Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: borst Place of Narration: Drachten
Se dienen foar in 40 à 50 jier noch duveldrek ûnder 'e drompel om gjin lêst fan in tsjoenster to hawwen en de bern droegen it yn in pûdtsje op it boarst.
nl.verhalenbank.37934
Jelle Tryntsje wenne yn 'e Grinzer Pein. Sy gong foar in tsjoenster troch. Us mem hie altyd duveldrek ûnder 'e drompel foar har en ús Bauke hie altyd in pod op it boarst. Dan koe se him net bitsjoene.
nl.verhalenbank.32693
Sy leinen by ús ûnder 'e drompel duveldrek. Dan koe Rikele Myt der net oer komme. Wy hienen ek duveldrek yn in pûdtsje op 't boarst. Dat wie ek om net bitsjoend to reitsjen. Duvelsdrek woarde ek wol as genêsmiddel brûkt.
Dy't in nachtmerje keare wol, sizze se, mat moal op it boarst struije. Ik ha ien kear in nachtmerje by my hawn. 'k Wie doe sa'n achtsjin, njoggentsjin jier. Ik lei noch mar krekt op bêd, doe sûze der hwat. It wie it lûd as kom der in pypke jern by de doar del. 't Kom by my op 't fuottenein tolânne, sa hearde it. Dêr ynienen bigjint it by myn fuotten. En...
Wy droegen froeger altyd duveldrek op 't boarst om net yn 'e macht fan 'e tsjoensters to kommen.
nl.verhalenbank.22920
Hinse Beest Yn myn jonge jierren wienen de minsken hjir yn 'e Harkema hiel lichtgelovich. Hjir om ús hinne wienen ferskeidene, ferskeidene betsjoend. Jûnes hienen se slotgatten en alles stoppe, oars koenen de tsjoensters dêr troch fleane . Hjir wenne in âld man, dy neamden se fan Hindrik Pyt, mar hy skreau him fan Ophús. Dy gong foar in tsjoenster. It...
De bern droegen froeger faek in stikje duveldrek yn in pûdtsje op it boarst fanwege tsjoenderije.
nl.verhalenbank.25562
Guon hienen faek de nachtmerje by har. Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
As de bern nachts ûnrêstich wienen, krigen se yn 'e Boelensloane in pûdtsje mei duveldrek op 't boarst.
'k Ha hjir ien hawn, dy hie de helm noch. Der stienen tsien geboaden yn 'e helm. De wiersizter fortelde my, hwa't sa'n helm op it boarst draecht, dy kin neat gebeure.
0