Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Trekwei by de Kalkhúsbrêge, der mat yn myn bernejierren in grouwe, swarte houn west ha. Dy kom altyd oer de brêge, roan in eintsje by de feart del en waerd wer wei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.37355
"Sjoch," sei ús mem alris, "sa'n heldere lampe brânt dêr oer de Sweagerfeart. Doe kom dêr letter in brêge mei in lampe der boppe.
nl.verhalenbank.17009
To Eastemar by de âld toer spoeke in dikke, swarte houn om. Der wienen minsken, dy hienen him wol sjoen. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu wenne der op Skûlenburch in man, dy hie dêr in oaljeslagerij. Dy man hie forkearing mei in widdou to Eastemar. Mar hy doarst net to reizgjen by nacht. Hwant by de âld toer, dêr't [er] foarby moest, dêr spoeke...
nl.verhalenbank.15760
To Aldwâldemer Aldsyl stiet in brêge en dêr tichte by stiet oan 'e iene kant fan 'e âld Swimmer in print fan in minskefoet yn in stien, oan 'e oare kant stiet de print fan in hynstepoat yn in stien. Men seit, dat dy der sa kom binne. Der wie in feint dy wie dêr oer de feart sprong.
Hy sei: "Der is net in duvel, dy't my dat neidocht." Doe kaem de duvel en...
nl.verhalenbank.26318
Yn ldwâldumersyl wenne froeger in boerefeint, dy kaem ris in kear út 'e kroech. Doe kaem er by de brêge en dêr sprong er oer de feart mei in oanloop. Doe sei er:
"Net in duvel dy't my nei giet."
Mar de oare moarns komt er dêr wer lâns en dan sjocht er de print fan 'e duvel syn hynstepoat yn deselde leasten dêr't hy ek yn roun hie.
De duvel wie him wòl...
nl.verhalenbank.37374