Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Alde Klaes Skeltes Tryn koe fleane.
nl.verhalenbank.12238
Jehannes koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.38097
Hy hat ek ris in petroaljekarre stil stean litten. Doe woenen de hounen net mear lûke. Sokke dingen die er altyd.
nl.verhalenbank.38098
Alde Pytsje to Kollum wie in tsjoenster. Ut skoalle wei gong dêr altyd in famke hinne. Dat famke hat se deatsjoend.
nl.verhalenbank.21291
Hjir kom froeger in sekere Hindrik v.d. Molen, dy hie pikelhearrings to keap. Wy wienen allegear in bytsje bang foar him, hwant se seinen, as hy it fé oanrekke, dan woarde dat siik. Hy bitsjoende de beesten.
nl.verhalenbank.19509
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Heit handele wol yn skiep. Hy hat wol guon hawn, dy kwynden wei. Dan hie Jan Oenes se bitsjoend.
nl.verhalenbank.20920
Alde Jehannes Ketellapper wenne op 'e Sumarreheide. Syn wiif Jantsje koe in hiel bataljon soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Ik ha 't sels sjoen. Sy die dat om 'e bern binaud to meitsjen. Wy naeiden altyd hurd út as se ús dêr mei drige. Sy koe mear as in oar.
nl.verhalenbank.12237
Oan dit singeltsje wennen Jan Wessels en Hindrikje.
Jan Wessels woarde siik, mar doe't er op syn stjerbêd lei, koe de man noait dea.
Doe kom Jan Oenes der oan. Dy gong nei him ta en doe wied er samar dea.
Jan Oenes hie him bitsjoend. Dy moest earst komme, earder koed er net stjerre.
nl.verhalenbank.20734
As meissie, as kind nog had je bij ons persone, die tovere kon. Ik weet nog, dat ik as meissie met een soort bloempie liep en as zo'n persoon passeerde, dan kon die je niet betovere.
nl.verhalenbank.70267
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
Frânse Hinke hie popkes, dêr stuts se dan yn mei nuddels.
Dan krige it bern pine dat se bitsjoende.
nl.verhalenbank.25612
As jo hwat fan in tsjoenster krije, matte jo 't noait hielendal opite. Dan wurde jo net bitsjoend. Ite jo 't hielendal op, dan binne jo 't slachtoffer fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.25955
Alde Wytse Minne hat har eigen soan deatsjoend. Sy wenne yn 'e Parken. De minsken ha har jouns wol sitten sjoen as in swart protsje op 'e reed.
nl.verhalenbank.25954
As men in apel fan in tsjoenster kriget foroaret dy yn in pod. Men mat altyd in stikje apel weismite. Dan wurdt dy pod noait folwoechsen.
nl.verhalenbank.25613
It hat by ús sa bot bitsjoend west allegear, dat de gordinen hongen yn repen foar de glêzen. En dy repen wienen allegear wer oanelkoar naeid. Dat wie allegear it wurk fan de tsjoenster.
nl.verhalenbank.21105
Der wie ek in man, dat wie in tsjoenster. Dêr kom by him op in kear besite. Doe helle dy man in koeke op. Hy sei: "Dy sil 'k sels wol even ompartsje." Doe hat er ien bitsjoend.
't Gebeurde yn 'e Houtigehage.
nl.verhalenbank.25614
Yn Kollumersweach wenne Harm v.d. Berg. Dy hie in sike jonge, dy't bitsjoend wie. Op in kear kom der in fremde swarte kat by harren op it hiem. Harm skeat op dy kat en rekke him.
De oare deis wie Liuwe Ael, in âld tsjoenster, dy't oan 't Wyldpaed wenne, kreupel.
nl.verhalenbank.24061
Dyselde tsjoenster, dy't us by twa froulju alhiel ûnforwacht kom, hat ek us in man bitsjoend.
Dy man dy woarde siik. De tsjoenster kom him yn 'e mjitte, doe't er op in wein siet.
"Dû âlde duvel!" sei er, "dû hast my bitsjoend. Dû mast my bilove, dast my wer better makkest!"
"Ik biloof it dy, jonge", sei se.
En doe kloppe se him op 't skouder. Hy is wer...
nl.verhalenbank.20561