Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 results
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Drogeham
Myn skoanheit wie mei syn broer oan 't murdejeien. 't Wie nacht en sy wienen elk oan 'e kant fan in wyk. Doe wie der ynienen in hiele grouwe, swarte houn. It beest hie egen as koallen fjûr. Hy wie nou us by skoanheit, dan wer by dy syn broer. It wie gjin goed spul, skoanheit fortroude it net. Hy tochte dat it de duvel wie. Hy sei: "Ik raem him of ik sjit...
nl.verhalenbank.19916
Yn 'e Harkema wennet in man fan sa'n fyftich jier. Hy is widner en hat syn wiif forlern. Nou doart er jouns net allinnich it tsjerkhôf yn 'e Harkema foarby, hwant dan komt de geest fan syn wiif by him. Dat is al in pear kear gebeurd, seit er.
nl.verhalenbank.19923
Piter-om en Albert-om dat wienen bruorren. Dy gongen der in bulte nachts op út to murdefangen. Altyd togearre. Op in kear seagen se op 'e heide in skynsel. It wie in wyt ding. Se wienen beide hwat skruten, mar Albert-om doarst der allinne mar nei to sjen. Piterom seach fan bangens de oare kant út. Hy sei: "Is 't by dy? Is 't by dy? Siz it dan." Mar it...
nl.verhalenbank.20381
Rinse wie arbeider op it Blauhûs ûnder Surhústerfean by in boer Poppinga. Rinse seach dêr kear op kear in greate swarte houn. Dy kom dêr flak by him. "Hwat mat dy grouwe, swarte houn altyd by ús?" frege er de boer. Mar de boer sei: "Hjir is noait in houn." Mar Rinse seach him wol. Dyselde arbeider Rinse is by de boer weigong. Hy hat himsels letter...
nl.verhalenbank.19925
Der wienen ris trije man, dy soenen ien binaud meitsje. Sy wisten om hokker tiid yn 'e moarn dy man by de muorre fan 'e tsjerke lâns kom. Dêr wie it paed. Sy gongen alle trije boven op elkoar stean tsjin 'e tsjerkemuorre oan en sa wachten se op 'e man. Doe't dy man der oan kom, bleau er stean en sei: "Nou is 't raer. Ik haw wolris trije op elkoar sjoen,...
nl.verhalenbank.33176
Alde Antsje Spoek siet yn 'e rogge of de hjouwer. Dêr woarden de bern bang foar makke, hwant dy mochten der net ynkomme.
nl.verhalenbank.20365
Oan 'e Tillewei spoeke nachts altyd in grouwe houn. Dêr doarsten forskeidene lju nachts net lâns.
nl.verhalenbank.21359
Op 'e Ikkers ûnder Droegeham is ris in bern formoarde woarn. Men hat it bern dêr forsûpt. Sûnt spoeket it dêr altyd. Hielendal op 'e ein fan 'e Ikkers, yn 't lêste húske, wenne Piter Terpstra. Dy is dêr wei gong to wenjen omdat dat bern dêr altyd spoeke.
nl.verhalenbank.37229
By Rypke Atsma, de bakker, tichte by 't nije tsjerkhôf yn 'e Harkema kom altyd in grouwe, swarte houn tofoarskyn. Dy kom oan 'e minsken ta, krekt oft er se bang meitsje woe en wie dan ek samar ynienen wer fuort. Hwer't er dan bleau wie de minsken in riedsel. 't Wie in spoekhoun.
nl.verhalenbank.33311
Us heit sei froeger altyd, as wy der as bern jouns noch út woenen: "Om healwei achten dan komme de spoeken út Feankleaster, dan binne se sahwat om healwei njoggenen yn 'e Ham. (opm. my is ek wol us forteld, dat se om acht ûre út Feankleaster kommen en om healwei njoggenen yn 'e Ham wienen A.A.J.)
nl.verhalenbank.20045
Dêr't nou it fuotbalterrein is fan 'e kristlike fuotballers (de saterdei-spylders) hat it altyd spoeke. Op 'e hoeke wie in dobbe. Dêr wie altyd lawaei yn dy dobbe. Dêr stie faek in keardel yn. Forskeidene ha him dêr by nacht sjoen. Ik hie in neef, dy doarst dêr noait lâns. 't Wie de Nikus-dobbe.
nl.verhalenbank.28816
Oan 'e Skieppedrifte stie in âld hûs. Dêr wenne Japik Visser yn mei syn dochter. Dêr spoeke it. It gebeurde op in kear mei middernacht dat de âld man mei syn dochter by ús op 'e Ikkers oankloppe. Se rekken by ús yn 'e hûs. Hja wienen dwars troch de rogge en alles hinne gong, hwant it spoeke dêr bot dêr't sy wennen. De duvel siet har egael op 'e hielen....
nl.verhalenbank.37243
Piter Terpstra wenne yn 't fierste húske. Soms wie it dêr in freesliken lawaei by him. It doogde dêr net. Dan koe in minske dêr hast net wêze, sa gong it der oan wei. Krekt as in keppel skiep om 'e doar hinne fleach. Dan wie Piter deabinaud.
nl.verhalenbank.37232
Oan 'e Tillewei spoeke froeger altyd in greate houn mei swart, krold hier. Lefort neamden se him. It doogde net mei dy houn. Alle minsken wienen der bang foar.
nl.verhalenbank.20043
By de dikke beam yn 'e Harkema doarsten de bern froeger net lâns, hwant dêr gong it altyd op in spoekjen.
nl.verhalenbank.20379
Ik ha Hearke syn wiif noch kend. Dat wie âlde Gjetsje. Ik en Bouwe van der Meer wienen us by har, hwant wy boarten wol mei har beppesizzer Klaes Witteveen. Hja wie widdou en al hiel âld. Hja hie in blauwe holdoek om 'e holle. "Lieve berntsjes," sei se, "jimme matte gau fuortgean, hwant aenst hellet it gouden weintsje jim op."
nl.verhalenbank.20361
16