Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Dutch Keywords: bed Place of Narration: Harkema
As Melle Tiet froeger by de bargen kom, woenen se net mear frette. Dan wienen se bitsjoend. Sy wenne yn 'e buert fan 'e Skieding. Dêr wenne ek in man dy syn bargen wienen èk siik. Doe seach dy in rôt by syn trôge. Hy sloech nei dy rôt en rekke him. De oare deis hie Melle Tiet in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.24881
In tsjoenster kin har foroarje yn in kat. Ik ha wit hoe faek heard, dat se in kat in opmiter joegen en dat dan de tsjoenster de oare moarns mei in seare holle of sa op bêd lei. De tsjoensters tsjoene krânsen yn 'e kessens. As katten hâlde se in forgadering. Us Gerke hat wolris heard, dat de kat sei: 'donderdagavond'.
nl.verhalenbank.26348
In tsjoenster foroare har yn in kat of yn in pod. Sy gong der op út to tsjoenen en liet de pânse op bêd achter. Alde Rinse Kooistra krige twa apels fan in tsjoenster. Doe lei er dy apels thús boven op 'e kast del en die der in pear koppen oerhinne. In pear dagen letter, doe't hy der nei seach, sieten der twa podden ûnder.
nl.verhalenbank.19982
Yn Droegeham wenne in man, dy sei: "Myn wiif is in tsjoenster. Yn 'e nacht giet hja der op út. Dan haw ik in pânse njonken my op bêd lizzen."
nl.verhalenbank.28558
Fogeltsjemoai dat wie in tsjoenster. Har âld man waerd soms yn 'e nacht wekker, dan lei der in pânse njonken him op bêd. Dan wie Fogeltsjemoai der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.17559
Tsjoensters gean der yn 'e nacht op út. Alde Fogel die dat ek. Sy seinen, dan liet se de pânse op bêd achter.
nl.verhalenbank.23909
Alde Knjillis Ael kocht us in bêd by in boer yn 'e Ham, dy hienen in bern hawn, dat wie deatsjoend. Yn dat bêd sieten de krânsen noch. Dy krânsen koe men foar in dûbeltsje by Knjillis Ael sjen.
nl.verhalenbank.19527
Lol wie letter troud mei Hindrik Land. Doe't Lol noch in fanke wie, slepte se faek by har beppe Heabel dy't oan 'e Singel yn 'e Harkema wenne. Dat fanke sei: "Ik kin nachts noait sliepe." Dat woarde sa slim, dat op 't lêst ha se 't kessen iepentoarnd, dêr't Lol mei de holle op lei. Doe sieten dêr trije krânsen yn, de trêdde wie omtrint klear. Doe ha se dy...
nl.verhalenbank.33294
In suster fan ús mem is as fanke bitsjoend woarn. Sy woenen wite hwa't it dien hie en doe woarde der in krús op 'e daem set. Doe kom it buorwiif der oan. Mar dy koe noait oer it krús hinne komme. Hja hie der mar foar omkjirme en raesd. Mar it bern hie al trije krânsen yn 't kessen. It is stoarn. 't Wie alve jier âld.
nl.verhalenbank.15630
Alde Fogelmoai en har man wienen op in joun togearre op bêd gien. Dy nachts woarde har man wekker. Hy taestte om him hinne en doe wie hiele Fogel-moai fuort west. Der hie allinne mar in skieppe-pânse op bêd lein ynpleats fan in minske. Beppe hat it ús faek forteld.
nl.verhalenbank.22300
Der wenne ek in tsjoenster yn 'e Harkema dy gong der yn 'e nacht altyd op út. Dan bleau de man op bêd lizzen. As er dan om him hinne taestte, dan lei der in koepânse op bêd. As hy der mei in nuddel yn stutsen hie, hie hja dea west.
nl.verhalenbank.29348
Janne Heabel har mem wie ek in tsjoenster. Op in nacht woarde har man wekker, doe lei der in pânse njonken him op bêd. Hy tocht: Hoe kin dit en hwer mei myn wiif wêze? Hja wie der op út to tsjoenen. Doe ha se har ûntmaskere. Hja hat in bern deatsjoend. Dêr hie hja dy nachts west. De man stuts de pânse mei in mes dwarstroch. 't Wie allegear wetter. Doe't...
nl.verhalenbank.28664
Ik hie in jonkje, in lytse Gerrit, dy wie troch Alle Tet bitsjoend. It bern wie doe fiif jier âld. Wy wennen yn dy tiid op 'e Bulten, by Tet yn 'e buert. Elke dei kom se by ús. Dan nom se it bern út it bedtsje en dan sei se: "Hwat bistû in leaf jonkje." Sy sloech net in dei oer of sy kom. Dan roan se der samar yn. Sa dryst wie se, en dan it bern mar op 'e...
nl.verhalenbank.23429
De nachtmerje, dat wie de duvel. Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
Myn man syn suster wie altyd syklik. It bern tsjirme. Hja hie altyd skeel. Doe sei heit: "De boze geest pleaget har. Dy sit ûnder 't bêd." Doe helle er in gripe en reage dêrmei ûnder 't bêd om. Doe kom dêr in kat weifleanen. Dat wie de boaze geast, sei heit. Hy prebearre dy kat to reitsjen mei de gripe, mar dy kat fleach fuort. Heit achter de kat oan, mar...
nl.verhalenbank.29373
15