Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: bewaren verandering
Der wienen ek twa skoalfamkes, dy rounen altyd by Brante Willemke oer 't hiem. Doe joech Willemke ien fan dy famkes ek ris in grouwe apel. Dat famke biwarre dy apel, se iet him net op. Hja lei him yn 't laed fan in kastje. Op in dei, doe't it thédrinkerstiid wie, soe se de apel dêr wei krije, mar doe wie 't in grouwe pod. As 't famke dy apel fuort opiten...
nl.verhalenbank.29750
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Tsjoensters foroarje har yn katten. Dy katten forgaderje. Hja tsjoene krânsen yn 'e kessens fan 'e minsken dy't se bitsjoene. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompels. Dan koe de tsjoenster der net oerhinne komme. De bern droegen duveldrek op it boarst.
nl.verhalenbank.29595
As men froeger in apel fan in tsjoenster krige, dan moest men hinnegean en liz dy apel yn in panne en set dy panne op 't fjûr. Dan kom de tsjoenster om 'e glêzen. Biwarre men de apel yn in sluten ding dan wie de apel de oare deis in kikkert of in pod.
nl.verhalenbank.22903
Ik ha wolris heard dat ien in apel fan in tsjoenster krigen hie. Hy burch him op en doe't er him letter opite soe, hie 't in pod west. Ik sei froeger altyd tsjin ús bern: Tink derom, as in frou jim in apel jaen wol, net opite!
nl.verhalenbank.25476
Yn Feanwâldsterwâl moesten twa famkes ris foar har mem nei in winkeltsje om boadskippen. 't Wie in âlde frou dy't dat winkeltsje der op nei hâldde. Dat minske mocht it jongste famke wol lije, mar it âldste net. Hja sei: Myn suertsjes binne op, mar hjir hastû in apel fan my. Doe krige it âldste famke in hiele moaije apel fan har. Doe't se dêr mei thúskaem...
nl.verhalenbank.31049
Ik ha wolris heard dat, as men in apel krijt fan in tsjoenster en dy biwarret men, dat it dan in pod wurdt.
nl.verhalenbank.25367
Ien krige hjir in apel fan in âld minske. Dy waerd fuort net opiten, mar weilein. Doe't se him opite soenen, wie 't in pod. Dat âld minske, dêr't dy apel fan wie, wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.29788
Brante Willemke wie ek in tsjoenster. Op in kear, doe wie der in famke, dat krige in hiele moaije grouwe apel fan Willemke. It wie sa'n moaije apel, hja poetste him glêd, dat it bigreate har om him fuort op to iten. Hja lei him yn 'e kast del. In pear dagen letter soe se de apel krije en him skile. Mar doe wie de apel fuort en der siet in grouwe pod yn 'e...
nl.verhalenbank.29749
Der wurdt wol seit dat as men in apel krijt fan in tsjoenster, dat dy yn in pod foroaret, as men him biwarret. Myn suster wennet yn 'e Harkema. Dy giet ek foar in tsjoenster troch. Men wyt net hwat dêr fan wier is, fansels, mar ik haw it ek net rjocht op har stean. As se hjir froeger by ús kom, nom se de bern altyd hwat mei. As de bern dat dan opieten,...
nl.verhalenbank.19875
35