Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: boom Place of Narration: Buitenpost
Tusken de grouwe beam en de hoeke fan 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeke altyd in dikke houn, sa great as in keal.
nl.verhalenbank.19485
Op in woansdei-to-joun, koarte tiid dêrnei, wie der in leger katten om 't hûs hinne. Allegearre tsjoensters. "Ik sil mei jimme ôfweve", sei ús Antsje, en doe krige se in koetsenstok. Mar de katten wienen har to fluch ôf. Men kin in tsjoenster allinne mar reitsje mei in stok fan in koetsenbeam of fan in flear. Hwant yn 'e earste krystnacht botte de flear...
nl.verhalenbank.18117
Doe't ik noch sa'n jonge wie gebeurde 't op in kear dat in stik of acht, njoggen man, sa'n ploechje jongfolk, op in joun oan 't kuierjen wie. Sy kommen út 'e kroech en guon hienen 't raer opsein. Doe't se healwei Surhuzum en Stiensgea wienen, sahwat krekt by 't âlde pypke woarde der samar ien út it keppeltsje weismiten, boven oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.26214
Yn Den Andel wie ek in spûkskuorre. De minsken dy't op dy pleats wennen, woarden sa binaud, dat se der wei gong binne. Der stienen allegear beammen om dy plaets hinne. Guon ha dêr wol in frommes foar it glês stean sjoen mei in holle sa wyt as kryt, en 't hier der sleau om hinne.
nl.verhalenbank.16534
Hat men pine yn 'e mûle, dan mat men in stikje út in flearbeam snije, dêr in punt op slypje en dêrmei yn 'e kies ompeuterje oant der bloed komt. Dan mat men dat stikje wer yn 'e flearbeam dwaen. As it goed is, giet de beam út. De flear hat heilich hout, dat brânt men net op.
nl.verhalenbank.19993
oan 'e Lytse Wei tusken Harkema en Droegeham is us in frou formoarde woarn. Doe is der in krús samar fansels yn in beam kom, dêr flakby oan 'e wei.
nl.verhalenbank.22963
Skoanheit wie boerearbeider by Germ de Vries to Droegeham. Hy wenne sels yn 'e Harkema. Hy hie altyd in lantearne fan in stoomfyts by him, as er jouns by de boer wei kom. Dan roan er skean de lannen oer en kom by de grouwe beam lâns (dy't oan 'e Betonwei stiet tusken Harkema en Bomkleaster). Mar op in kear, doe wied er krekt oan 'e grouwe beam ta. Doe...
nl.verhalenbank.19462
Op in kear hie 'k nei Surhuzum ta west mei de tinte. Ik ried de jouns mei de hounekarre wer nei hûs ta. Ik wie op 'e Nije Wei yn 'e Harkema sahwat oan 'e reed fan Tsearde Jouk ta. Doe woenen de hounen ynienen net mear lûke. Sy bleauwen stokstiif stean. Ik wie omtrint thús. Ik moest noch twa hoeken om. Ik ha de karre sels fierder lutsen. Doe't ik thús kom...
nl.verhalenbank.19463
35