Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
60 datasets found
Dutch Keywords: beest vee
Us Hindrikom wenne yn Twizelerheide. Hy hie dêr in winkel en ek wol bargen. Hy hie op in kear biggen by de mot. Tichteby wenne in âld man, dy koe tsjoene. Dy mocht graech bargen lije, mar Hindrikom syn jonge jage dy âld man fuort. Hwant de jonge wie bang dat de biggen oars bitsjoend woarden. Dy âld man hie de kweade hân. Dêrtroch wienen se bang foar him.
nl.verhalenbank.33319
By ús beppe wie ien fan 'e bern bitsjoend. Pake gong nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke frege of pake wol hurd rinne koe. "Jawol," hie pake sein, "'k ha nije klompen oan." Wopke joech pake guod mei. Doe gong pake troch in stik lân mei beesten. Dy sieten allegear achter pake oan. Pake rinne om 't leven. Hy rekke yn 'e sleat en de beesten der boven. Mar hy kom...
nl.verhalenbank.23915
Elzinga hat by ús ek de bargen bitsjoend. De bisten woenen alhiel net mear frette doe't hy der by west hie en sy woarden sa meger as roeken. Ek de kij hat er bitsjoend. It wie wol sa slim dat wy krigen bloed yn 'e amers ynpleats fan molke as se molken woarden.
nl.verhalenbank.33079
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út. Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
Dy en dy moat net nei 't fé ta, hwant dan komt it net goed, seinen se froeger. Dêr bidoelden se guon mei, dy hienen de kweade hân. Sokken makken it fé siik.
nl.verhalenbank.29343
Guon minsken hienen macht oer it fé. Sokken koenen jin in dier forkeapje, sa mak as in hountsje. Letter wie 't in ûndier. Dat gebeurde wolris mei in hynder. Sokke minsken koenen mear as in oar.
nl.verhalenbank.29395
Der wienen minsken dy wienen net by 't fé fortroud. Dan woarde it fé siik.
nl.verhalenbank.24100
Rikele Myt koe samar in geit bitsjoene. Sy struts it dier allinne mar even mei de hân oer de rêch. Dan bigoun de geit to razen en gong dea. Rikele Myt hie de kweade hân.
nl.verhalenbank.29140
Hjir dwarsoer wenne in âld man: Hindrik Ophuis. Dat wie in tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Hy bitsjoende net allinne de bern, mar ek it fé. Hy hie 't foaral op bargen gemunt. Hjir wenne in lyts boerke. Dy hie altyd bargen yn 't hok. Dy kocht er as biggen op Eastemarre merke. De âld man (H. Ophuis) kom altomets wolris by him, mar hy paste...
nl.verhalenbank.33646
Hjir kom froeger in sekere Hindrik v.d. Molen, dy hie pikelhearrings to keap. Wy wienen allegear in bytsje bang foar him, hwant se seinen, as hy it fé oanrekke, dan woarde dat siik. Hy bitsjoende de beesten.
nl.verhalenbank.19509
As heit kealforsmiters hie ûnder 'e kij, dan lei er duveldrek foar de beesten achter 't hoarnsket. Dan hâldde it kealforsmiten op.
nl.verhalenbank.34464
Yn 'e Harkema woarden se froeger wol warskôge foar guon, dy't se noait by 't fé litte moesten. Wie dyselde der west, dan woarden de beesten lam.
nl.verhalenbank.27801
Der wie in fanke, dy wie boerefaem yn Kuzumer yn Grinslân. Dat fanke wie nergens bang foar. Op in kear, doe hienen se by de boer in hokling slachte. 't Wie al joun en 't wie donker. Doe sei de boerinne: "Och hearink, nou ha wy 't sâlt forgetten!" Doe woarde de faem der op útstjûrd om gau even nei de buorren ta om sâlt op to heljen. Doe seinen de oaren...
nl.verhalenbank.23454
Der wenne in boerke yn Hoarnstersweach, dy stie der finansieel net sa bêst foar. Hy frege in lytsfeint en dy krige er. Dy jonge wie dêr in skoftsje, doe gong dêr in barchje dea by dy boer. De boer tocht: "Ik slachtsje dat barchje, dat komt net yn 'e groun. Dat kinne wy wol meielkoar opite." Hy slacht it en hja bihimmelen it meielkoar. Sy ieten der lekker...
nl.verhalenbank.28462
Yn 'e Sweagerbosk wennen minsken, dy hienen sike bargen en ek in siik fanke. Dêr hie stammerige Harm west. Dy hie de kweade hân en hie se siik makke nei't der sein woarde.
nl.verhalenbank.23906
Der wie in boer, dy hie in feint en in faem by him yn tsjinst. Hy hie ek in mot, en dy moest bigje. Hy sei tsjin 'e feint: "Hoe matte wy dat nou ha? Der mat by wekke wurde." Doe sei de feint: "Ik wyt it wol: ik gean earst in heale nacht yn 't bargehok en dan de faem. Beurt om beurt." Dat wie de boer goed. De feint gong yn 't hok sitten en doe't it tolve...
nl.verhalenbank.27911
Der woarden by ús froeger noait fremde minsken by 't fé litten. Guon ha se samar siik. Hjir binne ek guon dy ha postdouwen, mar dêr wolle se bislist gjin fremden by ha.
nl.verhalenbank.26206
Der wenne in féarts yn Beets, dy woarde by in boer helle. Dy boer hie in sike koe. Doe krige dy féarts syn bûslantearne en ljochte dy koe ta de hals yn. Doe sei er tsjin 'e boer: "Nou matte jo fan achteren sjen." Dat die de boer. "Sjogge jo ek hwat?" frege de féarts. "Né, neat", sei de boer. "Nou dan is de koe forstoppe."
nl.verhalenbank.28410
Noast ons op de Hörsten woonde vrouger oal Haarm S. Hai wur nooit anders nuimd as Haarm-fiet-pestoor; woorom wai k nait. Haarm-fiet-pestoor kon heksn; mien oln woarschouwden ons veur hom. Wie moggen den ook nait groag noar hom tou goan. Mien ol lu zaggen hom nait geern in huus; ha idee kwoad. Haarm kwam zo mit n gloepstreek achter op dele en luip bie de...
nl.verhalenbank.43927
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
35