Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: begrafenis helm Place of Narration: Drachten
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Ik hie in kammeraet, dat wie Klaes. Hy wennet yn Grinzer Pein. Syn heit wie mei de helm geboaren. Dy seach alle bigraffenissen foarút. Hy koe fantofoaren sizze: dêr en dêr wurdt ien útdroegen en hy telde altyd de lju dy't achter it lyk oan roannen. Op in kear moest er nei de klaei ta to arbeidzjen. Mar de moarns dat er fuort moest, sei er: "Ik kin wol...
nl.verhalenbank.24662
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Tiense Boomsma fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy sei: "Ik mat alles sjen." Doe't der ris in jongeman stoarn wie, sei er fan tofoaren al: "Ik ha de bigraffenis sjoen. Deselde dy't stjert wennet op 't plak dêr't Houtigehage yn Boelensloane oanslút." 't Is dy en dy, sei er. It kloppe as in bus.
nl.verhalenbank.29386
Guon wurde mei de helm geboaren. As se dy helm biwarje, mat sa'n persoan der nachts út om bigraffenissen to sjen. As se de helm opbrânne is dat net it gefal.
nl.verhalenbank.23627
Greate Tiense fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes fan to foaren. Dan koed er sizze: dy en dy rekket ek wei, ik ha de bigraffenis sjoen. Sa fortelde er ek fan ien dy't mei forlof thús wie fan 'e tsjinst: ik haw syn bigraffenis sjoen fannacht. It wie in kammeraet fan Tiense. De soldaet wie siik thúskom. In pear dagen letter is...
nl.verhalenbank.37927
Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
nl.verhalenbank.33772
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Hy wenne op 'e Suderdwarsfeart by de âlde sûkerfabryk. Nachts gong hy der faek op út om bigraffenissen to sjen.
nl.verhalenbank.33317
Douwe Stavasius wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Grinzer Pein. Dêr wenne ek in jonge, dy krige in ûngelok mei de kipkarre. Doe woarde er op 'e leider nei de wei ta brocht. Douwe sei: "Dat kinne se wol dwaen, mar 't jowt neat. De jonge komt dea werom." En 't wie ek sa. Hy is ûnderweis stoarn. Douwe hie syn bigraffenis al sjoen.
nl.verhalenbank.26056
35