Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: begraven Place of Narration: Eastermar
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen. Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Boardzer Bruining fan 'e Houtigehage wie mei de keppel op 'e Grinzer klaei. Dêr wie ek in neef fan myn wiif by. Doe seach Boardzer dêr op in nacht yn 'e skuorre, dêr't se yn slepten, twa neakene berntsjes omrinnen. Dy koenen de rêst net krije, omt se gjin deaklean oankrigen hienen.
nl.verhalenbank.22267
Heit hat wol faek sein, dy't bigroeven woarde sûnder in deadshimd oan, dy oppenearre him letter wer. Ek hwannear't men de skûteldoek, dêr't de deade mei wosken woarde ensa net mei yn 'e kiste die, dan krige de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.28382
Yn 'e winter fan 1890 op '91 forgaderde de iisklub to Eastemar. Der woarde forteld, dat der al inkelde lju fordronken wienen. De feint fan Bakker Bouwes, Auke Westra, dy't sekretaris wie fan 'e iisklub, foun dat ôfgryslik. Neat, sei er, griisde him sa bot oan as fordrinke. De oare moarns rekke er mei syn forloofde yn in wek op 'e Burgumer Mar. Hy hat syn...
nl.verhalenbank.27075
Op 'e merke wienen froeger wolris tintsjes, dêr siet de swarte spegel yn. Dy't dêryn seach krige it byld to sjen fan 'e man of de frou, dêr't er mei trouwe soe. Ek guon, dy seagen har eigen lykstaesje dêr yn.
nl.verhalenbank.12527
Hinse Jehannes de Boer wie de duvelbander fan it Swartfean. Hy wie in maet fan 'e duvel, dat wist elk. Op it Peinder tsjerkhôf is er biïerdige. Op in joun kom der ien oer it tsjerkhôf, dy rôp: "Hinse, lit dyn stem noch us hearre!" Doe wie der sa'n ôfgryslik raer lûd út Hinse syn graef kom, dat de man is sa hurd útnaeid as er mar koe.
nl.verhalenbank.12525
35