Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: broer toveren
Us Boardzer kaem op in nacht thús, doe stienen de finsters by ús opskoud en de gerdinen wapperen nei bûten ta. Doe't hy der yn kaem, seach er yn in hoeke fan 'e keamer syn jongste broerke yn in deakistje lizzen. Dat wie allegear foartsjirmerije. Mar it bern wie doe al siik. Gauachtich dêrnei is it stoarn. Boardzer hie it net tsjin ús mem sein omt er har...
nl.verhalenbank.17722
Toverboeken Trije bruorren út 'e Westerein kochten op Kollumer of Bûtenpostmer merke ris in duvelsboek . Dêr learden se allerhanne toverkunsten út . Se koenen de minsken bygelyks stilstean litte op 'e wei, of se koenen de froulju de rokken samar ôffalle litte. Se liezen om bar yn dat boek. It eigenaardige wie: it mocht noait fan 'e iene nei de oare...
nl.verhalenbank.12465
To Kollumersweach wenne in mantsje yn in earme-keamer, in eintsje fan 'e wei ôf. Dat wie in echte tsjoenster, dêr hienen se allegear in skalk eech op. De beide âldste bruorren fan myn frou hawwe him jouns wol by de fjûrpot sitten sjoen, dan pripke er yn in popke. Dan wienen der wer guon dy krigen pine. Op in kear doe seagen myn sweagers him wer allinne yn...
nl.verhalenbank.33082
Hjir op 'e Langediken wenne in âld minske, dat tsjoene koe. Myn âldste broer en suster dy gongen ris op in kear nei skoalle ta. Doe sei Lammert tsjin har: "Dû mast de mûle goed ticht hâlde, oars wurdst bitsjoend." Dat mienden se froeger echt.
nl.verhalenbank.37964
To Tsjummearum wennen in broer en in suster. Har mem wie to bakerjen op in pôlle tichte by de sédyk. Togearre gongen de broer en de suster op in joune let dy kant út om har mem op to heljen. Sy moasten oer de feart. Dêr lei in heechhout oerhinne. Sa kamen se op in sintelpaed. Dêr kaem in wite kat by har. Dy roun har hyltyd om 'e fuotten hinne. It dier wie...
nl.verhalenbank.20604
Neist myn hûs op in stik lân hat in hûske stien, dêr wennen in mem en in dochter. Durke Hylk hiet it minske. Hja koe tsjoene. De dochter wie gebucheld. Myn heit en in broer fan my gongen op in joun in kear in sânreed del. Dy wie ôffrede fan in stik lân dêrnjonken mei wol seis lagen skerpe tried boppe elkoar. Doe kom Hylk it lân del en gong lyk op 'e tried...
nl.verhalenbank.19330
Myn broer Eabe Kloosterman hat yn 'e swarte spegel sjoen doe't er ûnder tsjinst wie. Doe krige er in deakiste to sjen. Hy wenne op Sânbulten.
nl.verhalenbank.19391
Mem fortelde, hja en har kammeraetske wienen ris op Ljouwerter merke. Doe woenen se yn 'e swarte spegel sjen. Earst seach har kammeraetske yn 'e swarte spegel. Dêr kaem mem har broer yn to stean. Mar dy hat se net krigen. Mem krige in persoan to sjen, dy koe se net. Mar it kloppe wòl. Letter is se mei dy persoan troud. Hy wie tige donker. It wie myn heit.
nl.verhalenbank.36551
Onder Noordwyk woonden Sikke jonges. Die konden zomaar soldaatjes uit de haarddobbe komen laten. Die lieten ze dan ronddraaien op de plaat. Ze konden ook een kaart wegsturen om een flesvol jenever. Die de fles wegstuurde mocht de volle fles niet aannemen. Nam niemand hem aan dan ging hij dood. De volle fles zweefde tot driemaal boven de tafel.
nl.verhalenbank.28234
Op it Earrebarrenêst op 'e Deltike, flak by de Harstewei, wennen twa healwize bruorren en in healwize suster. Dêr't dy wennen, dêr spoeke it.
nl.verhalenbank.12219
Heine Jilderda fan 'e Broek hie fiif berntsjes, dy woarden alle fiif siik. Sy seinen: hja binne bitsjoend. Alde Frearke Tiet wie de beppe fan 'e berntsjes (ek in Jilderda), dat wie de tsjoenster. Har broer Jan wie ek in tsjoenster. Doe't de buorlju seinen: - de berntsjes bin bitsjoend -, sei Hanne, de mem fan dy berntsjes: "Ik kin 't net leauwe en ik mei...
nl.verhalenbank.25648
Sikke Procee hie to meanen west nei 't Bûtenfjild, mei syn broer Japik. Hja farden nou mei 't boatsje nei hûs ta, nei Feanwâldsterwâl. Mar sy koenen hast net foarút komme, hwant hja moesten lyk yn 'e wyn op. Dêr farde Jehannes Meerstra har foarby. Dy sylde samar lyk yn 'e wyn op, hwat net in sterveling koe. Hy hie der ek op út west. Doe't Sikke seach dat...
nl.verhalenbank.38294
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema siet in man op it húske. Der roan in swart skiep foar de doar lâns, dat wie sa grou en sa great, dat syn kop rikke oan 'e daksgoate ta. Hy rôp fan 't húske ôf oan syn broer: "Nou mast gau hjir komme! Sjoch dêr us, hast sa'n skiep wol us sjoen?" Hja togearre der achteroan. Earst roan it skiep in lyts eintsje foar harren op,...
nl.verhalenbank.21248
Alde Durke Syts koe tsjoene. Hja wenne hjir yn 'e Westerein. Hja koe har yn in kat foroarje. Wy hienen krânsen yn 'e kessens, dat wie hàr wurk. Piters Willemke koe èk tsjoene. It wie myn muoike. Se wie troud mei in broer fan heit. Hja fleach samar op in biezem troch de loft. As se fuort wie, lei der in pânse op bêd. De âld man sei: "Dan miende ik dat...
nl.verhalenbank.38527
35