Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
23 datasets found
Dutch Keywords: boom werpen
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.126985
Us Sibe-om syn heit ha se wol us boven oer de beammen hinne smiten. Jouns moest hy der faek út. Dan gong er nei 't achterhûs ta. Dêr moèst er dan hinne. Hy wie bot oan 'e drank. De duvel krige him en smiet him. De duvel focht ek mei him. Dan wied er bont en blau en alhiel biblet. Hy wie koetsier to Surhústerfean. It gebeurde faek, dat er mei de duvel...
nl.verhalenbank.21325
Douwe Gosses wie in kaertspylder. By dat kaertspyljen foelen rare wurden. Hy sei 't mâl op. Douwe wenne op Feanwâldsterhoek. Op in kear is er op 'e Presterikker - in âld modderwei - oer de beammen hinne smiten. Dat hat de duvel dien. Doe wied er aerdich bikom.
nl.verhalenbank.19646
De nageboorte van een merrie werd in de boom gehangen. Wanneer dan die nageboorte in de boom geworpen werd, keek het veulen daar naar. Het gevolg zou zijn, dat het dier de kop fier rechtop zou dragen.
nl.verhalenbank.44141
De doornboom van Westerwijck Daar is Hilvarenbeek, met een der overoude moederkerken uit het middeneeuwsche Kempenland. Vrouwe Hilvare gaf haar schoone naam en 'veele willen, dat dese Hilvare de cameniere ofte de dienstmaecht van St. Oda geweest soude syn, daer Rode S. Oden-Roy van genaemt is'... Daar is Gorp, waar die singuliere wijsgeer, historicus en...
nl.verhalenbank.46025
Heine Hellinga roan op in jountiid op 'e singel yn Ikkerwâld (Schwartzenbergloane). Ynienen stapte der in man njonken him. Dy sei neat. Doe sei Heine: "Men seit ek wolris hwat, net?" Heine woarde fan it midden fan 'e wei ôf opnom en oer in beamwâl yn 'e sleat smiten.
nl.verhalenbank.24013
Doe't ik noch sa'n jonge wie gebeurde 't op in kear dat in stik of acht, njoggen man, sa'n ploechje jongfolk, op in joun oan 't kuierjen wie. Sy kommen út 'e kroech en guon hienen 't raer opsein. Doe't se healwei Surhuzum en Stiensgea wienen, sahwat krekt by 't âlde pypke woarde der samar ien út it keppeltsje weismiten, boven oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.26214
Myn heit en mem (Thoma en Klare) reizgen nei de merken ta. Op in nacht ha se in rare gisel makke. Se woarden mei de hounekarre en de fjouwer hounen derby op it Wytfean samar oer de beammen hinne tild en kommen yn 'e sleat tolânne.
nl.verhalenbank.19596
Thomas en Clare hienen ris mei de hounekarre fan Houtigehage nei Eastemarre merke ta west, dêr't se in diske hawn hienen. Underweis op 'e joun woarden se samar optild en mei hounekarre en al oer de beamkes hinne set.
nl.verhalenbank.33788
Der wenne ien yn Surhuzum, dat wie in raren. Dy flokte alles byelkoar, it koe him neat skele hwat er die. Op in kear doe kom er út 'e herberch by Hulshof wei, en doe woarde er smiten. Boven oer de beammen hinne. Hy hat noait sjoen hwat dat dien hat. Mar it hat him de kraech koste. Hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.20682
Alde Ruerd van der Veen wenne yn 'e Harkema. Hy wie timmerman. Op in kear doe hied er timmere yn 'e Hamster Pein. Hy wie op wei nei hûs ta. 't Wie op 'e joun. It bakje mei it timmerridskip hied er op 't skouder. Ruerd wie in wyldeman. 't Wie al hast tsjuster en hy moest oer de houtsjes. De paden roannen dwars troch 't lân hinne. Dat is nou noch sa. Hy...
nl.verhalenbank.27670
teltsje: Der wie us in fisker, dy wie nei de rivier ta gong om to fiskjen. Mar it woe net rjocht bite. Op it lêst, ja hear, doe krige er byt. Mar doe't er ophelle, brocht er in âld tsjettel nei boven ta. Dy tsjettel smiet er by him del en it sin wie der net better op woarn. In skoft letter hied er wer hwat oan 'e angel. Mar doe wie 't in âld sek. De...
nl.verhalenbank.17610
Doe't wy to Himrik wennen beamsagen wy winterdeis faek. Heit kocht beammen en der sagen wy skroaten fan. Dêr woarden hekken fan makke. Doe't ik sa'n seis en twintich jier âld wie, lei 'k op in nacht op bêd en doe goaiden se mei de beammen dat it klonk der oer. Ik wie klear wekker. Ik sei de oare moarns: wy kinne wol bigjinne to beamsaegjen. Mar der wie...
nl.verhalenbank.21014
By it hûske by 't nije tsjerkhôf, dêr't yndertiid de fjouwer bern forbrând binne, stienen froeger greate poepelieren. Der wie in man, in sekere Jan Weening, dy woarde oer dy poepelieren hinne smiten. Hy kom wer op syn fuotten tolânne. De man mankearde neat.
nl.verhalenbank.20691
Atse Benedictus op 'e Kletten fortelt: Wy liezen sahwat mei ús tsienen of achten op Feansterheide de krante. De âlde kranten woarden fordield by 't kranterekkenjen. Dan komme se byelkoar yn 'e herberch. Ien kear stjûrde heit my dêr hinne, doe koed er sels net. Dy hiele joune ha se dêr oars gjin praet hawn as oer spoekjen en tsjoenen. Ik wyt der mar in...
nl.verhalenbank.21113
Hie in hynder in fôlle smiten, dan woarde it ûngâns fan it hynder yn in hege beam ophong. Hwat heger hwat better. De fôlle woarde dan in best tuechhynder.
nl.verhalenbank.27748
Op 'e Feansterheide roannen froeger skeanpaedtsjes troch de heide hinne. Dêr stienen beammen by lâns. It is faek gebeurd dat dêr minsken smiten woarden.
nl.verhalenbank.23840
Ruerd van der Veen wie noch út myn famylje. Hy wenne yn 'e Harkema en wie by 't timmerjen. Mike Ruerd seinen se tsjin him. Op in kear kom er fan Eastemar. 't Wie yn 'e nacht. Sa kom er op 'e Mûzegroppe, doe seach er dat der ien foar him oproan. Hy rôp tsjin dyselde: "Wachtsje even, dan wol 'k mei dy rinne!" Mar dy oare sei neat werom en roan troch. Doe...
nl.verhalenbank.28323
Yn Stiensgea stiet in kroech. Dêr siet us in ploechje jongfolk op in joun. It wie in dronkemanssoadtsje. Dy fierden dêr dy jouns op har menier it heilich avondmael. Doe't dat gebeurd wie moesten se nei hûs ta. Doe is ien fan dy mannen oer de beammen hinne slingere woarn, by de wei lâns. Letter doarst er nergens mear allinne hinne. Syn frou moest altyd...
nl.verhalenbank.25979
Yn 'e Hamsterheide wenne us in man, dy wie sterk oan 'e drank. Hy spotte altyd mei de duvel. Doe woarde er op in kear samar oer de boskjes hinne smiten, dêr't er foar dea lizzen bleau. It wiif hat him de oare moarns op in karre nei hûs ta brocht. Hy hat gâns in skoft siik west.
nl.verhalenbank.21249
35