Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: been Place of Narration: Harkema
De bonken yn 'e bientsjekou. Der wenne ergens in jongfeint, dy wie net gau bang. Hy wedde mei it jongfolk, hy soe op dy en dy joun let nei 't tsjerkhôf en in deabonke út 'e bientsjekou helje. Dat wie dus ôfpraet. Mar de koster, dy't der fan ôfwiste, forskûle him achter de bonken. Hy hie in wyt lekken om him hinne dien. De jonge pakte in bonke. Doe sei de...
nl.verhalenbank.20827
Mei de kweade mat men oppasse. Hindrik Holthuis hjir fan 'e Harkema hat der in stive skonk fan oerhâlden, nei 't de kweade him topakken hawn hie. Jan Hinses Benedictus fan Eastemar ek. Dy wie dêr winkelman.
nl.verhalenbank.15527
Imke de Jong wie us in kear op 'e kermis yn Surhústerfean. Hy hie dêr in pear learzens kocht by de skuonmakker. Doe't de kermis oer wie hied er dy learzens noch net bitelle en hiele Imke wie net mear to sjen. De skuonmakker gong dêr net mei akkoart. Hy joech it oan en doe setten de plysjes op 'e hynders Imke achternei. Doe hellen se him yn, doe wied er al...
nl.verhalenbank.27035
Men mat noait hier fan 'e skonken en earms ôfknippe, hwant dan wurde se swak. Dit sei beppe al, letter mem ek wer.
nl.verhalenbank.12339
Botte Noordmans fan Surhústerfean gong us by 't tsjerkhôf lâns by nacht. Doe sei er: "Tussen twaalf en een is alles op de been." Doe gong er him in greate fûgel achternei. Hy roan sa hurd er koe nei hûs ta. De fûgel gong op 't hûs sitten. 't Hiele hûs skodde as wie 't in ierdbeving.
nl.verhalenbank.21254
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Der wie in faem, dy sei op in moarn: "Ik wol joun in feint ha, al soe 't de duvel ek wêze." Doe is de duvel kom. Hy hat by har sitten mei in ket om 'e poat.
nl.verhalenbank.27294
Bokke Noordman kom ris op in kear dronken thús. 't Wie yn 'e nacht nei tolven. Hy sei: "Tussen twaalven en enen is alles op de benen." Doe't er dat sein hie hie 't ynienen njonken him troch de beammen hinne sûze en dat wie sa bleaun oan syn hûs ta. Hy hie deabinaud west, hwant de kweade hie him dat lapt.
nl.verhalenbank.33418
Us heit hie in ôfgrysliken lêst fan stienswolms. Hy wie skjin forlegen en koe se noait kwyt wurde. Doe joech ien him de rie, hie moest nei 't tsjerkhôf tagean en dêr in deabonkje wei helje. Dat moest er skraebje en dat yn 'e brij dwaen. Dat hat er dien en doe joegen de swolms har del.
nl.verhalenbank.12367
Hindrik Holthuis is yn 1922 stoarn. Hy sei 't altyd raer op en spotte rounom mei. Op in kear doe hied er yn 'e kroech sitten. Doe't er ûnderweis wie nei hûs hied er hwat troffen. Doe wie er al yn 'e Harkema. Hy koe net sjen hwat it wie en sei: "Bistû de duvel, dan bin ik dyn moer." Doe hie de duvel him beetpakt en fuortgoaid en net sunich. Hy hâldde der...
nl.verhalenbank.26350
In man fan 'e Hamsterheide kom fan syn suster út 'e Ham werom. Hy gong de Hamsterpaden lâns en ûnderweis kom der him in dikke, swarte kat op side, dy't by syn skonken lâns struts. By it lêste stik lân, dat er del moest, wie de kat fuort. De wyks dêroan wie de man wer nei syn suster ta west. Hy kom itselde paed del en doe kom dyselde kat him wer op side....
nl.verhalenbank.15788
Wol men gewaer wurde as men mei in man of in frou to dwaen hat, dan mat men sa'n ien, wylst er sit in apel tasmite. In man slacht by 't heinen fan 'e apel de skonken nei elkoar ta, it frommes docht se fan elkoar.
nl.verhalenbank.23931
Yn Surhuzum is 't us gebeurd, dat in keppel jongfolk dêr yn 'e herberch it heilich avondmael fiere woenen. Ik haw in man kend dy't it sels mei dien hat. De wyn stie op 'e tafel en de bôlle der by. "Sesa," seinen se, "alles is ré foar it avondmael. Allinne de dûmny ûntbrekt noch." Doe wie der ien ynkom mei in houten skonk. Dat wie de kweade. Doe binne se...
nl.verhalenbank.22187
De glêzen skonk. Yn 'e Koaten wenne in frommes, dat biwearde, hja hie in glêzen skonk. Sy koe net rinne, se moesten har altyd drage. Mar it wie fansels oars neat as kleare ynbeeldings. Hja wie troud mei in boer, en dy krige der op it lêst syn nocht fan. Hy laedde it minske op in karre en doe ried er har de lannen yn, achterút, wit hoe fier. Dêr liet er de...
nl.verhalenbank.20828
Hindrik Holthuis, dat wie syn heit. De Holthuzen binne ôfkomstich fan Dútslân. 't Wie earlik folk mei in goed karakter. Mar o hwat wie Hindrik in raren-ien yn syn jonge jierren. Hy flokte as in ketter en hie rounom de gek mei. Faek wied er dronken. Hy is op in kear smiten woarn troch de kweade. Guon sizze dat er doe bikom wie, mar ik haw ek wolris...
nl.verhalenbank.32988
35