Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: bang nacht Place of Narration: Drachten
Oan 'e Noarder Dwarsfeart by de Hegebrêge hat in Grinslânse boer wenne. Dat wie in sekere Mandema. As jonge haw ik feint by him west. Ik slepte boppe op in keammerke. Ik hearde soms dúdlik guon by de trap opgean nei de souder. Stap-stap-stap! sa klonk it. Ik woarde binaud en sei it tsjin 'e boer. De boer sei, dat wienen de âlde feinten fan froeger, dy...
nl.verhalenbank.19852
It gebeurde op 'e Dwarsfeart gauris dat de tsjernen út harsels nachts bigongen to ratteljen. Hwat dat wie ha 'k noait bigrepen hawn, ik ha 't sels wol heard.
nl.verhalenbank.19853
Yn Uthuzen (Gr.) wie in spoekskuorre. Dy neamden se de skuorre mei de wite doar. Us heit en dy ha der wol west to sliepen as se dêr op 'e bou wienen. De lju dy't dêr slepten moasten altyd sà fier fan dy doar ôfbliuwe. Dêrom hienen se dy doar wyt ferve. As der guon opnij kommen to sliepen woarden dy altyd warskôge foar de rûmte by dy doar, dêr't net ien...
nl.verhalenbank.19705
It Blaufallaet telt sa'n trettsjin huzen. It lêste hûs stiet hwat achterút. Dat is in âld plaets. Se hienen dêr in soan yn 'e hûs, dêr't ik wol kammeraed mei wie. Op in kear kom ik der lâns yn 'e nacht. 't Wie fiif minuten foar tolven. Doe't ik oan 't plaetske ta wie, wie dêr in houn, dy wie wol sa great as in koekeal. En dy woardde ek samar ynienen wei....
nl.verhalenbank.17742
Gerke Veenstra fan 'e Spekloane (Boelensloane) seach klear dat der elke nacht tusken tolve en ien ûre hwat by him op bêd kom. 't Gong op 't fuottenein sitten. De egen wienen earst sa great as thékopkes, dy woarden hyltyd greater, op 't lêst wienen se sa great as in pantsje. Elke joun kom dat ding. Dan wie Gerke fjûrbinaud. Syn frou lei by him. Dan sei er...
nl.verhalenbank.22926
De lange Sleatterman wie in spûk. Dat spûk hâldde ta tusken de Saiter (Warten) en Earnewâld. Achter 't Heemker fordwoun it wer. De beurtskippers, dy farden dêr jouns lâns. Se woenen dêr noait lizze, hwant dat wie net fortroud. Op in bipaeld plak, by de Mjuksgroppe, dêr koe net in skip lizzen bliuwe. Dat wie in birucht plak, alle skippers mijden dat plak....
nl.verhalenbank.29638
To Surhuzum is in âlde sânreed mei in fytspaedtsje der njonken: de Rysloane. Dat paed giet nei de Stroboskerfeart ta. Sahwat in heale kilometer fan Surhuzum ôf roan op dy sânreed midden yn 'e nacht altyd in dikke swarte houn. Dy spoeke dêr om. Ûnderskate minsken ha him dêr sjoen. De lju wienen bang foar dy houn en stapten ôf as er op it fytspaed wie....
nl.verhalenbank.17752
Us heit syn broer Paulus hie us in skip kocht yn Terwispel fan in hellingbaes, dy wenne by de feart lâns. Hy farde der mei de Gordykster Kompenije yn. Dêr brocht er fracht hinne. Doe't er weromkom, tocht er, hy moest mar by de hellingbaes yn Terwispel oplizze. 't Wie tsjuster. Doe kom de healwize soan fan 'e hellingbaes by him yn 't foarûnder. Der woarde...
nl.verhalenbank.23992
By 't Krúswetter to Warten lei froeger altyd in fisker mei syn aek. Dy hie dêr nachts in tichtset. Hy wenne dêr mei syn dochter yn 'e aek. Yn 'e nacht kaem dêr in doomny lâns. Dy gong oer 't wetter hinne. Sy leinen krekt mei de aek op it plak dêr't dy doomny oer 't wetter stapte. Op in kear wie de dochter allinne thús. Doe seach se ien stean oan 'e oare...
nl.verhalenbank.24555
9