Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
30 datasets found
Dutch Keywords: brijpan veulen
Under Surhuzum - tusken de nije húshâldskoalle en de moune roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals, seinen se.
nl.verhalenbank.29432
Myn omke, Auke Sipma, dat wie in hiele raren-ien. Op in kear kaem er thús fan Rotterdam. Ik wie doe sa'n fjirtsjin jier âld. "Sille wy fannacht by de spûken lâns?" sei er tsjin my. "Goed", sei 'k. Doe gongen wy nei de krûme Hinne ûnder Driezum. Dêr spûke in fôlle mei in brijpot mei brij om 'e hals. In sleef wie der yn. Mar wy ha dêr neat sjoen. To...
nl.verhalenbank.25828
Op 'e Nije Wei tusken Twizel en Twizelerheide roun in strûpte fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.34474
Yn 'e Harkema, seinen se altyd - roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29431
Oan it Wyldpaed nei Twizelerheide ta dêr roan in omstrûpt inter mei in brijpot om 'e hals (sûnder sleef).
nl.verhalenbank.33440
In fôlle mei in pot om 'e hals spûke op twa plakken yn 'e Rottefalle: Op it eintsje fan 'e grifformearde tsjerke of oan 'e Lange Wyk ta en by 't bigjin fan 'e Rydloane. Op beide plakken wie in boskje. Dy fôlle die neat, mar dochs wienen guon der binaud foar.
nl.verhalenbank.33732
By ús yn Aldegea roan froeger nachts op 'e Heawei in fôlle mei in brijpot om.
nl.verhalenbank.27744
Yn Eastemar, oan 'e Mûzegroppewei, roan in fôlle mei in brijpanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.33651
Oan 'e Spekloane yn Opperkoaten - in forneamd paed - is in fôlle mei in brijpot.
nl.verhalenbank.33686
Yn Kollumersweach roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy spoeke dêr. Guon wienen dêr bang foar. Ek achter Bûtenpost, yn Egypte, roan sa'n fôlle mei in brijpot.
nl.verhalenbank.27989
Op 'e Boskwei, tusken Droegeham en Eastemar roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dat wie by de Lykloane (tusken Boskwei en Langgeastloane).
nl.verhalenbank.29337
By Readskuorre wie in paedtsje, dêr koenen de minsken lâns nei Harkema ta. De oerdeis gongen de measten dêr lâns, hwant dat wie koarter as 't gewoane paed, mar nachts, dan doarsten se dêr net lâns, hwant it sizzen wie altyd dat dêr in fôlle roan mei in brijpot om 'e hals by nacht.
nl.verhalenbank.33554
Heit fortelde ek, yn 'e Rotfalle wie in plak, dêr roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.26173
Op 'e heide spoeke froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.33351
Op 'e Swarte Wei, seinen se, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28371
De kant nei Jistum út spoeket in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.27874
Op 'e Boppewei by de Westerein roan in fôlle mei in brijpot yn 'e bek.
nl.verhalenbank.27445
Yn 'e Koaten roan froeger in strûpte fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29290
Op 'e Mûzegroppewei, seinen se altyd, rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28165
Foar de marechausseekaserne to Bûtenpost roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Mar âlde Tsjerk Hamstra fortelde, it wie net in fôlle, mar in hynder. Hy hie it sels sjoen. In hiele greate pot droech it hynder om 'e hals. It dier roan yn in leantsje oant diz kant de marechausséekaserne. Tsjerk syn soan hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.28008
35