Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By it Weidumerhout troffen heit en syn twa maten ris trije moaije wite dames. Dy kommen der oanstappen. Heit en syn maten soenen to kanaelslatten. Sy seinen tsjin elkoar: Dêr wolle wy elk ien fan ha.
Mar doe't se tichterby kommen, wienen de dames sa mar fuort as wie 't loft.
nl.verhalenbank.12223
Yn 'e naed fan 'e rok hienen de froulju en famkes yn myn jongestiid roggekerrels binaeid. In ûneven getal, om net bitsjoend to wurden. Rogge is heilich.
nl.verhalenbank.20284
Op Skûlenboarch sochten âlde froulju froeger alle triedsjes en toukes op, dat de tsjoensters se mar net bisette koenen foar de krânsen.
nl.verhalenbank.12236
Lju mei in bibelske namme kin in tsjoenster gjin fet op krije. Us heit wie in Paulus. Ik bin út 'e skrift, sei er, my dogge se neat.
nl.verhalenbank.12235
Waetsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Doe gongen se dan mar nei Wopke ta.
Wopke sei, it wiif wie bitsjoend. Hwa soe de tsjoenster wêze?
Op in kear hie hja in apel krige fan âlde Tryn. Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op.
In pear dagen letter sei se: "Ik hie wol sin oan dy apel. Meitsje my...
nl.verhalenbank.22090
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen.
Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek?
Né, 't wiif leit op bêd.
Is se dan siik?
Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear.
Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit.
Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
Alde Melle Antsje (Antsje Fiter) fan Sumarreheide roan mei in kuorke mei galanterijen. It wie in tsjoenster. Sy bitsjoende leafst pas-geboaren berntsjes.
nl.verhalenbank.20280
In tsjoenster kin noait fet krije op guon mei in bibelse namme. Paulus, Jakob of Adam ensa.
Ik bin út 'e skrift, sei ús heit. Dat wie in Paulus. My dogge se neat.
nl.verhalenbank.22092
Antsje Fiter roan mei in kuorke mei snypsnaren. Dêr sieten ek fiters yn. Dêr hie se de bynamme fiter fan.
Hja wie in tsjoenster. As der ergens in poppe geboaren wie, mocht hja der net yn. Hja hat by guon krânsen yn 'e kessens tsjoend.
nl.verhalenbank.21362
Greate Sjoerd Koedriuwer wenne oan 'e Achterwei yn Sumar. Hja hienen in fanke fan fiif jier. Dat wie Sibbeltsje. Dat fanke, dêr siet gjin skroed yn, it bern tsjirme. Sjoerd kom by ús heit. Hy sei: "Wytstû ek ried?" Heit sei: "Dû mast nei Wopke de duvelbander ta gean." Doe die Sjoerd dat. Wopke sei: "It bern is bitsjoend. Der is in âld minske, dat wennet...
nl.verhalenbank.12227
Waatsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Dat doe gongen se nei Wopke ta. It wiif wie bitsjoend, sei Wopke.
Mar sy woarden net gewaer hwa't de tsjoenster wie. Dat woed er net sizze.
Op in kear hie se in apel krigen fan âlde Tryn.
Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op. In pear dagen letter sei...
nl.verhalenbank.12233
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
As der by ien in krâns yn 't holkessen siet, dan wie sa'n ien bitsjoend.
nl.verhalenbank.24526
Piter Poeske
De ferhalen oer Piter Poes—Piter Prikke seinen se ek wol—ha wy meast heard fan heit en pake. It wie in duvelbanner hjir op Sumarreheide. De meastepart minsken op Sumarreheide wienen ôfgryslik bygelovich. As der wat net doogde, dan waard Piter Poeske al gau ophelle. It is by ús ek wol bard, dat se de kessens fan 't bêd skuorden om te sjen, oft...
nl.verhalenbank.13011
By de Swadde yn Twizelerheide wenne âlde Lamke. Dat wie in tsjoenster. Sy hat in bern fan myn omke Jan de Hoop bitsjoend. Dat bern is stoarn.
Dy Lamke koe har foroarje yn in kat. Op in kear hat omke in fremde kat us in goed terwinkel jown. Doe wie Lamke de oare deis alhiel bont en blau.
nl.verhalenbank.20342
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner.
Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
nl.verhalenbank.31488
As it net tsjernje woe, hie der in forkeard man by 't fé yn 't lân west. Dan woarde Piter Poes der by helle. Dy moest de saek wer yn oarder bringe.
nl.verhalenbank.12245
By Tsjitse Boonstra op Burgumerheide stienen de kij moarns omkeard op 'e stâl, de achterein nei foaren ta en de koppen nei achteren. En as Tsjitse moarns yn 't bûthús kom, seinen alle kij: "Morgen, baes."
En de hinnen dy seinen tsjin him: "Wij kakelen wel, maar wij leggen niet."
Dy dieren sieten ûnder 'e kweaminsken. Alde Sjouke Kloetstra krige dêr de...
nl.verhalenbank.20340
Yn 'e Westerein wenne in man dy hie in fanke en dat woarde siik. Doe gong er foar har nei greate Wopke fan Kûkherne.
"'k Sil jo guod klearmeitsje", sei Wopke.
De Westereinder moest troch stikjes lân wer nei hûs ta. Sa wie hy ek yn Kûkherne kom.
Wopke sei: "Aenst matte jo by forskillende hekken om in omstap hinne. Tink dan om 'e greate houn dy't by jo...
nl.verhalenbank.20341