Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
59 datasets found
Dutch Keywords: bed geboren
Alde Willem Bos fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan bleau er op 't eigen hiem stean. Dêr seach er de bigraffenis passearen. Hy hat de bigraffenis fan myn mem sa ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.25778
Dy't mei de helm geboaren is sjocht bigraffenissen foarút. Sokken matte út bêd wei om se to sjen. Likele Kuipers wie ek sa'n man. Dy wist fan tofoaren as der ien stoar, seinen se. Hy wenne to Grinzer Pein oan 'e Skieding.
nl.verhalenbank.27351
Yn Stiensgea wenne Romke Laanstra. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der yn 'e nacht faek út om hwat to sjen.
nl.verhalenbank.18163
Knjillis Veenstra wenne yn 'e Westerein by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren en moest faek yn 'e nacht út bêd wei om hwat to sjen. Hy hat him der wol hiel bot tsjin forset, dan wòed er lizzen bliuwe, mar 't joech neat, der wie in macht dy't him dreau. Hy hat fan tofoaren sjoen, dat syn eigen dochter fordronk. Hy doarst it net tsjin 't âld-minske to...
nl.verhalenbank.21286
Wienen der sawn famkes yn in gesin dan wie der in nachtmerje by. As men nachts op 'e rêch lei wie der kâns dat de nachtmerje by jin kaem. By 't fuottenein kaem se by jin, stadichoan kaem se heger, op 't lêst wie se oan 'e kiel ta. Lei men op 'e side, dan krige men der gjin lêst fan. In nachtmerje kaem troch 't kaeisgat. Set men de toffels omkeard foar 't...
nl.verhalenbank.36868
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Bontsje Keeke hie it net maklik. Soms hied er noch mar in healûre op bêd lein, dan moest hy der út om hwat to sjen.
nl.verhalenbank.23900
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114
As heit it oer sokke dingen hie sei mem: "Dû mast dy dêr stil oer hâlde. Dêr meije wy net oer prate." Mem hie der in hekel oan. As hy der yn 'e nacht op út west hie, sei mem: "Hè, hwerom hast der nou wer út west?" Mar hy koe net oars, hy moest it sjen.
nl.verhalenbank.27551
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dy moesten fan to foaren bigraffenissen sjen. De needsaek twong har ta 't bêd út. Sa'n man wie Knjillis Veenstra fan Twizelerheide. Hy wenne by 't spoar.
nl.verhalenbank.33524
In Onstwedde was n boer en dai zien grootknecht zag liekstoaties; altied s nachts. Dan möz e tou t berre oet en dat was wol es lastig. Boer zee in t leste: “Goa dr man nich weer oet of vertel mie van te veurn, woor d ast hen gest.” Op n nacht lag d jong weer te hunsken (janken) op berre, hai kön nich langer in hoes weezn. Boer zee: “Moust n enne vot?”...
nl.verhalenbank.45303
Ik en Eibert Veenstra kommen us in kear by Knjillis Veenstra. Dy wie mei de helm geboaren. Eibert moest omke tsjin him sizze. Knjillis fortelde, dat hy lei op in kear op bêd, doe woarde der kloppe. Dat gebeurde wol faker. Dan woenen se him der út ha. Mar dit kear woed er lizzen bliuwe. Mar it klopjen hâldde mar oan en op it lêst krige er it sa binaud, dat...
nl.verhalenbank.19536
Yn 'e Himrik stie in woanwein, dêr wenne in man yn, dy wie mei de helm geboaren. Alle nachten moest hy der ôf en nei 't tsjerkhôf ta. Der waerd dan op 'e wein kloppe en dan sei er 'ja'. Op in kear kom der in lykstaesje lâns by nacht. Dy koe net passeare. Hy moast mei de wein fan 't sté. Dat die er dyselde nachts. De oare deis forstoar der ien. 't wie...
nl.verhalenbank.21019
Guon bern wurde mei de helm geboaren. As dy helm fuort by de geboarte forbrând wurdt, hoeve sokke lju der letter nachts net ôf. Oars matte se alles sjen.
nl.verhalenbank.29478
To Uthuzermeden wienen twa keppels by de boer to wjudden. Uthuzermeden leit yn 't noarden fan Grinslân. De iene keppel kom fan Twizelerheide, de oare fan 'e Harkema. De keppel fan 'e Harkema slepte boven op in souder en dy fan Twizelerheide ûnder op 'e telle. Alle nachten moest der in frommes fan 'e Harkema ôf. Dan gong se by de leider del. Guon hienen...
nl.verhalenbank.21540
Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e...
nl.verhalenbank.31180
Hinke Kaert fan Nijebrêge wie mei de helm geboaren. Sy moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.21026
Yn Aldeboarn wenne in frou dy wie mei de helm geboaren. As der hwat to sjen wie moest sy der nachts altyd ôf. It hindere har bot en sy klage der faek oer. De lju seinen tsjin har: "Bliuw lizzen, minske." Mar hja sei: "Dat kin ik net." "Och", seinen se, en sy woenen it net leauwe. Doe sei se: "Jimme matte 't jim foarstelle as dat jim noadich pisje matte....
nl.verhalenbank.33157
Iemand die met de helm geboren was, moest drie dagen van tevoren iemand gaan begraven. Hij moest uit bed. Ze konden hem wel vastbinden maar dan was die dood.
nl.verhalenbank.127624
Guon minsken binne wol oan kant set, as der in lykstaesje oankom. 't Gebeurde hast altyd by nacht. Guon seagen sa'n lykstaesje fan tofoaren. Dat wienen guon dy't mei de helm geboaren wienen. Sy moesten dan nachts út bêd wei. Sy woarden der útkloppe. Guon stienen dan foar 't finster to sjen. Mar oaren gongen bûtendoar en moesten soms hiele einen rinne om...
nl.verhalenbank.25537
35