Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
29 datasets found
Dutch Keywords: begrafenis Place of Narration: Drachten
Greate Tiense fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes fan to foaren. Dan koed er sizze: dy en dy rekket ek wei, ik ha de bigraffenis sjoen. Sa fortelde er ek fan ien dy't mei forlof thús wie fan 'e tsjinst: ik haw syn bigraffenis sjoen fannacht. It wie in kammeraet fan Tiense. De soldaet wie siik thúskom. In pear dagen letter is...
nl.verhalenbank.37927
Ien dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Paul Krüger wie ek kûgelfrij. Hy wie ek mei de helm geboaren en moest alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan seach er bigraffenissen. Hy wie heldersjende.
nl.verhalenbank.27499
Rypke Atsma fan Eastemar moest in bern ha by de faem. Mar hy liet har mei it bern sitte. Doe is hja mei har bern yn 't wetter sprong en fordronken. Op 'e dei fan 'e bigraffenis woe Rypke de klok net lieden hearre. Hy soarge der foar dat er út 'e wyn wie. Mar krekt op 'e ûre, dat it lyk op it tsjerkhôf brocht woarde, draeide de wyn en klonk it lieden sa...
nl.verhalenbank.26154
Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
nl.verhalenbank.33772
Yn Aldskoat wie ris in bigraffenis. Doe't it folk op 't tsjerkhôf wie soenen se de kiste sakje litte. Doe sei it lyk ynienen: "Lit my der út. Ik ha 't hjir sa binaud!" Doe lieten de dragers de kiste los en dy plofte yn it graef. Sy naeiden allegear út, hals oer de kop. Der wie in âld-minske by, dy wie sa rimpen, dat hja stroffele oer in sark en bruts in...
nl.verhalenbank.26050
Der wie ek in sekere Tabe Bergsma by ús oan 't wurk. Dy fortelde fuort dêr achteroan, dat der wie ris in bern fan him overleden en hy hie dagen fan tofoaren al syn kistje op 'e stoel stean sjoen en alle bysûnderheden fan 'e bigraffenis. Doe hie 't bern noch neat skeeld. 't Wie krekt sa neikaem.
nl.verhalenbank.37015
Klaes Schuurman wie in broer fan master Schuurman en wenne yn Drachtster Kompenije. Op in kear sei er: "Ik ha fannacht in bigraffenis sjoen. Foar de lykwein roannen in skimmel en in swart hynder. Mar fan hwa't de bigraffenis wie, dat wist er net. Ridlik gau dêrnei forstoar Klaes Schuurman. Hy wie noch jong en wie troud mei in dochter fan Willem Weening....
nl.verhalenbank.36904
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Hy wenne op 'e Suderdwarsfeart by de âlde sûkerfabryk. Nachts gong hy der faek op út om bigraffenissen to sjen.
nl.verhalenbank.33317
Douwe Stavasius wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Grinzer Pein. Dêr wenne ek in jonge, dy krige in ûngelok mei de kipkarre. Doe woarde er op 'e leider nei de wei ta brocht. Douwe sei: "Dat kinne se wol dwaen, mar 't jowt neat. De jonge komt dea werom." En 't wie ek sa. Hy is ûnderweis stoarn. Douwe hie syn bigraffenis al sjoen.
nl.verhalenbank.26056
35