Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: beest aanraken
Hjir kom froeger in sekere Hindrik v.d. Molen, dy hie pikelhearrings to keap. Wy wienen allegear in bytsje bang foar him, hwant se seinen, as hy it fé oanrekke, dan woarde dat siik. Hy bitsjoende de beesten.
nl.verhalenbank.19509
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Yn 'e Wylp wenne in sekere Auke Dykstra, dy wie net by it fé fortroud. Dêr wienen de boeren allegear hwat bang foar. Der wenne ek in boer, dat wie Jan Farwyk, dy hie in mot mei biggen. Dy biggen wienen trije wiken âld. Auke Dykstra kom dêr, hy gong by de mot stean en hy gong mar krekt even mei 't stokje oer dy biggen hinne. Sa jage hy se ta 't nêst út. De...
nl.verhalenbank.26016
Myn swager syn heit, dat wie Oene Krop. Dat wie in nuver man. Hy koe de minsken en de beesten genêze. Dat die er op in fremde manier. Minsken dy't net rinne koenen, makke hy wer oan 't rinnen. Hy wenne yn 'e Bosk yn 'e Westerein. Se kommen faek by him, foar harsels of foar in dier. Syn echte namme wie Oene Kempenaar. Ik haw twa kear myn foet forknoffele....
nl.verhalenbank.38151
Der is al us in pleachbeest by my lâns strutsen. 't Hie hurd, stuch hier en 't wie donker. It striek ûnder myn hân troch. Ik wurd der nòch kâld fan as ik der oan tink. It kom by in âld man út 'e hûs wei. Ik gong der krekt út en hie de doar noch beet, dêr wie 't. En ik hie 't yn 'e hûs noait sjoen. It wie flak njonken my. Mar dy man hie him wol faker...
nl.verhalenbank.25712
Yn Twizelerheide wenne stammerige Harm. Ik ha sa'n bytsje forkearing hawn mei ien fan syn dochters. Stammerige Harm hie de kweade hân. Hy handele in bulte yn lytsfé. As er by guon kninen keapje woe en dy minsken woenen se net misse, dan struts hy der even mei de hân oer hinne. Dan koe men der mar fan op oan, dan wienen se de oare moarns dea. Hy hie noait...
nl.verhalenbank.20686
De minse zèje vroeger wel, dat ’n èvertes [salamander] as ie gèl was onder den buuk, dat ie dan vergiftig was. As jonges dörfde wé’j ’r niet on te komme, on ’n èvertes.
nl.verhalenbank.50438
Froeger doarsten se hjir fremde minsken net by 't fé to litten. Guon doge net. Sy strike even mei de hân oer 't fé hinne en mis is 't. Dan biginne se to kwinen.
nl.verhalenbank.25886
Wy hienen mar ien koe. Dêr wienen wy wiis mei. Der kom op in kear in keardel by ús. Dat wie Jehannes Bekkema. Dat wie in tsjoenster. Dy gong nei de koe ta. Hy struts mei de hân earst oer de iene side en doe oer de oare side hinne. Ik sei tsjin Sierd: "Dit is mis. Jehannes hie net by de koe wêze matten, hwant 't is in tsjoenster." En 't kom al sa út. De...
nl.verhalenbank.21107
Der binne minsken, dy strike mei de hân even oer in baerch of skiep hinne, dan wolle se net mear frette. By ús mem en dy kom wol us sa'n ien. Dan sei er: Moai beest. En hy aeide it. Dan gong de baerch dea.
nl.verhalenbank.25808
Japik Kooistra fan Sweagerfean hie bargen yn 't hok. Boate Griet wie in lyts wyfke, dat tsjoene koe. Dy wenne njonken Japik Kooistra. Sy kom us op in moarn by him yn 't bargehok. Doe striek se de baerch oer de rêch. Doe woe de baerch noait wer frette.
nl.verhalenbank.24078
35