Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: betoveren man Place of Narration: Drachten
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?" Ik sei: "Ik ha gjin sinten." "Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep. Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen." Doe wy der hinne. 't Wie...
nl.verhalenbank.26059
Alde Jitse Wyts wenne yn Feansterheide. 't Frommes doogde net. It wie in tsjoenster. Op in kear wie heit fuort om biggen to keapjen. Doe seinen wy: nou matte wy al oppasse, dat dat frommes hjir net oer de drompel komt, hwant sy kin de biggen wol bitsjoene. Doe die ús Ritske duveldrek ûnder 'e drompel. Doe koe se net oer 'e drompel komme.
nl.verhalenbank.25470
Yn Drachtster Kompenije wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander ta. By Rottefalle gong er de skeanpaden del. De duvelbander sei tsjin 'e heit: "Ja, 'k hie dy al forwachte. 'k Sil dy guod jaen." Doe krige er in drank. "Tink der om," sei de duvelbander, "ast nou aenst it skeanpaed fan 'e Rotfalle del giest dan komme der in pear allemachtich...
nl.verhalenbank.25566
Dêr wie in man, dy kom wol op 'e Dwarsfeart. Dêr hie ús heit in hekel oan. Hwant as dy man de hân op 'e rêch fan 'e bargen lei, dan woarden dy bargen blau. Dy man hie de kweade hân, dêr moesten se bot foar oppasse. Heit sei: "Noait fremden by de bargen litte."
nl.verhalenbank.19857
Der wienen twa bruorren, dy hienen in heit. Ik koe bêst mei dy bruorren. De heit wie by de iene soan yn. Dy soan wie troud, Doe sukkele dat wiif iderkear. Syn oare broer wenne fuortby en hat my dat forteld. Hy sei: "It gong sa: Dat frommes - myn snoars - wie bitsjoend. Sy ha har holkessen neisjoen. Dêr kom in hiele greate krâns út. Dêr sieten allerhande...
nl.verhalenbank.25565
Us heit hat us nei Grinslân west to takkebinen yn 'e buert fan Tolbert. Dêr wie allegear bosk. Hy slepte nachts by de boer yn 't strie op 'e koustâl. Mar dat strie, dat waerd stadichoan ûnder him weiskuord. Op it lêst hied er net in strieke mear ûnder him. Doe tocht er, dat sil de houn wol dwaen, mar dat wie sa net. Hy seach us goed om him hinne en doe...
nl.verhalenbank.19676
35