Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: betoveren vreemd
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben. Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Myn frou en ik wienen op in snein-to-joun nei har heit en dy ta. De suster fan myn frou har twadde mem lei dêr siik op bêd. Dêr wie in fremde kat yn 'e hûs. Poeke, poeke, sei myn frou har twadde mem, mar de kat forroerde him net. Dy bleau sitten dêr't er siet. Doe jage ik dy kat fuort. Dy kat, dat wie de tsjoenster. Dy hie it sike minske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30374
Gerrit van der Kooi wenne to Burgumerheide, hy wie reiddekker. Hja hienen by har faek krânsen yn 'e kessens. Dêr krige Gerrit syn nocht fan. Hy sei: "As ik de tsjoenster treffe kin, dan sjit ik har hartstikke dea." Hy koe goed sjitte. Op in kear wie der in fremde kat op it hûs. Gerrit krige it gewear en skeat mei hagel op dy kat. Hy rekke him goed. Letter...
nl.verhalenbank.30955
Heit en dy hienen in stik of fiif koeijen. Mar dy wienen noait goed. Se ha noait fleurich en glânzich west. Se tjirmen. Se seagen der út as geraemten en joegen hast gjin molke. En dochs krigen se genôch to fretten. Jouns kom de molke farsk út it kouwejaer. Dan sette mem fuort guon op 'e kachel, om dy molke to sieden. Mar dan bigoun dy molke altyd direkt...
nl.verhalenbank.29960
Op in kear sei Jehannes Meerstra tsjin 'e boer: "Jo meije wolris nei de keallen sjen, hwant dy dogge it fordomde raer." Doe roannen se allegear op 'e naed fan 'e skuorre om.
nl.verhalenbank.17694
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Yn myn jonge jierren wie der in berntsje bitsjoend. Der waerden krânsen yn 't kessen foun en dat wie in klear biwiis dat it bern ûnder in kweade macht stie. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne ta. Dy joech in drankje mei foar 't bern en de minsken krigen oanwizings hwat se dwaen moesten. It drankje moest net stikken gean ûnderweis, en der mochten fral...
nl.verhalenbank.29806
De famylje Wesbonk wenne to Ljouwert oan 'e Spanjaardsloane. Myn suster hat dêr faem west. Dêr kaem ek altyd in werkster, dat wie in troude frou. Op in kear fortelde dy werkster, dat har bern siik wie. Dat woe mar net betterje. It kwynde. Doe wie se nei in duvelbanster tagong. Dat wie Smoarge Jantsje, dy wenne to Ljouwert. Dy sei, it bern wie bitsjoend....
nl.verhalenbank.31906
Wy hienen in famke, dat waerd bitsjoend. Hja is dea gong. It bern waerd siik en dat waerd minder en minder. Op in nacht waerd ik wekker en doe gûlde it bern sa. Ik sei: "Wolst by my lizze, leave?" Doe kaem se by ús to lizzen. Hja hie noch mar even by ús lein, doe sei 'k tsjin myn man: "Nou mast dêr ris hearre, sa raer docht dy kat it." Doe stie der in kat...
nl.verhalenbank.29740
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
By it Weidumerhout troffen heit en syn twa maten ris trije moaije wite dames. Dy kommen der oanstappen. Heit en syn maten soenen to kanaelslatten. Sy seinen tsjin elkoar: Dêr wolle wy elk ien fan ha. Mar doe't se tichterby kommen, wienen de dames sa mar fuort as wie 't loft.
nl.verhalenbank.12223
Ik ha froeger wolris heard, hwannear 't der in fremden-ien by de lju kom, dat se seinen: "Hy mat net by de bargen, hear, hwant dan wolle se miskien net mear frette." Se wienen bang foar de kweade hân. Se lieten in fremden ek net by 't oare fé.
nl.verhalenbank.24948
Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs....
nl.verhalenbank.21572
Myn pake en beppe ha beide bitsjoend west. De âlde minsken wienen lang net goed en doe't se de kessens iepen makken, kamen dêr krânsen út. Dy krânsen ha se opbrând. Hja ha der foar nei de duvelbander west en binne wer better woarn. Fan Wopke krigen se in drankje. Underweis moesten se mei 't drankje om in hekke hinne. Wopke warskôge har, dat se dêr...
nl.verhalenbank.29661
Skoanheit en dy brochten altyd geregeld turf nei Burgumerheide. Dêr hienen se fêste klanten sitten. Sy hienen dan in fuorman dy brocht de turf op 'e wein nei de minsken ta. Dy fuorman hie in bern, dat wie sa'n skroedtsje. Dat tsjirme, 't siet yn 'e pogge. It gûlde altyd. Doe gong dy fuorman op in kear nei Wopke fan Kûkherne ta. Wopke sei, dat bern wie...
nl.verhalenbank.25065
Ik wie fiif en twintich jier, ik frijgeselle by myn broer. Dy hienen in jonge, dy wie siik. Op in kear gong ik nei Hinke Kaert ta, de kaertlizter fan Nijebrêge. Ik sei tsjin Hinke: "Myn omkesizzer is siik." "Ja," sei se, "dy is bitsjoend. Hjir wennet in duvelbander yn Nijebrêge, dêr matte jo mar ris hinne." Ik dêr hinne. Doe joech dy my hwat guod mei. Hy...
nl.verhalenbank.21015
It gebeurde ek yn 'e Harkema, dat dêr in bern bitsjoend rekke. Dat hat wylde Tsjerk my us forteld. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dy wenne yn Kûkherne. Hy joech in drankje mei en sei: "Tink der om. Underweis is der in kat, dy is 't om 't drankje bigong. Mast der om tinke", sei er, "dat der gjin fremde minskeegen oer it drankje gean." Underweis wie...
nl.verhalenbank.21338
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner. Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
nl.verhalenbank.31488
35