Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: boer zeggen Place of Narration: Drachten
Sytse van der Lei en Ealse Kooistra wienen togearre yn tsjinst. Se hienen beide forkearing. Ealse hie forkearing mei in nicht fan my. Hy mocht graech in buorrel. Op in kear soenen se togearre my forlof nei hûs ta. De jouns stutsen se oan. Ealse hie fiersto folle hawn. Hy die 't mâl en sei 't raer op. It gong op in razen en roppen en healwiizjen. "As der...
nl.verhalenbank.37802
Ik tsjinne yn Gaaikemaweer. 't Leit yn Grinslân, achter Niehove. Ik wenne doe by myn skoanâlden yn. Skoanheit en ik wienen arbeider by deselde boer en syn dochter wie dêr faem. It arbeidershúske dêr't wy yn wennen stie in twintich menuten geans fan 'e plaets ôf. Skoanheit krige wurden mei de boer (Tilma) en rekke lulk fuort. Doe makke ik my ek lulk, hwant...
nl.verhalenbank.19849
In jonge moest in pakje foar de boer nei ien ta bringe yn 'e buorren. Doe sei de boer tsjin dy jonge: "Dû jowst it pakje mar oer en dû seist: - de groetnis fan 'e boer en hjir is 't pakje -" Doe't de jonge dêr kom, en de doar gong iepen, sei er: "De groetnis fan 't pakje, en hjir wie de boer."
nl.verhalenbank.32940
Der wienen in faem en in feint dy tsjinnen by in boer. De boer en de frou gongen ris op in kear to praten. Hja hienen al iten ré set foar de feint en de faem, mar de feint mocht sa dealese graech pankoeken. Doe't de boer en de frou fuort wienen sei de faem tsjin 'e feint: "Ik sil pankoeken bakke, dan triuw ik de papegaei ûnder 'e hantsjettel." De feint en...
nl.verhalenbank.32892
Der wenne in boer to Súd-Drachten. Japik Ingberts kaem ris by him om in soadtsje jirpels to freegjen. "Mei alle leafde," sei de boer, "mar op ien bitingst. Jo moatte my dêr ris hwat fiten út jou libben foar fortelle. Hwat jo alsa útheefd ha. Kom snein-to-moarn mar." "Krij 'k dan myn jirpels?" "Bêst", sei de boer. De snein-to-moarns, dêr wied er al. De...
nl.verhalenbank.11495
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74. Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Sterke Hearke wie ris op it lân oan it ploeijen. Doe kom der in man by him dy woe graech wite hwer't dy en dy boer wenne. Mar dat wie sterke Hearke. Hearke hie in hynder foar de ploege oan 'e jageline. Hy tilde mei ien hân de ploege op en wiisde dêrmei it plak oan en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37921
Tinalinge is in soarte fan gehucht yn Grinslân. It leit tichte by Mensingeweer. Dêr stie in boerepleats. Dêr tsjinne in sawntich jier lyn in faem, dy hie in wyld hier yn 'e nekke. Hja koe noait in fatsoenlike feint krije omdat se sa bluistrich wie en sa wyld en alles der mar útflapte hwat har foar de mûle kaem. Op in kear doe wie 't kermis. Dêr woe se...
nl.verhalenbank.19844
Der wie in boer, dy hie in sike koe. Hy liet de féarts komme. "Hokker koe is it?" frege dy. "Ja, dat matte jo sels mar útmeitsje," sei de boer, "jo binne op 't lêst féarts." De féarts tochte: "'k Sil dy wol ha." Hy ûndersocht de beesten ien foar ien en op it lêst foun er de koe dy't siik wie. Doe't it nijjier west hie stjûrde er de boer de rekken, dêr't...
nl.verhalenbank.23448
35