Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: dansen Place of Narration: Harkema
Op 'e Tille wenne ien dy koe de kaerten dânsje litte.
nl.verhalenbank.17443
Alde Bartele Vries fan 'e Hamster Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to marsjearen troch de keamer hinne. Hy liet de hynders yn 'e stâl dânsje. Ik wie sa'n jonge, doe't er dat die. Op 't Bomkleaster leit er op 't hôf. Hy hat in glês yn 'e kiste. Dat hie doe noch net in minske. Hy leit mei 't gesicht nei de plaets ta,...
nl.verhalenbank.33092
Hjir hat in frou wenne, dy leaude nergens oan. Sy wie sa werelds as it mar koe, om de ivige dingen tocht se net. Dêr spotte se mei. Hja gong op in joun to dânsjen mei nagelnije skuon oan. Doe hat se sa bot dânse dat der is neat mear fan dy skuon oerbleaun. 't Wie op in saterdeinacht. Mar sy is raer thús kom. De kweade hat har topakken hawn. En dat hat sa...
nl.verhalenbank.32983
Doe't myn mem noch faem wie, tsjinne se by de boer. Winterdeis gong se to riden op 't iis. Dan gebeurde it wolris dat se hwat langer as gewoanlik weibleau. Se stuts dan yn 'e herberch oan om dêr to dounsjen. Op in joun wie se wer let. Doe kom der in dikke swarte houn njonken har lâns. Hja wie deabinaud, hwant de houn rekke har hyltyd ûnder 't rinnen. Op...
nl.verhalenbank.21137
Der binne guon, dy kinne de spylkaerten dounsje litte. Dan dounsje se allegear trochinoar. Op it lêst misse der twa. Dat is ien fan 'e hearen en de frou fan in boer. Dy binne der togearre tuskenút knypt.
nl.verhalenbank.25557
Nachtmerjes komme in bulte by hynders. Dan ha de hynders lange flechten yn 'e manen. Dan matte se skerpe seinen boven de hynders hingje. Dan komme de nachtmerjes net wer, wurdt der sein. As der in nachtmerje by in hynder komt, kin men dat skoan fornimme. Dan dânset it yn 'e stâl om en it is trochwiet fan swit.
nl.verhalenbank.32994
Jetse van der Veen wie net troud. Hy kom op in kear by syn kammeraet Aen van der Wey. Doe moest er nei 't hûske. Wylst er dêr siet, seach er foar him del nei 't hûs. Doe roan der in hiel dik swart skiep om. Doe't er klear wie, sei er: "Aen, bist yn 'e hûs?" "Ja, is der hwat?" Doe wiisde Jetse him op it skiep. Aen wist net fan hwa't it wie. Doe gongen se...
nl.verhalenbank.16885
Tichte by de Wopke-poel yn 'e Harkema stiet in dikke hage. Dy hage stie bikend as de Spoekhage. Op in kear kommen ik en myn broer Japik dêr op ljochtskyndei foarby. Doe seach ik dêr by dy hage allegearre lytse wite wyfkes mei gouden earizers op. Der wienen wol sawn, dy sprongen dêr midden op 'e reed yn 't roun. Sy wienen alle sawn gelyk yn 'e klean. Ik...
nl.verhalenbank.28791
Us mem en dy gongen de nachts fan mendei op tiisdei altyd fan Readskuorre mei de Feanster boat nei Grins ta. Tiisdeis dan wie 't merk yn Grins, sy gongen dêr hinne foar de handel. Pake gong ek mei. Op in nacht gongen se dêr ek wer hinne. Doe kommen se in lyts boerespultsje foarby, oan diz kant Readskuorre. Dêr lei in skerne. Tichteby lei in dikke koepânse...
nl.verhalenbank.23908
Op it Fean wienen us tolve man meiïnoar oan 't dânsjen. Doe ynienen wie der in trettsjinde man by. Doe hâldden se fuort op.
nl.verhalenbank.21303
Ien fan 'e jonges fan ús buorlju krige in jas fan in Kanadees, doe't dy hjir nei de oarloch kommen. Hy gong dêrmei nei Ale ta (de dochter fan Ot) omdat dy hwat naeije koe. Dy soe der him in passend jaske út meitsje. Doe moest dy jonge dêr ek hinne to passen. Mar hy woarde rare kjel. Hwant it thékopke bigong samar fansels op 'e tafel om to dânsjen. En Ael...
nl.verhalenbank.21459
Bôkke Noordman wie noch feint. Hy wie tige oan 'e drank. Op in kear gong er fan 'e Harkema nei Surhústerfean to skearen. Werom gong er by âlde Durk Lútsens oan. Dy wie skuonmakker. Dy hie syn skuon yn reparaesje. "Kom," sei er, "tusken tolven en ienen dan is alles op de bienen." Doe kom er oan Willem Hofstede ta, dêr lei in skeane tippe groun. Doe't er...
nl.verhalenbank.22193
Guon kinne mei tolve kaerten de kopkes op 'e tafel dânsje litte. Ik ha 't wol ris sjoen. Sy dogge 't mei fjouwer hearen, fjouwer froulju en fjouwer boeren. Doe bigounen de kopkes moai by de tafelsrânne lâns to marsjearen.
nl.verhalenbank.28857
35