Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: boom Place of Narration: Houtigehage
Sterke Hearke wie noch in jonge, fortelde heit. Doe wied er us in kear op 't Fean (= Surhústerfean). Doe wienen dêr in stik of hwat mannen, dy losten in wein. Der leinen dikke beammen op 'e wein en dy leinen se iene foar ien op 'e groun. Dêr stie Hearke by to sjen. Doe gongen dy lju yn 'e herberch en kochten in buorrel, mar sy nommen Hearke net mei. Doe't...
nl.verhalenbank.23731
Doe't wy noch yn 'e hûs wienen, wienen wy saterdeijouns oan 'e jui. Sneins leinen wy by 't simmer ûnder 'e wichterbeammen. Wy hienen in houn, dy lei my de kop ûnder 'e earm. Gjin keardel dy't dan by my komme koe, hwant de houn biet him dea. Op in dei lei 'k sa wer us ûnder 'e beam. Dêr kom myn broer Bouwe oanstappen. Dy smoarde my hast. Ik sei: "Dû...
nl.verhalenbank.21686
As de minsken koarts hienen, brochten se dy wol us op in beam oer. Dan bigong de beam to skodzjen. Sy sprieken wylst tsjin 'e beam. Se toknopen de koarts ek wol yn in eintsje tou of stoptried. Dêr dienen se knopen yn en sy smieten it fuort.
nl.verhalenbank.24236
Antsje Marten sei: "Ik ha de kâlde koarts." Ik sei: "Dan matte jo âlde Piter Scheper komme litte." Alde Piter kom en dy krige Marten by 't skouder en hy sei: "Dû bist de koarts kwyt, ik ha him op 'e beam oerbrocht." Doe skodde de beam krekt as in rusk. De beam hie de koarts fan Marten oerkrige.
nl.verhalenbank.23820
Ik wie in jonge, doe hie ik us in kear bot pine yn 'e mûle. Ik nei Piter Scheper. Mar doe't ik by him wie wie de pine yn 'e mûle oer. Doe sei er: "Hoe is 't nou?" "Myn pine yn 'e mûle is oer", sei 'k. Hy sei: "Sjoch, dy beam dy hat it nou, dy skoddet."
nl.verhalenbank.23822
Sterke Hearke woardde us by in kerweike roppen. Der moest in hiele grouwe swiere beam op in wein laden wurde. Dat wie flak by in herberch. Hearke laedde de beam pûr allinne op 'e wein. Doe gongen se nei de herberch ta, mar sy hienen it fatsoen net en traktearje Hearke op in slokje. Doe gong Hearke der út. Hy hat de beam wer op 'e groun falle litten. Doe...
nl.verhalenbank.19589
In skoft letter, doe forkocht Fileman him oan 'e duvel. Hy mocht trije winsken dwaen, dan soed er eigendom fan 'e duvel wurde. De earste winske fan Fileman wie dat er noch tûzen jier leve soe. De twadde winsk wie in stoel mei in kessen, mar in hiel bysûndere stoel. Dy't dêr op siet, koe der sûnder him net wer ôf komme. De trêdde winsk wie in parrebeam...
nl.verhalenbank.23576
Der wie in tsjoenster, dy koe fleane. Hja fleach over bossen, over bomen, over alle waterstromen. Sa gong 't op Spanje yn nei de wynkelder.
nl.verhalenbank.24031
Piter Scheper fan Houtigehage koe de koarts fan in pasjint op in beam oerbringe. De beam bigoun dan to triljen.
nl.verhalenbank.37474
Taeke hie 't mar krap mei syn wyfke Gees. 't Wie yn 'e winter en sy hienen gjin brant. Doe gong Taeke der op út om hout. Hy seach in dikke iken stambeam lizzen. Dy krige er en hy sjoude him nei hûs ta. Njonken de doar smiet er him del. It wie de beam fan in boer en dy gong de oare moarns nei de plysje ta. Hy sei: "Sy ha my de iken stambeam ûntstellen." De...
nl.verhalenbank.23987
Der wienen us guon dy hienen beammen ôfsage. Dy soenen se op in wein lade. Mar 't wienen sokke grouwe beammen dat dy koenen se der net op krije. Hearke kaem der oan op 'e fyts (! 1801-1889 A.A.J.). Hy stapte ôf en sei: "Wachtsje mar, ik sil 't wol dwaen." Doe rêdde hy mei al dy beammen. Doe gongen dy mannen fuort sûnder him to bidanken. Doe hat Hearke al...
nl.verhalenbank.25599
35