Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: betoverd Place of Narration: Eastermar
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e...
nl.verhalenbank.12514
Yn 'e Omloop wennen Wibe en Ate Gjaltema. Ien fan dy twa bruorren rekke siik. Hja wienen der wis fan dat hy bitsjoend wie. Yn 'e Rottefalle wenne in duvelbanster, dat wie Frânse Hinke. Dêr gong de broer dy't net siik wie, hinne. Frânse Hinke joech him in drank mei en sei dat er dêr ûndreweis goed op passe moest. It paed gong oer de Trije Roede. Dêr stie...
nl.verhalenbank.33608
Wy wennen oan 'e Lange Wyk ûnder Harkema. Wy hienen buorlju njonken ús, dêr rekke de frou siik fan. Us mem wie widdoufrou en plichte dêr faek to kommen om it sike minske hwat by to stean en to helpen. Dan nom se in lyts susterke fan my mei, oars wie dy allinne thús. Mar dy buorlju fortrouden de sykte net en tochten dat it sike minske bitsjoend wie. Doe...
nl.verhalenbank.33609
In tsjoenster makke krânsen yn 'e kessens fan it slachtoffer. Frânse Hinke joech de rie dy krânsen to forbrânnen.
nl.verhalenbank.33614
Sa'n 60 jier lyn gongen ús heit en dy ris nei de boer ta. Doe wie dêr in man op 'e fyts. Dy frege hwer't Jehannes de Boer wenne. Hy hie in jonkje, sei er, en dat wie bitsjoend. (Jehannes de Boer wenne op it Swartfean; 't wie in duvelbanner.)
nl.verhalenbank.37612
Yn Kûkherne, fortelde heit, wenne in boer, dy koe gjin bûter krije. Dêr wie tsjoenderije yn 't spul. Doe hellen se Piter Poes fan 'e Sumarreheide op. Dy sei, de hiele molkenkelder moest útrikke wurde. Doe koenen se wer tsjernje.
nl.verhalenbank.37607
Der wie froeger in feint, dat wie in sekere Ruerd, dy farde by Aen fan Huzen (fan Eastemar) op it skip. Se leinen mei 't skip by 't Huzumer fabryk. Doe hearden wy dat der in bern fan Aen van Huzen net goed wie. It tsjirme. Ruerd de feint waerd biskôge as de tsjoenster. Sy tochten dat hy it bern siik makke hie. Der leinen doe mear skippen en 't wienen dêr...
nl.verhalenbank.36695
35