Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: bang nacht Place of Narration: Harkema
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
Yn Readeskoalle yn Grinslân stiet in greate boereplaets, dêr spoeket it yn. Ien fan 'e Harkema wie dêr oan 't wurk en slepte yn 'e skuorre. Doe kom dêr yn 'e nacht in ding del, wylst hy dêr lei. It kom fan boven fan 'e hoannebalken en it kom boven op dy man del. Dêr woarde er sa binaud fan, dat hy raesde it út. Hy krûpte fan kleare bangens ûnder 'e...
nl.verhalenbank.19978
By de dikke beam oan 'e beton-wei, tusken Harkema en it Bomkleaster stienen us op in nacht allegearre auto's. 't Wienen wite auto's, allegear. Dêr roannen nonnen tusken mei lange rokken oan, allegear yn 't wyt. En dêr wie hwat tusken har yn, dat wie krekt in altaer west, hielendal wyt. Myn op ien nei jongste skoansuster kom dêr dy nachts lâns. Dy hat it...
nl.verhalenbank.32749
Hjir yn 'e omkriten spoeke nachts ek in baerch om. Dy baerch waerd ek altyd fansels wer wei. De minsken wienen der tige bang foar.
nl.verhalenbank.19351
Op 't Fean roan yn 'e nacht in barchje om. Sjirk Bijma hie it sjoen. Alle lju skouderen dat plak, hwant dat barchje wie in spoekdier.
nl.verhalenbank.17532
Myn broer Piter (^) kom us op in nacht by de froulju wei. Doe seach er hwat út 'e loft fallen. 't Wie in wyt ding. 't Gebeurde by de Krúswei. It ding sûze hiel bot. Piter wie stjerrend-binaud. 't Wie ljochtmoannewaer.
nl.verhalenbank.19557
Der wienen op in kear twa murdejagers yn 'e Bosk. De iene wie myn omke Piter (= P. Alma). 't Wie yn 'e nacht. De hounen wienen ynienen deabinaud. Sa kommen se by de murdejagers. Doe seagen dy twa neakene berntsjes sweven.
nl.verhalenbank.25766
Fokke Alma (dikke Fokke) hat op Fiifhuzen wenne oan 'e Reitsmastrjitte. Dêr hied er in spultsje. Op in kear wied er op 'e fyts. 't Wie yn 'e nacht. Doe wie der op it eintsje fan Geart Haga nei de betonwei ien njonken him kom. Fokke wie tsjin him bigong to praten, mar dy oare sei neat. Doe't Fokke noait antwurd krige, woarde er binaud. Dy oare hâldde him...
nl.verhalenbank.22225
Alde Boele wie foar de twadde kear troud mei Fokeltsje-moai. Hja wennen yn Stiensgea. As Boeleom oan 't wurk wie paste Fokeltsje-moai op 'e hoklingen. Op in dei seach se, dat ien fan 'e hoklingen deunsk wie. Mar sy forgeat it dy jouns tsjin Boele-om to sizzen. De nachts kom 't har earst yn 't sin. Doe sei se 't tsjin Boele. Boele wie altyd opljeppen. Hy...
nl.verhalenbank.21647
Der wie in man, dy wie skuonmakker fan birop. Dy wie nergens bang foar. Dat wie algemien bikend. It jongfolk tocht: Wy moesten him oars al ris in kear bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarre jo wol in nacht yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?" "Jawol," sei de skuonmakker, "hwerom net?" Sy bipaelden in datum en dy jouns gong de skuonmakker mei syn...
nl.verhalenbank.25794
10