Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: bezitten kogelvrij
Us pake en dy hienen in helm fan ien fan 'e bern. Dêr wie dat bern mei geboaren. Dy helm koe pake djûr forkeapje. De dokter wie der tige hyt op. Hy sei: "Daar wil ik van der Veen wel veel geld voor geven." Mar pake die't net. Letter hat pake dy helm fuort dien. Dy't sa'n helm yn besit hat is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.22003
De dokters wolle graech sa'n helm ha. Se wurde dêrom faek achterútmoffele, hwant se binne in protte jild wurdich. Sa'n helm wurdt djûr forkocht. Dy't sa'n helm yn bisit hat, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.38503
De dokters woenen froeger graech sa'n helm ha. Dy knoffelen se achterút en dan forkochten se him djûr. Dy't sa'n helm yn bisit hie, woarde der sein, wie kûgelfrij.
nl.verhalenbank.25779
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Der wurdt ek wol sein, dy't in helm kocht hat en yn syn bisit hat, dy is kûgelfrij. Yn de regel wurdt de helm forkeard ôflutsen. De helm is in lyts trijehoekich stikje fel. It mat nei boven ta lutsen wurde. Dan krijt it bern gjin lêst en hoeft er letter neat to sjen. Mar gewoanlik lûke se it nei oerdwars ta ôf....
nl.verhalenbank.21050
De frijmitselders hawwe in wûnderdaelder. Dêrtroch ha se altyd wol sinten om hannen. Men kin har ek net deasjitte; se binne kûgelfrij. Elk jier mat der ien dea. Der wurdt om lotte, hwa't dat wêze sil. Dokter van Stapelen fan Grou wie ek frijmitselder. Dy hat himsels forjown, doe't it lot him trof dat er stjerre moest. Dy't ienkear by de frijmitselers is...
nl.verhalenbank.31324
Dy't in helm yn bisit hat, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.20348
Dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Ek deselden dy't sa'n helm yn bisit hienen, wienen kûgelfrij. De froedfrou wie altyd och sa hyt op sa'n helm. Dy knoffele se meast achterút.
nl.verhalenbank.20516
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Ek deselden dy't sa'n helm yn besit ha. Dêrtroch binne dy helms sa djûr. De dokters knoffelje se achterút, dy binne der gleon op.
nl.verhalenbank.24173
Frijmitselers binne kûgelfrij. Hja forflokke alles, as hja frijmitselers wurde. Hja forkeapje harsels oan 'e duvel. Trochdat se in wikseldaelder ha, ha se noait gebrek oan jild. Hja hingje de lege ponge op, dy't de duvel wer fol makket.
nl.verhalenbank.29481
Deselde dy't yn 't bisit is fan sa'n helm, is kûgelfrij. Dêrom hienen de hege militairen yn 't leger froeger sa'n helm dy't se kocht hienen en by har droegen.
nl.verhalenbank.31636
Dy't mei de helm geboaren is, is ek kûgelfrij. Ek deselden dy't sa'n helm yn bisit ha. De frijmitselders binne ek kûgelfrij, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22137
35