Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: buurman Place of Narration: Harkema
Ruerd van der Veen to Harkema lei soms achter 't fé mei in nekke sa dik as in pot. Dan hied er mei de duvel fochten. Op in kear kom der in buorman by him oan 'e doar. "Hwer is Ruerd?" frege er it wiif. "Dy slacht achter mei de duvel om", antwurde se.
nl.verhalenbank.15535
It gebeurde op in kear doe stie skoanheit foar 't sydgleske fan syn hûs yn 'e Smoarhoeke, by de Pauloane. It wie krekt as droomde er. Hy seach dúdlik in lykstaesje foar it hûs lâns gean, mar it nuvere wie, der roan in wyt hynder foar de lykwein. Dat wie noait it gebrûk. It duorre in setsje, doe stoar syn buorman. Der wie doe krekt net in swart hynder to...
nl.verhalenbank.32981
Der wienen minsken yn 'e Harkema, dy hienen in bern, dat wie siik. Ut tsjerke wei kom buorman om to harkjen hoe't it mei it bern wie. De frou sei tsjin 'e buorman: "De jonge wurdt neat better. Wy ha al guod fan dokter, mar dat jowt suver neat." De man sei: "Ik mat moarn mar nei de duvelbanner ta yn Kûkherne. Dan mat ik mar in heale dei thúsbliuwe." De...
nl.verhalenbank.16887
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?" Ja, dat wie der wol. "Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
Der wie in man, dy hie altyd lêst fan nachtmerjes. Hy sei tsjin syn buorman: "'k Bin nachts forlegen. De nachtmerje pleaget my sa bot, dat ik bin nachts oan 't smoaren ta. Ik wol der graech ôf wêze." Doe sei dy buorman: "Ik wyt rie. Ha jo wyt moal yn 'e hûs?" "Jawol", sei de man. "Set dan joun in poun moal op 'e tafel. As it tiid is fan op bêd geane jo...
nl.verhalenbank.16874
35