Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: borrel drank Place of Narration: Drachten
Der wie us in doomny, dy mocht graech in slokje. Hy siet wol gauris by Aeltsje yn 'e herberch en dan bleau it net by ien en twa. Op in snein doe siet er yn 'e preekstoel. De âlderling lies de tekst foar út 'e skrift, dêr't doomny oer preekje soe. Mar doomny hie de foarige jouns wer by Aeltsje sitten en wie sliepprich. Doe't de âlderling útlêzen wie, siet...
nl.verhalenbank.23723
Yn Tolbert wenne in persoan, dy hiet fan Wykstra. As dy oan 'e buorrel wie, wist er fan gjin ophâlden. Dêryn wied er krekt lyk as ik. Wy sieten wol us togearre yn 'e kroech. Op in kear trof ik him wer. Ik sei: "Even nei de kroech net?" Hy sei: "Né, ik drink gjin sterke drank mear. Ik drink allinne mar bier." Ik sei: "Hoe nou." Hy sei: "Dat sil 'k dy...
nl.verhalenbank.26061
Der wie in man, dy mocht graech drank. Hy kom faek mei in sneed yn 't ear thús. It wiif woe him dat graech ôfleare. Hja hie 't al faek prebearre, mar 't woe har mar noait slagje. Op in kear, doe wied er wer fuort. 't Wie al tsjin tolven, doe kom se fan bêd ôf en doe die se 't lekken om. En doe wachte se him ôf. Doe't er de doar yn kom, swaeide se mei de...
nl.verhalenbank.32887
Sterke Hearke siet us in kear mei syn broer ergens by in haven yn 'e polderwurken. Dêr stie in herberch en de kastlein klage syn need us in kear oan Hearke. "Saterdeijouns," sei er, "dan komme hjir de matroazen fan 'e boaten, en dy slagge hjir altyd alles koart en klien." Doe sei Hearke: "Wy sille jo helpe." De saterdei-to-jouns dêroan stapten Sterke...
nl.verhalenbank.23634
Alde Nekke fan Noardwyk wie kastlein, mar hy neukte altyd wetter yn 'e romer en hy geat der ek altyd to min yn. Ta straf is er nei de moanne forhuze. As jy by jountiid bûten komme en de moanne skynt helder, dan sit syn âld gesicht der dúdlik yn.
nl.verhalenbank.26132
Der wienen us trije man oan 't houtladen yn Bakkefean. Der wie in kolossale swiere beam by, dy koenen se net op 'e wein krije. "Dit is bilachelik," seinen se, "dit rêdde wy net op." Doe kom sterke Ynse der oan. Dy sei: "Ik doch de jas út, ik sil jimme wol even helpe, mannen." Doe hienen se dy grouwe beam samar op 'e wein. Doe gongen dy trije man yn 't...
nl.verhalenbank.26109
Us heit mocht graech in buorrel en dan gebeurde it wol dat er dronken thús kaem. Dan wie mem mar hwat bang foar him omdat it dan wolris raer gong mei him as er thús wie. Op in kear sieten mem en ik yn 'e hûs. Wy wachten op heit. Wy hienen in losse trap dêr't wy mei op 'e souder komme koenen en doe op in stuit woarden mem en ik beide kjel. De trap foel om...
nl.verhalenbank.37012
Der kom us in ynbrekker by in frou allinne yn 'e hûs. Har man wie krekt fuort. De ynbrekker sei tsjin har: "Dyn jild of dyn leven." De frou sei: "Kom mar yn 'e keamer. Wy ha net folle jild, mar hwat der is, kinst krije." "Goed", sei de rover. "Gean dêr mar sitten," sei de frou, "hwant ik bin wend, de minsken dy't ynbrekke, krije earst twa buorrels." De...
nl.verhalenbank.27017
It is in kear gebeurd, doe roan Ynse troch de buorren fan Bakkefean. Doe wienen der trije mannen dwaende mei 't laden fan beammen op in wein. Ynse bleau der by stean. Der wie ien beam by dy wie folle grouwer as de oaren en dy koenen se net op 'e wein krije. Doe sei ien fan harren tsjin Ynse: "Kinne jo ús in hantsje helpe?" Ynse wie tige stadich yn syn...
nl.verhalenbank.19311
35