Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: boom Place of Narration: Harkema
Oan 'e Lytse Wei stie in beam mei in krús der yn. Dat krús wie dêr fansels yn kom. Dêr by dy beam wie us in frou formoarde woarn. Kapten se dy beam om, dan kom 't krús der wer fansels yn. It groeide der yn.
nl.verhalenbank.22287
Oan 'e Lytse Wei is in dyk mei ikebeammen. Op ien fan dy beammen is in krús. Dat giet noait wer út dy beam wei. Sy ha de beam wol omkapt, mar it krús kom der like goed fansels wer yn. Sy ha dêr us in frou formoarde. Dêr is dat krús doe troch ûntstien.
nl.verhalenbank.22710
By de grouwe ikebeam yn 'e Harkema spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.26246
Aen Klokje (= A. Alma) roan ris op in jountiid allinne by de grouwe beam lâns doe seach er dêr de skime fan in keardel. Dy hie ek samar wer fuort west. It spoeke dêr altyd by de grouwe beam.
nl.verhalenbank.25746
Myn man syn heit fortelde altyd in bulte fan spûkerij yn 'e buert fan 'e dikke beam oan 'e betonwei yn 'e Harkema. Dêr seagen se altyd fan alles.
nl.verhalenbank.25804
By de greate ikebeam hat froeger in dobke west. Dêr kom nachts altyd hwat út, dat hjir en dêr omroan en dan fansels weiwaerd.
nl.verhalenbank.19350
By de dikke beam oan 'e betonwei spoeke altyd in pleachbeest om. Dat seach der út as in grouwe, swarte houn. Lammert Mozes hat dêr in moeting hawn mei dat pleachbeest en doarst der letter noait wer lâns. Dat pleachbeest roan de minsken foarby en joech noait in lûd.
nl.verhalenbank.20132
By de dikke beam yn 'e Harkema is ris ien formoarde woarn. Froeger roannen dêr paden lâns skean oer 't lân. Nachts siet dêr by dy beam altyd in hiel âld-minske. Dat wie deselde dy't se dêr formoarde ha. Hja spûke letter.
nl.verhalenbank.26235
Yn it kampke lân by de greate beam yn 'e Harkema dêr hat in great hûs stien. Dêr hawwe bern west yn dat hûs, dy ha har rêst net krige. Dy spoeken dêr letter om.
nl.verhalenbank.27417
Tichte by de Wopke-poel yn 'e Harkema stiet in dikke hage. Dy hage stie bikend as de Spoekhage. Op in kear kommen ik en myn broer Japik dêr op ljochtskyndei foarby. Doe seach ik dêr by dy hage allegearre lytse wite wyfkes mei gouden earizers op. Der wienen wol sawn, dy sprongen dêr midden op 'e reed yn 't roun. Sy wienen alle sawn gelyk yn 'e klean. Ik...
nl.verhalenbank.28791
10