hy koe 't net mear op 'e stoel úthâlde. Dan rekke er op bêd. Dan switte er en hy trille. Hy seach der och...
nl.verhalenbank.11542
To Aldegea wenne ek in hiele sterke keardel. Dy woarde altyd neamd: de luije boer. Dy boer wie ris yn 'e ûngetiid. Doe rekke er mei in foer hea en in âld swart hynderke derfoar fêst yn 'e skuordoarren. It hynderke koe't net mear dwaen. Doe hat dy boer it hynderke útspand en doe hat er it foer hea, dat klem siet sels los skuord en ta de skuorre yn lutsen.
nl.verhalenbank.33336
Der siet op it Kleaster by Bindert Japiks in foer hea klem tusken de skuorredoarren. De hynders koenen it hea net yn 'e skuorre krije. Doe woarden dy der foar wei spand en kom Hearke by de fjilden to stean. Hy hat allinnich de wein der troch krigen. Sa sterk wied er!
nl.verhalenbank.19948
Mem har heit (Geart Alma) arbeide op it Kleaster by Bindert Japiks Kloosterman. Sterke Hearke arbeide dêr ek. 't Wie yn 'e haeijing. Der bleau in foer hea stykjen yn 'e skûrdoarren. "Doe kom Hearke oan 't tiksel om de wein der troch to lûken," sei pake, "en wy oan 'e achterste fjilden hâldden de wein krekt safolle tsjin as wy koenen. Wy hongen der oan....
nl.verhalenbank.19354
Sterke Hearke siet us in kear mei syn broer ergens by in haven yn 'e polderwurken. Dêr stie in herberch en de kastlein klage syn need us in kear oan Hearke. "Saterdeijouns," sei er, "dan komme hjir de matroazen fan 'e boaten, en dy slagge hjir altyd alles koart en klien." Doe sei Hearke: "Wy sille jo helpe." De saterdei-to-jouns dêroan stapten Sterke...
nl.verhalenbank.23634
Der wie ris in kear in tsjoenster by ús buorfrou yn 'e hûs. Dat hie myn suster sjoen. Doe gong se gau hinne en sy struide in hânfol sâlt op it strjitsje foar de doar fan buorfrou. Sâlt is heilich en sy tocht: nou komt de tsjoenster dêr net oer. En ja, doe't de tsjoenster nei hûs ta soe en de doar iependie koe se der net útkomme. Hja koe net troch it sâlt...
nl.verhalenbank.36012
Hearke kom us in kear yn 'e kroech, doe wied er noch jong. Hy bistelde in romerfol, mar doe stompten guon fan it jongfolk tsjin syn taffeltsje oan, dat doe rekke de romer om. De twadde kear dienen se 't wer. De trêdde kear soe it wèr oangean, mar doe hie Hearke syn nocht krigen. Hy hie in pear krigen en smiet se der út. Sa die er ek mei oaren. De rest...
nl.verhalenbank.26146
De ûngetiid wie omtrint dien, allinne it lêste foer hea moest noch toplak. Dat wie hwat ryklik dik woarn, dat it koe net ta de skuorredoarren yn. Twa hynders lutsen de wein en sawn man holpen mei, mar 't hea bleau stykjen oan 'e sydkanten en oan 'e bovenkant. Dêr kommen ús heit en Hearke oan. "Hearke," sei de boer, "ik bin bliid, dat ik dy sjoch, hwant wy...
nl.verhalenbank.29298
Mei Sinteklaes wie 't by ús op 'e Broek wol us lotsjen. 't Wie froeger in krappe tiid en mei lotsjen koe der noch wol us hwat by fortsjinne wurde. Doe kom der in man by ús, dy woe de boel yn 't hûndert jeije. Wy hienen yn dat hûs in boppe- en ûnderdoar. De boppedoar stie op. Doe krige mem dy man by de broekspipen en by 't boarst en sy smiet him oer de...
nl.verhalenbank.23549
Op in kear hienen se sa'n grou foer hea, dat sy koenen it net troch de skuorredoarren ride. It bleau oan 'e kanten stykjen. Hearke soe it der mei de arbeiders yn lûke. Doe seinen de arbeiders tsjin elkoar: "Nou matte wy tsjinhâlde, dan kriget hy dat foer der noait troch." Sy hongen oan 'e fjilden. Mar it joech de mannen neat, al hoe bot se tsjinkearden....
nl.verhalenbank.26141
Myn pake (ús heit syn heit) hat Sterke Hearke noch kend. Pake wie in hiel plat keardeltsje, hy koe tige wrakselje. Hy woe Hearke graech ris sjen. Sterke Hearke wenne op in spultsje oan 'e Lytse Wei. Mei noch in pear fan syn maten sette pake dêrhinne. Se makken hwat lawaei by de doar. Griet, syn wiif, sei: "Der binne guon by ús by de doar." Mar Hearke wie...
nl.verhalenbank.32234
35