Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: boer Place of Narration: Twijzelerheide
Eibert Veenstra wenne ek yn 'e Westerein. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Hy wie boer en fékoopman tagelyk. 't Wie yn 'e hjerst en om by him to kommen moest men in hiele smoarge modderreed lâns. 't Wie in hiel ein en 't wie ien en al brabze. Hindrik van der Veen ried altyd mei bargen nei Ljouwerter merke ta. Op in kear soed er bargen fan Eibert ophelje. 't...
nl.verhalenbank.27387
Ik hie in buorman, dy fortelde my, der wie in boer, dy hie in faem. Dy faem koe net in feint krije. Doe waerd it merke en dêr woe hja hinne. Doe't it joun woarde, sei se: "Nou krij 'k joun in feint, as wie it de duvel ek." Mar hja krige dy jouns net in feint. Doe gong se nei hûs ta. 't Wie sahwat acht ûre, it iten wie dien. Doe kaem der in hearskip oan....
nl.verhalenbank.38312
Yn 'e Westerein wenne Sterke Dedde. Dy ried mei in tsiiswein Grinslân yn en sliepte nachts by de boeren. Op in joun kom er wer ris by in boer. De boer sei: "Soenen jimme ek even mei nei 't lân kinne? De bolle is út it lân brutsen en is by de melke beesten." De boer en syn folk hienen al in pear kear prebearre de bolle dêr by wei to heljen, mar de bolle...
nl.verhalenbank.27385
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach. Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k. "Hwerom net?" frege de boer. "It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005
Ik wie ris oan 't fervjen by Sjoerd Visser yn Bûtenpost. Syn heit Gjert Visser wie hjir geboaren en getogen dat wy koenen skoan meielkoar prate. Wy krigen it oer tsjoenderije ensa. Doe fortelde Sjoerd my: "Myn heit Gjert Visser hie hwat buorkerije en tagelyk wied er ek sa'n bytsje fékoopman. Hy hie ris trije biggen kocht: twa swarte en ien witen-ien. Dy...
nl.verhalenbank.28702
Feije Wagenaar en lytse Ljibbe wienen twa kameraten. Sy wennen yn Burgum. Feije wie nochal hwat oan 'e drank. Ljibbe wie fûger en Feije wie metseler. Op in kear wienen se togearre it fjild yn, 't wie yn 'e winter. De iene sei tsjin 'e oare: "Ik forrek fan 'e honger." Sy wienen krekt by in boereplaets. Ljibbe sei: "Sil ik ris nei de boer ta gean om to...
nl.verhalenbank.28338
Egbert Golo hie in bolle, dêr reizge er mei by de boeren lâns. 't Wie in hiele grouwe bolle. Dy bolle hie wolris nukken. Dan hied er in min sin en wied er lulk. Dan sette er 't tsjin Egbert yn 'e kant. Dan sei Egbert tsjin 'e bolle: "Wolstû, bliksem, net om 't lyk?" En dan pakte er dy bolle by de bek en oan 't ear beet en dan die er ien swaei, en dan lei...
nl.verhalenbank.28847
Ek us in kear doe sieten de plysjes achter him oan. Japik Ingberts siet by in boer op it potrak - dat wie in peal mei in rad - en hâldde in praetsje mei de frou. "Kenne jo Japik Ingberts ek?" frege de frou. Hwant dêr wie se binaud foar. "Nou," sei er, "dat ik him net ken, kin 'k net sizze. Mar hy sit al op it rad, hear!" Doe wie de frou gerêst.
nl.verhalenbank.23426
Der wie in faem, dy woe graech nei de kermis ta. Mar de boer sei: "Dû mast earst de rogge op it lân yn skeaven bine." Mar dêr lei safolle rogge op it lân, dat koe ien minske allinne noait op in dei dwaen. De faem gong nei 't lân ta en sy sette har de kermis mar út 'e holle wei. Doe kom dêr in menearke oan en dy frege har: "Hwerom bistû net nei de kermis?"...
nl.verhalenbank.20116
Doe't ik yn Kloosterburen by de boer wenne, wie dêr nachts faek 'voorbereiding'. Dan koe 'k net sliepe. Dan gong de tsjerne sa'n hiele nacht troch, wylst der net ien by wie. Hwant oeral is nachts 'voorbereiding' fan.
nl.verhalenbank.20102
De dichter Joost van den Vondel moest nei Leiden ta. Hy wie to gean, mar doe kom der him in man achterop mei hynder en wein. Vondel tinkt: "Miskien kin 'k mei ride." Hy koe de boer wol, dy't op 'e wein siet. Dat wie net sa'n bêsten ien. Nachts dan forweide er syn beesten yn in oar syn lân. Dat wist Joast allegear wol. "Kin 'k ek mei ride?" frege er. De...
nl.verhalenbank.28399
Yn 'e stêd wenne baes Idzerda. Dy hie wol fiifentwintich feinten. Hy wie tige fyn, mar skynfrom. 't Wie in koekert. It folk neiride, dat koed er. Ik haw sels ek by him yn 't wurk west. Der wie ien feint, dy hie dêr al jierren west. Op in moarn doe kom dy feint hwat to let op 't wurk. De âlde Idzerda trof dat. "Jonge," sei er, "doe bist wat te laat." "Ja...
nl.verhalenbank.28401
Yn Kloosterburen tsjinne ik by in roomse boer. Dêr wie 'k forlegen fan 'e nachtmerjes. Doe sei de boer tsjin my: "Ik sal dy helpn, wicht." Doe struide er roggemoal op 'e stoel foar myn bêd. Doe krige ik gjin lêst mear.
nl.verhalenbank.20108
Heit wie der op út om meanderssinten. Hy hie foar de boer meand (mei de seine doe noch), en nou wie er nei dy boer ta. Doe't er 't jild bard hie en wer op hûs ta soe, stie der ynienen in pleachbeest foar him. 't Wie tusken alve en tolve ûre. 't Wie krekt in grouwe houn. Hy gyng oerdwars stean en kearde heit. Heit koe der net troch. Doe is heit even werom...
nl.verhalenbank.28434
Der wie in boer, dy forkocht in kou oan 'e slachter. Mar dy kou wie to djûr. De slachter hie der to folle foar bitelle. De slachter slachte de kou, mar doe sei er tsjin syn feint: "Wy matte dat jild wer ha. Sa net goedskiks dan kweaskiks." Doe gong er yn 'e nacht nei de boer ta mei syn feint. Hy hie sjitark meinaem. Mar dy boer hie hiel tafallich de jouns...
nl.verhalenbank.38330
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten. De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38324
Hjir op 'e Heide wennet in frommeske, dy hat froeger as faem wenne by Knjillis Gearts van der Veen oan 'e Simmerdyk by Hurdegaryp. Dy boer is doe formoarde woarn. Hy hat fan tofoaren witten, dat dat gebeure soe. Hja hie fan tofoaren sjoen dat ien him formoarde.
nl.verhalenbank.38331
35