Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: betoveren lijk
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben. Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Myn man hie in broer, dy wie fjirtsjen jier. Sels wied er twa jier âlder. Dy jonge tsjirme. Hy woarde minder en minder. Op 't lêst woarde er ek noch blyn. Op in snein-to-moarn, doe gongen him de egen iepen. Hy woe sa graech nei syn beppe ta, dy wenne tichte by. Mar skoanmem sei: "Dan mat dat moarnier mar." Mar doe wied er wer blyn. Twa dagen letter wied...
nl.verhalenbank.17495
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
Ien dy't bitsjoend is, en dy komt to stjerren, sa'n ien wurdt net stiif.
nl.verhalenbank.20908
Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs....
nl.verhalenbank.21572
Ik hie in jonkje, in lytse Gerrit, dy wie troch Alle Tet bitsjoend. It bern wie doe fiif jier âld. Wy wennen yn dy tiid op 'e Bulten, by Tet yn 'e buert. Elke dei kom se by ús. Dan nom se it bern út it bedtsje en dan sei se: "Hwat bistû in leaf jonkje." Sy sloech net in dei oer of sy kom. Dan roan se der samar yn. Sa dryst wie se, en dan it bern mar op 'e...
nl.verhalenbank.23429
Alle Tet sutele mei fisk, mar dy't guon fan har kochten koe dêr rare gefolgen fan ûnderfine. Hwant der siet altyd libben guod yn 'e fisk fan Tet. Der sieten dieren yn. Dêr koe Tet de minsken mei bitsjoene. As Tet kom, dan struiden se duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe se der net oer komme. Doe't Tet stoarn wie, hie 't in dweil west. 't Mat freeslik like ha.
nl.verhalenbank.25348
Aeltsje wenne oan 't farwetter, mar sy gong altyd nei in âld dobbe ta om wetter, wit hoe fier fuort. Hja bitsjoende in jonkje, dat tichteby har wenne. Doe't se it bern dea hie wie 't krekt sa slop as in flarde.
nl.verhalenbank.21077
Zoo als bekend is, vindt men in het hoofdkussen van iemand, die bekold is, van alles (rozen, kransen enzovoort). Meermalen is mij door personen, die daar bij geweest waren, stellig verzekerd, dat zij het zelf gezien hadden en zij drukten hun bewondering daarvoor uit en huiverden nog, als zij er aan dachten. Ten slotte vond ik een vrouw, die minder onder...
nl.verhalenbank.9457
35