Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
26 datasets found
Dutch Keywords: auto wild
Froeger seagen wy allegear ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen. 't Wie op it plak, dêr't nou rykswei 43 is.
nl.verhalenbank.27568
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
nl.verhalenbank.33333
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
nl.verhalenbank.34515
Yn 'e Sweagermieden seagen se froeger allegear ljochten. Dat neamden se wylde lantearnen. Yn letter tiid binne dêr allegearre wegen oanlein, en dêr fljogge nou de auto's en de fytsen ensa lâns. Dêr ha dy ljochten de foarboaden fan west.
nl.verhalenbank.29805
Wylde lantearnen binne foartekens fan huzen of fytsen of auto's.
nl.verhalenbank.34510
De wylde lantearnen dat wienen de foarboaden fan 'e auto's. Ik ha se faek sjoen yn 'e Earnewarren.
nl.verhalenbank.23044
Wy seagen froeger wol gauris wylde lantearnen. Dy ljochten tsjutten op 'e lettere auto- en fytsljochten.
nl.verhalenbank.25768
By de Falom haw ik us wylde lantearnen sjoen yn 'e nacht, doe't wy dêr oan 't fiskjen wienen. Der wurdt wol sein dat dat de foarboaden wienen fan lampen fan fytsen en auto's ensa.
nl.verhalenbank.21624
Wy ha froeger faek wylde lantearnen sjoen. Dat wienen ljochtsjes bûtendoar. "Sjoch, mem, in wylde lantearne", seinen wy dan. Dy wylde lantearnen, dat wie de tjirmerije fan de fytsen en autoën.
nl.verhalenbank.17550
Us mem sei froeger: "Sjoch, dêr binne wer wylde lantearnen." It wienen doe allegear noch modderpaden. Nou binne dy forhurde en dêr ride de auto's en de fytsen oer. De ljochten dêr fan, dat ha de froegere wylde lantearnen west, dy't klear to sjen wienen.
nl.verhalenbank.34558
Hjir wienen froeger noch wol gau us wylde lantearnen. Dat wienen de ljochten, dy't nou oan 'e fytsen en de auto's sitte.
nl.verhalenbank.24140
Myn skoanheit seach froeger wylde lantearnen. Dat koe fan alles bitsjutte: nije huzen, nije wegens, fytsen, auto's, strjittelantearnen en gean sa mar troch. Skoanheit wie der skruten foar.
nl.verhalenbank.24196
Wy ha to Bakkefean wenne. Wy seagen soms boppe 't Mandefjild wylde lantearnen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere lampen dy't oan 'e wegen kamen en de ljochten fan 'e fytsen en auto's ensa.
nl.verhalenbank.21039
Froeger seagen wy wol wylde lantearnen. Dat wienen ljochtsjes yn 'e nacht. Gong men der hinne, dan wie der neat. It wienen de foarboaden fan 'e lettere auto- en fytslampen, en ek fan 'e treinljochten. Myn âlde lju ha de trein riden sjoen doe't der noch gjin spoar wie. De trein flitste dêr lâns en der wie net in baen.
nl.verhalenbank.29670
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat wienen de foarboaden fan 'e ljochten fan 'e lettere fytsen en auto's.
nl.verhalenbank.25259
Alde minsken sizze: De wylde lantearnen, dy't wy froeger sjoen ha, dat wienen de fytslampen en de autoljochten fan lettere tiid. Yn 'e buert fan 't Blauhûs sweefde faek in wylde lantearne. Froeger wie de wei fan 't Blauhûs nei Boelensloane in sânpaed. Dat is letter in hurde wei woarn. Dêr kinne se nou fytse en autoride. Dy lantearne hat dat doe al oanjown.
nl.verhalenbank.25517
Wylde lantearnen sweefden hjir froeger faek oer de heide. Men wol ha dat dat de lettere auto's binne.
nl.verhalenbank.31789
Froeger seagen wy allegear ljochtsjes fleanen om ús hinne. Dat wienen wylde lantearnen. Dat binne nou de auto's mei har ljochten. Dy fleane krekt sa.
nl.verhalenbank.23401
Op it Skeanpaed yn 'e Harkema seagen wy froeger wol wylde lantearnen yn 'e nacht. Dat bitsjutten fytsen en auto's.
nl.verhalenbank.22327
Yn 'e Mieden seagen wy froeger wol wylde lantearnen. Letter, doe't de fytsen en de auto's kommen, seinen se: Dat ha dy ljochtsjes west.
nl.verhalenbank.17489
35