Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
37 datasets found
Dutch Keywords: boer trekken
Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner. It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer. "Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it. "Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...
nl.verhalenbank.24704
Durk-om (= Durk Bouvin) en Jan Taekema dy hienen togearre op 'e sutel west mei matten. Dy hienen se op in karre. De jouns kommen se werom. Sy wienen sahwat by Swarteweisein. Durk-om lei yn 'e karre en Jan Taekema luts de karre foarút. Dat dienen se beurt om beurt, dan koe de iene nou en dan hwat útrêste. Mar by Swarteweisein woe de karre ynienen net...
nl.verhalenbank.23875
Vroeger en dat is waar gebeurd, werden de mensen van de weg getrokken, met paard en wagen, door een geest. D'r reed een boer over de Kamperdijk van Benschop naar IJsselstein. Die wier met paard en wagen in het water getrokken. Door die geest!
nl.verhalenbank.50905
Jehannes Meerstra hat tsjinne by Doede Postma. Dy wenne oan 'e Simmerdyk, oan 'e kant fan Burgumerheide. Op in moarn krigen Jehannes en de boer wurden, wylst se by de thétafel sieten. Doe soenen se dongride. Jehannes hie in wein laden. De boer hie de beide hynders klear. Dy spande hy der foar. "Fuort, beesjes", sei er. Mar de hynders bleauwen stean dêr't...
nl.verhalenbank.21120
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op it Bomkleaster. Rienk van der Meer wie dêr ek. Dy fortelde, sy hienen ris in kear sân helle fan Droegeham. It sân moest tusken de plaets en 't hok yn. Dêr koenen de hynders net tusken. It sân moest dêr lege wurde, dat de wein moest dêr hinne. Hearke gong oan 't tiksel stean en luts it weinfol sân yn 'e gloppe. De...
nl.verhalenbank.27633
To Aldegea wenne ek in hiele sterke keardel. Dy woarde altyd neamd: de luije boer. Dy boer wie ris yn 'e ûngetiid. Doe rekke er mei in foer hea en in âld swart hynderke derfoar fêst yn 'e skuordoarren. It hynderke koe't net mear dwaen. Doe hat dy boer it hynderke útspand en doe hat er it foer hea, dat klem siet sels los skuord en ta de skuorre yn lutsen.
nl.verhalenbank.33336
Spookdieren Een jonge boer had ongeveer veertig jaar terug iets zeer eigenaardigs meegemaakt. Hij kwam op zondagavond een beetje laat thuis van de meid en ging naar bed. Hij had in het geheel niet gedronken. Nauwelijks echter lag hij op bed of hij hoorde de konijnen schreeuwen. Hij stond op, daar hij dacht, dat er iemand was binnengebroken om ze te...
nl.verhalenbank.13434
Yn Olterterp by 't Godloas Tolhek spoeken altyd twa om. Dat wienen de adfokaten. De minsken koenen dêr gâns hinder fan ha. Doe ha dêr twa boeren hinne west mei in boerewein, mei twa hynders der foar. En dy ha dy beide spoeken op 'e wein set. Doe binne se mei dy spoeken fuortriden. Mar it ried ôfgryslike swier. De hynders koenen it hast net lûke. De boeren...
nl.verhalenbank.11551
Sterke Hearke wie boerearbeider op it Bouwekleaster by Jan Binderts Kloosterman. Dêr wie ek in omkesizzer by Jan Binderts. Dat wie Germ de Vries. Se wienen us oan 't dongriden. Hearke mei noch in arbeider laedden togearre dong op 'e wein en stienen yn 't skerngat. Op it lân stie ien arbeider to oplûken. Jan Binderts brocht de dong nei 't lân ta. Hearke...
nl.verhalenbank.17691
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks Kloosterman op it Bouwekleaster. (Doe't Bindert Japiks stoar, haw ik noch leedbôlle fan 'e bigraffenis hawn) Se wienen by Bindert Japiks oan 't dongladen. De skerne woarde leechmakke. Twa hynders wienen foar de wein spand, mar doe't se de dong der op laden hienen, siet de wein fêst. De beide hynders koenen him...
nl.verhalenbank.19550
Zo'n jaar of veertig geleje had je hier een familie, boeren uit Zeeland. Een dochter in dat gezin, die dee spiritistisch. Een ouwe boereknecht, die daar werkte, die heb me is verteld, d'r moest een kalf gebore worden, ze zatte achter de koei en 't kalf kwam d'r maar niet af. Affijn, die boerenknecht naar binne. Toen zeje ze: "Trek 't d'rmaar af'. Die...
nl.verhalenbank.70525
Der wie in boer, dy wie oan 't heamennen mei in hynder foar de wein. Sy moesten by de Foarwurker brêge op. Dêr liet it hynder it foerke hea foar stean, hy koe 't net lûke. Doe sei dy boer tsjin syn jonge: "Gean dû even nei Hearke ta (Sterke Hearke) en freegje of dy even mei skouwe wol. Dy jonge helle Hearke op. "Kin 't hynder it net dwaen?" frege Hearke....
nl.verhalenbank.25899
Sterke Hearke hat us by in boer op it Bomkleaster pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen. De boer woe 't net leauwe, doe't se it him fortelden, mar doe is er der hinne gien en doe seach er in pear soallen fan skuon op 'e skerne lizzen. Hy naem se yn 'e hannen. Dy soallen wienen fan Hearke syn skuon. Dy wienen der ûnder 't lûken ûnderwei barst.
nl.verhalenbank.21208
In de Purmer stond vroeger een groote boereplaats. Daar werd voortdurend kaas gestolen. Dit begon de boereknecht te verdrieten, daar hij er telkens van verdacht werd. Hij zon dus op een list. Op de plaats waar telkens kaas gestolen werd, maakte hij een strik die hij op een bizondere manier bevestigde. Toen 's nachts de dief weerkwam, moest hij om de kaas...
nl.verhalenbank.8847
By in boer op Burgumerheide gebeurde it us dat de tsjernmoune de hiele nacht trochdraeide, sûnder dat der hynders foar roannen.
nl.verhalenbank.21366
To Aldegea, dêr't nou Sibbele Douma wennet, stie froeger in great foarnaem hûs mei in gracht en in brechje dat omheech lutsen wurde koe. De boer en de frou wienen fuort, mar it folk wie thús. Doe kom dêr in man mei in great pak oansetten. Dy handele yn doeken, lapkes en sok spul. Hy frege of er dêr it pak wol delsette mochte. Nou, dat koe wol. Moarn kom...
nl.verhalenbank.12196
Der kaem ris in reizger út Ljouwert wei, dy gong nei Droegeham ta. Hy moest by Sterke Hearke wêze. Hy kom de wei del. Doe wie dêr in boer oan 't ploeijen. Doe sei dy reizger tsjin dy boer: "Witte jo hjir ek hwer't Sterke Hearke wennet?" "Jawol", sei dy boer. It wie Hearke-sels. Hy loek de ploech achterút. Hy tilde him op en sei: "Sjoch, hjir stiet er en...
nl.verhalenbank.38346
Dronken spotter kaam om Der wenne ris in boer yn 'e omkriten fan Easthim, dy wie sa oan 'e drank ferslingere, dat hy liet de hiele buorkerij fersleaukje. Alle moarnen tocht er, ik moat hjoed in bytsje minder drinke en mear oan 't wurk dwaan, mar der kaam noait wat fan— de drank hie him yn 'e macht. Men kin fan tinken wol ha, dat it der yn dy...
nl.verhalenbank.12962
Ergens stie in boereplaets. Op in kear wienen de boer en de frou fuort. De faem wie mar allinne thús. Hja hie de doarren allegear fêst, mar midden yn 'e nacht kommen der nachtbidders by de doar, dy fregen om hwat. Mar de faem joech se neat omdat de boer en de frou fuort wienen. Doe skouden se in finster omheech en ien kroep mei de holle ûnder 't rút...
nl.verhalenbank.24224
Yn Surhústerfean wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Hy sei, op dy en dy dei en op dy en dy ûre soe dy en dy boer stjerre. "'k Wyt noch mear", sei er. "As se de wein yn oarder meitsje sil de arbeider twa swarte hynders by de boer út it lân helje." (De boer hie wol fiif hynders) "Mar dy hynders sille net in stap gean kinne. Dan sil er in bûnt hynder...
nl.verhalenbank.24609
35