Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
21 datasets found
Dutch Keywords: betoveren Place of Narration: Veenwoudsterwal
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben. Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Myn broer Foppe wenne op 'e Streek. Dy hie in baerch mei biggen. Dy wienen allegearre rûch en smoarch en gammel. Se wienen forjown. Syn kij forsmieten de keallen. It wie dúdlik, de boel wie dêr bitsjoend. Doe gongen se nei Wopke Minke ta. Minke joech har in stik guod mei. 't Like wol in stik fan in brânde baelder. Doe moesten se dat op in trochbrânde...
nl.verhalenbank.38073
Hy hat ek ris in petroaljekarre stil stean litten. Doe woenen de hounen net mear lûke. Sokke dingen die er altyd.
nl.verhalenbank.38098
Myn omke sei altyd tsjin Binne: "Ik warskôgje dy ast my hwat dochste, hwant dan slach ik dy dea." Dan sei Binne: "Ik doch dy neat."
nl.verhalenbank.38072
Binne kastelein wie in gefaerlik man. Hy bitsjoende it fé. Soms wienen alle bargen samar dea, as hy der west hie. Ek minsken bitsjoende er wol. Der waerd froeger by ús in gat yn 'e drompel boarre en dêr waerd in stik duveldrek ynlein. Dat wie foar tsjoenderije.
nl.verhalenbank.38070
Ik wie senuwsiik. Dokter hie sein: It allerbêste dat jo mar krije kinne, matte jo ha. Dat koe 'k net krije. 't Mocht ús net barre. Ik wie 27 jier. Ik tsjinne by in oar. De frou sei tsjin my: "Myn beppe hat in ekster yn 't liif, jo kinne der ek wol us ien yn ha, hwant it kin raer gean mei dy tsjoenderije. Ik tink dat der kweaminsken oer jo geane." Der...
nl.verhalenbank.21910
Op in kear wie der in muoike fan my bitsjoend. Hja hie krânsen yn 'e kessens. Doe gongen se foar har nei Sumarreheide ta, dêr wenne de duvelbanner Piter Poes. Dy kom by har op in karre, mei twa hounen der foar. De hounen koenen op 't lêst net mear lûke, sa swier loek it, sei Piter Poes. Hwat Piter Poes oan muoike dien hat, wyt ik net, mar doe't se pisje...
nl.verhalenbank.37965
Us heit en dy ha trije Hindrikken hawn. Dêr bin ik allinne fan oerbleaun. De oare beiden binne stoarn doe't se noch lyts wienen. Se seinen altyd Binne kastelein (= Binne Kloosterman) hie se deatsjoend. Greate Wopke hat in kear by my west. Doe wie 'k noch mar in pear wike âld. Ik wie siik en sy tochten dat ik deselde wei gean soe as de beide oare...
nl.verhalenbank.38075
Ridzert van der Veen syn wiif lei yn 'e kream. Baeije wie dêr kreamwarster en dy hie har bitsjoend. Doe gongen se nei Piter Poes ta fan 'e Sumarreheide. Dat wie in duvelbanner. Piter Poes kom mei de hounekarre. Hy wipte om mei de karre doe't er op 'e hoek wie fan Feanwâldsterwâl. Dat wie 't wurk fan 'e tsjoenster; dy woe him dêr net ha. Doe ha se him wer...
nl.verhalenbank.38077
Us mem wie altyd deabinaud dat wy hwat fan in tsjoenster oannimme soenen en dat opite. Hwant dan wienen wy bitsjoend.
nl.verhalenbank.37860
Wie der in bern siik dan waerd der al gau tocht dat it wolris bitsjoend wêze koe. Dan gongen se hinne en toarn it holkessen los en dêr sieten dan soms fearrene krânsen yn. Wie dat it gefal dan wienen se der wis fan dat it bern bitsjoend wie. Der siet fan alles yn dy krânsen binaeid: allegearre lapkes en knipsels en triedden, guod dat by 't naeijen en...
nl.verhalenbank.37861
De tsjoensters bitsjoenden meastal bern. Dan kommen der krânsen yn 't kessen, dêr't it bern mei de holle op lei. Dan gongen se nei Wopke ta en dy joech in drankje mei foar 't bern. Dêr mochten gjin egen oer gean. De krânsen woarden forbarnd.
nl.verhalenbank.38176
't Gebeurde wol gauris dat de tsjerne bitsjoend wie. Dat wie dan it wurk fan in tsjoenster. Dan koenen se gjin bûter krije. Dan moest de tsjerne leechmakke wurde.
nl.verhalenbank.38189
Fije Antsje hat Baeije yndertiid bitsjoend. Doe ha se Piter Poes der by helle. Dy wenne op Sumarreheide. 't Wie in duvelbanner. Hy kaem op 'e hounekarre. Doe't er 't minske bihandele hie moest se pisje. En doe pisse se in pod.
nl.verhalenbank.38177
Frâns Petroalje helle ris in fet mei petroalje fan 'e boat. Dat rolle er oer de wei, mei hekken der oan. Doe passearde er Jehannes Meerstra, dy sei tsjin him: "Pas op, dat dy hekken der net ôfgean, hwant dan kinne jo de petroalje net thús krije." "Né," sei Frâns, "mar dat is noch noait in kear gebeurd." Hy hie 't net sein of dêr leinen de hekken der ôf....
nl.verhalenbank.38179
In tsjoenster foroare har soms yn in kat. Hja bitsjoende de bern. Dan kom der in krâns fan fearren yn 't holkessen. Mei dat kessen setten se nei de duvelbander ta, dy't in drankje joech. De krâns moesten se forbrânne.
nl.verhalenbank.38208
Dy kreamheinster bitsjoende ek bern. Dan kommen der krânsen yn it bern syn kessen. Guon woenen har net yn 'e hûs ha. Guon dienen duveldrek ûnder 'e drompel. De bern droegen it yn in pûdtsje op it boarst.
nl.verhalenbank.38045
Op 'e Wâl wenne froeger in tsjoenster. 't Wie in kreamheinster. Dat minske hat op in kear in kreamfrou bitsjoend, nei't se sizze. Doe hellen se âlde Piter Poes op, de duvelbander fan Sumarreheide. Hy lei yn 'e hounekarre, sa kaem er by de kreamfrou. Hy bihandele 't minske, en doe't se pisje moest, pisse se in pod.
nl.verhalenbank.38044
Jehannes koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.38097
Jehannes koe soldaetsjes marsjeare litte, dy't er ta de hurddobbe út komme liet. Hy koe de froulju ek de rokken ôfsakje litte. De froulju wienen deabinaud foar him.
nl.verhalenbank.38082
35