Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: binnenkomen deur
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. De minsken kinne moal struije, dan komme se net. Of de klompen achterstofoar foar 't bêd sette. Dat dienen wy altyd. Ek wol omkeard foar de doar. De nachtmerjes ride nachts op hynders om. Dan meitsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.22762
As ien sawn op elkoarfolgjende dochters hat, is ien fan dy dochters in nachtmerje. In nachtmerje komt by oaren yn 'e hûs troch 't kaeisgat hinne en soms ek wol ûnder 'e doar troch. As men in fleartokke ophinget foar 't bêd kin men de nachtmerje keare.
nl.verhalenbank.25524
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein. Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette. En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
As men lêst hat fan 'e nachtmerje, dan hat de duvel jin topakken. In nachtmerje is in frommeske. 't Is ien fan sawn dochters, as dy op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. Wol men der gjin lêst fan ha dan mat men de klompen mei de hakken nei de doar ta sette. Se komme ek by de hynders. Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.27243
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan sawn famkes dy't opelkoar folgje yn in húshâlding is in nachtmerje. Sy kinne oeral troch; troch 't kaaisgat, ûnder 'e doar troch en troch kieren. Sa komme se by de lju yn 'e hûs. Se komme ek by hynders. Se leinen wol in wiete dweil foar de doar del om der gjin lêst fan to hawwen. Se struiden ek wol moal op 't...
nl.verhalenbank.25921
In nachtmerje komt troch 't slotsgat, sizze se. Ik set altyd de klompen noch achterstofoar foar de doar. Dan kin de nachtmerje der net yn rinne, sizze se. Ik lit foar de nacht ek noait in mes bleat op 'e tafel lizze. Ik stopje 't altyd wei ûnder 't thébledtsje of sa. In nachtmerje kin men noait fange, dy glipt jin altyd ta de hân út.
nl.verhalenbank.28041
7