Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As it jouns letter woarde seinen se tsjin 'e bern: "Bern, jim matte ek op bêd, hear, hwant aenst komt de nachtmerje.
nl.verhalenbank.38663
In nachtmerje wie in frommeske, dat de minsken in soad lêst oandie. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten.
nl.verhalenbank.37924
Oan 'e Âld Wei to Drachten gong it by Bosma nachts altyd op in saegjen. Gong men der hinne to sjen, dan gebeurde der neat. Letter is dêr in skoalle kom.
Wy hearden it altyd as wy op bêd leinen. Dan seinen wy: "Hea, der binne se wer oan 't saegjen."
Mar yn werklikheit gebeurde it folle letter.
Ik lei op in nacht op 'e souder njonken myn frou op bêd. Doe fielde ik dat der in fremde hân oer myn tekkens hinne gong. Ik wie klear wekker. Ik taestte nei dy hân. Doe wie dat in hiele lange kâlde hân mei lange neils. Ik tocht: dat kin noait de hân fan myn frou wêze en doe fielde ik ûnder 'e tekkens nei har hannen. Dy wienen beide lekker waerm.
Fan hwa...
Ik wie boerefaem. Op in kear lei 'k yn 'e nacht op bêd. Doe hearde ik dat der in hynder oansetten kaem. It kom al tichter by myn bêd. Doe klaude 't my mei de poat. Dat die hiel sear. Dat hat in nachtmerje west.
Hja seinen wol, fan 'e sawn famkes fan ien húshâlding wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges fan ien húshâlding wie ien in wjerwolf.
Die men de...
nl.verhalenbank.36926
Der wie in feestje op in doarp. Yn dat doarp wenne in faem, dy tsjinne by in boer. Hja sei de moarns: "Joun gean ik nei it feest ta en dan kom ik mei in feint thús, as is 't de duvel ek."
Hja rekke nei dat feest ta. Doe kom dêr op 't lêst in feintsje by har, in kreas feintsje, knap fan snute en earen. Dy gong mei har nei hûs ta.
Mar de boer seach fuort...
Us beppe sei op in kear: Ik ha fannacht in nachtmerje by my hawn. Ik koe har wol op 'e stoel foar 't bêd stappen hearre.
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Hy wenne op 'e Suderdwarsfeart by de âlde sûkerfabryk. Nachts gong hy der faek op út om bigraffenissen to sjen.
Yn Aldeboarn wenne in frou dy wie mei de helm geboaren. As der hwat to sjen wie moest sy der nachts altyd ôf. It hindere har bot en sy klage der faek oer.
De lju seinen tsjin har: "Bliuw lizzen, minske."
Mar hja sei: "Dat kin ik net."
"Och", seinen se, en sy woenen it net leauwe.
Doe sei se: "Jimme matte 't jim foarstelle as dat jim noadich pisje matte....
Der wienen ris in stik of hwat timmerliuwe, dy wienen mei in hûs oan 't bouwen. Dat hûs stie net sa fier fan ien fan dy mannen ôf. Dy man wie noch net sa lang troud. Syn wyfke koe fan 't hiem ôf har man dêr arbeidzjen sjen.
Hja wist ek wol dat, as de spanten op it hûs sieten en de maeijebeam kom der op, dat der dan hwat fan jown woarde.
Elk fan 'e...
Der wie in mynhear, dy kom by in herberch. Hy woe dêr graech ûnderdak ha foar de nacht. Mar it wie dêr o sa drok.
De kastlein sei: Alles is fol, mar der is noch àl ien rûmte, dat is hwat in nuver plak, hwant dêr sit in gerdyn yn, dat de skieding is mei in oare rûmte. Achter dat gerdyn haw ik al ien to sliepen. As er dêr genoegen mei nom koed er dêr...
Ik en myn wiif wienen us to jounpraten by in boer yn Haulerwyk. Doe fortelde dy boer ús, der wennen by in boer in greatfeint en in lytsfeint. Dy greatfeint en dy lytsfeint sliepten by elkoar yn 't selde bêdsté. Mar dy greatfeint hie in swier lot. Alle nachten om tolve ûre moest hy der ôf. Dan woarde er kloppe. Dan stie 't wite hynder foar 't bêdsdoarke en...
Atsjemuoi en Trynmuoi wienen susters. Atsjemuoi wie troud mei Andersom en Trynmuoi hie forkearing mei Wibe de boer. Hja wie yn forwachting fan Wibe. Op in nacht wienen Anders-om en Tryn har oansteande togearre to mollefangen.
Doe slepte Trynmuoi by Atsjemuoi op 'e Boelensloane. Hja slepten yn 't selde bêd.
Doe droomde Trynmuoi, Manus Steensma, de...
nl.verhalenbank.30888
Yn 'e omkriten fan Boelensloane wenne in frouspersoan, dy hâldde safolle fan har mem, dat sy wie der aeklik fan, doe't dy stoarn wie. Sy rôp altyd mar: "Hwat woe ik ús mem noch graech ris in kear wer sjen!"
Doe, op in nacht, doe kom har mem by har oer de flier.
De dochter lei op bêd. 't Ald-minske slierde op toffels.
Doe't de dochter har seach, woarde se...
It is ris in kear gebeurd dat der op 'e Trije Roede yn Feanster heide in man stoar. It wie doe noch buorreplicht en Germ Smous moest dy man biklaeije. Dy man wenne yn in spitkeet mei muorren fan heideplaggen. Germ wie noait net in helt en doe't er mei dy man to set soe en him de holle omheech die, joech dy man lûd. Germ woarde sa binaud, dat hy is dwars...
Ien dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Paul Krüger wie ek kûgelfrij. Hy wie ek mei de helm geboaren en moest alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan seach er bigraffenissen.
Hy wie heldersjende.
nl.verhalenbank.27499
Yn Lúxwâlde wenne in tsjoenster, dy gong altyd nei de winkel om boadskippen, mar hja bitelle noait.
De winkelfrou sei tsjin har: "Jo matte ekris bitelje."
Doe kom dat frommes as in kat werom. De beide froulju hienen slim rûzje hawn.
Doe't de winkelfrou de kat seach, goaide se har in tsjettelfol siedend wetter oer de rêch.
"Hjir, dû smoarge tsjoenster,"...
Auke Hornstra Rustoord, Drachten (B99) (komt fan Goutum (B57a)) fortelt: Yn Goutum wie in hûs, dêr spoeke it. Dêr dounse in pispot by in frou op 't bêdsbuordtsje.
Heit en Lútsen Finkelsma dy gongen nei Beets ta to baggeljen. 't Wienen hurde mannen allebeide, en sy wienen foar de duvel net bang. Sy slepten yn in keet.
Lútsen moest der nachts út. Hy koe dan net yn 'e keet bliuwe, hy dreau yn 't swit. Dan sieten se him achternei. Dat wie de duvel. Dy jage him fan 'e iene trisk nei de oare (de trisk, dêr dienen se de...
Tiense Boomsma sawol as syn mem dy seagen altyd lykstaesjes fan tofoaren. Dan moesten se der ôf. Sy gongen dan yn 'e nacht foar 't glês stean. Dan telden se de minsken dy't der achteroan roannen en sy seagen nei 't hûs dêr't se weikamen.
Doe't it âld minske al bot siik wie en op bêd bliuwe moest, gong se der nòch ôf en dan bleau se hiele skoften foar 't...
nl.verhalenbank.24670