Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
37 datasets found
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Opende
Alde Sipke Albert fan Grinzer Pein lake noait. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Hy wie fékoopman en koe dwaen en litte hwat er woe. Der wie noait jildgebrek. Mar der moest altyd in man wêze dy't him nei de boat tabrochte as it tsjuster wie. Allinne doarst hy der by nacht net út. Dan wie er deabinaud. Myn man syn broer hie in dochter fan him.
nl.verhalenbank.38021
Op in kear wie Hearke nei de faem ta. Mar dy wist net hwa't er wie. Doe liet dy faem har ûntfalle: "Ik soe net graech mei Sterke Hearke wolle, hwant dy is sa ôfgryslike sterk, dy koe jin wol deaknipe. Ik bin bang foar him." Doe't Hearke dy nachts by har wei gong, sei er tsjin har: "Nou, nou kinst mar sizze dat Sterke Hearke fan 'e jouns by dy opsitten hat."
nl.verhalenbank.38009
Earne op 'e Grinzer klaei stie in boerepleats, der doochde it net. De âld boer, dy't dêr wenne hie, wie formoarde woarn. De doarren woenen dêr nachts noait ticht bliuwe. Jelle Snip fan de Pein hat dêr mei oaren yn 't wurk west. Jelle lei dy nachts ûnder yn 'e skuorre. Doe seach er op 'e koesouder in spûk mei eagen sa great as thépantsjes. Doe hearde Jelle...
Doe't wy ûnder tsjinst wienen yn Millingen wie dêr in soldaet fan Uthuzermeden dy doarst dêr op in plak net lâns to rinnen. 't Wie in lange reed, dêr't er net lâns doarst. Ik sei: "Hwat skeelt dy eins? Hwerom doarst dêr net lâns?" "Daar loopt een korporaal langs zonder kop", sei er. Ik sei: "Sjit der dan op!" "Daar durf ik niet op te schieten", sei er.
nl.verhalenbank.27875
Op 'e Sanden yn Grinzer Pein wenne in man dy wie tige rûch yn 'e mûle: Durk Wonderman hiet er. Dy sei, hy wie foar gjin duvel bang. Op in kear, doe hied er to jounpraten west. Doe't er op 'e weromreis wie nei hûs ta fornom er dat der hwat achter him oan kom. Dat siet him op 'e hielen. 't Wie him tsjin 'e hakken oan. Hy woarde deabinaud. Doe't er omseach...
nl.verhalenbank.27487
Soks mat hjir ekris yn de Pein foarfallen wêze. Doe wie der ien yn in wyt lekken, dy't in oaren ien bang meitsje woe. Doe't dy oare der oan kom wied er stean bleaun en hie sein: "Ik bin net bang foar dy iene wite, mar foar dy swarte, dy't der achter stiet." Doe wie dyselde mei 't wite lekken om 'e kop hiel hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.27335
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou. Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns. Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om. Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
Yn Grootegast woonden in man en in frou in een mooi hearehûs. De frou was een van der Maar en kwam fan Gaarkeuken. De man soop so, hy was alle doagen smoardronken. As hy thuus kwam dan sloeg hy syn frou so dat se 't útroasde. Se seiden teugen hoar: "Goa bij him weg", moar se deed 't niet. Dat ging so heel lang. Altijd moar weer sloeg hij hoar. Op 't lest...
nl.verhalenbank.27029
Hjir yn 'e Pein is ris ien smiten woarn. Dy kom út 'e kroech wei. Hy sei: "Ik bin foar gjin duvel bang." Mar doe pakte de duvel him.
nl.verhalenbank.26994
Bearn Smook (= B. Mulder) hie nei de Pein ta west. Hy wenne op 't Ketting. (healwei 't Fean en de Pein) Dêr't nou Haring Pama wennet, dêr stie doe neat, dêr kom him ynienen in lyts mantsje op side mei in filten huodtsje op. 't Wie in meter lang en 't snúfde hyltyd mar. "Dat mantsje roan njonken my," sei Bearn, "hy wie hielendal yn 't swart. Roetswart wie...
Bearn van der Woude wie myn heit. Hy wie us mei mem to jounpraten nei syn swager, dy wenne sa'n trije hûndert meter fan him ôf. It gong altyd op in kaertspyljen as heit en omke by elkoar wienen. Mar doe hie heit de spylkaerten forgetten dy kear. Hy gong werom om se to heljen en omke gong mei. Sy gongen skeanoer troch 't lân, dat wie 't koartste. Doe binne...
nl.verhalenbank.26023
Sipke Gjaltema wie hynstekoopman hjir yn 'e Pein. Hy wie de rykste fan 't doarp. Dat kom, hy hie in wikseldaelder. Die hied er fan 'e duvel krige. Hy leefde tige sober. Mar de duvel hie him yn 'e macht. As er mei de Feanster boat gong nei Grins ta en hy nom in bakje kofje en hy lake, dan foel alles yn diggels op 'e groun. Hy gong altyd ûnder geleide nei...
nl.verhalenbank.25995
Wy hienen in Hollânske baes yn 't kuorfabryk. Dy leaude earst net dat der tsjoensters wienen. Mar dat woarde letter wol oars. "Op in joun kom ik bûten," sei er, "dêr seach ik twa klysters sitten. Ik der hinne, doe kommen dy beide klysters op my oan. Dat wie gjin goed spul. Doe ik yn 'e hûs. Dat wienen Jelle en Tryntsje", sei er. "Dy gongen der togearre op...
nl.verhalenbank.25992
Wy wienen mei ús trijen as manlju. Wy hienen ús jachtgewearen by ús. 't Wie op 'e Haule, tichte by Waskemeer. 't Wie moai ljochtmoanneskyn-waer. Wy wachten op knyntsjes om dy to snappen. Tichteby stienen in pear dikke sânbulten. Ien fan ús trijen hie gjin gewear. Dy sei: "Sjoch ris, sa'n fremd ding." Der sweefde hwat fan 'e iene bult op 'e oare. 't Wie in...
nl.verhalenbank.25968
Tsjinoer it hûs fan Japik Kuipers stie nòch in hûs. Dêr wenne IJe de Vries yn. Myn âldste suster wie dêr alris to helpen. Doe soe mem dêr ek hinne, hwat letter op 'e dei. Hja wie sahwat oan 'e Wilhelmina-hoeve ta. Mem wie noait bang, hwant mem sei: "Ik haw in rein geweten, dan kin der my neat gebeure." Doe kom der in swart ding op har ta. 't Wie hiel...
nl.verhalenbank.25948
Us mem hat in min leven hawn by heit. Hy hat har it leven forgalle. Heit is in strie-minnen ien. Wy ha gjin gedoente mei him. Op in kear kom er smoardronken thús. Hy slepte yn in âld ledekant, dat stie oer de flier, hy slepte net by ús mem. Doe krige er de kofjekanne fol kofje en dy sette er yn 'e kachel mei fjûr. En doe sei er: "As der in God is, dêr bin...
nl.verhalenbank.25926
Myn suster wenne op 'e Heine-pôlle op Sevenhuzen, tsjin 'e Wylp oan. Dêr wenne ek in famylje Otter. Dy seagen in pleachbeest. Dêr flak by harren hûs wie in hage, dat wie de skieding fan in oar hiem. Dêr flakby hie it pleachbeest west. It âld minske en har soan Minse hienen molke fan dat oare hûs helje sild. Doe is dêr hwat oer dy hage hinne knoffele: in...
nl.verhalenbank.25711
Us mem is yn 'e Harkema great brocht. Hja fortelde der wenne yn 'e Harkema in âld frou, dy siet altyd to spinnen. Froeger wie it de gewoante, as de lju in himd hienen dat net al to bêst mear wie dan brûkten se dat as deadshimd. It wie doe in earmoedige tiid. Doe't dat âld minske kom to forstjerren, dat altyd siet to spinnen, dienen se har in himd oan,...
nl.verhalenbank.24178
Sytse Bates dy is gemien, dy hat syn dochter de hals útsnien. Mar doe wied er sels sa binaud, doe hat er himsels de hals útklaud. (âld rymke) By de moard oan 'e Mûzegroppewei (Sytse Bates) ha se it bloed noait út 'e flier krije kind.
Heit hie altyd in stik duveldrek yn 't drinken fan 'e bargen, oars wied er bang dat se bitsjoend woarden.
nl.verhalenbank.24132
0