Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: buurman voorbode
Op in nacht, noch net sa lang lyn waerd ik ynienen wekker troch in lûde plof; krekt as foel der in muorre del. De oare moarns roun ik om 't hûs hinne om to sjen hwat der gebeurd wie, mar der mankearde neat oan. Binnen 't jier waerd it âlde húske fan myn buorman ôfbrutsen. Doe hearde ik krekt wer itselde lûd, doe't der in stiennen muorre delkaem.
nl.verhalenbank.36512
Doe't Berend, de buorman fan Boardzer Bruning fan 'e Boelensloane kom to forstjerren, koenen se dêr earst net in foargonger by krije. Mar Boardzer hie al fan tofoaren sjoen dat Durk Pultrum de foargong ha soe. Dêrom sei er: "Gean mar nei Durk Pultrum ta, dy wol wol."
nl.verhalenbank.32824
To Surhústerfean wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Syn kammeraet frege him us in kear: "Wyst ek hwat?" "Ja," sei er, "der komt in greate boer to forstjerren." Hy neamde dy en dy datum en de ûre en de minút der by. "It hynder," sei er, "dat se foar de wein spanne wol net lûke. Dan wurdt it oare hynder fan 'e boer foar de wein spand. Mar dat wol...
nl.verhalenbank.24605
Ik het ’t meegemak ien mien trouwdag [tijd dat verteller getrouwd was]. Voader was èrg ziek. We** mosten um de beurt snachs wake. Ik was wezze kieke. Mar ze zèje: “Wé’j zulle vannach wel wake. Go gé’j mar nor huus. Gé’j het gisternach ok al gewaakt”. Ze bleve mee z’n drieë wake. Dan duurde de nach nie zo lang. Toen ik thuus kwam, had de vrouw de koffie...
nl.verhalenbank.50377
Op 'e Krúswei yn 'e Harkema seach Fokke Veenstra midden yn 'e nacht in lykstaesje. Oan it folk dat achter de lykwein roan koed er sjen dat it lyk fan ien fan 'e buorlju wie. In wike letter stoar syn buorman.
nl.verhalenbank.32223
Myn suster yn Twizelerheide kom op in jountiid thús doe stie der in lykwein by har buorlju by de homeije. Even letter ried er fuort. Hja tocht: dat wol 'k ûnthalde. Ik wol wite foar hwa't dat is. In wike letter is har buorman forstoarn. Doe stie de lykwein op itselde plak.
nl.verhalenbank.21672
35