Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: auto dwaallicht
Op 'e wei fan Feanwâlden nei Dokkum seagen wy froeger in rige ljochtsjes. Letter wienen dat de ljochten fan 'e fytsen en de auto's. Dy hienen wy al jierren fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.24705
Yn 'e Sweagermieden seagen se froeger allegear ljochten. Dat neamden se wylde lantearnen. Yn letter tiid binne dêr allegearre wegen oanlein, en dêr fljogge nou de auto's en de fytsen ensa lâns. Dêr ha dy ljochten de foarboaden fan west.
nl.verhalenbank.29805
Wy ha froeger faek wylde lantearnen sjoen. Dat wienen ljochtsjes bûtendoar. "Sjoch, mem, in wylde lantearne", seinen wy dan. Dy wylde lantearnen, dat wie de tjirmerije fan de fytsen en autoën.
nl.verhalenbank.17550
Wylde lantearnen seagen se hjir froeger hiel faek. Dat wienen de lettere fytsen mei de ljochten op en de auto's.
nl.verhalenbank.38409
Froeger seagen wy wol wylde lantearnen. Dat wienen ljochtsjes yn 'e nacht. Gong men der hinne, dan wie der neat. It wienen de foarboaden fan 'e lettere auto- en fytslampen, en ek fan 'e treinljochten. Myn âlde lju ha de trein riden sjoen doe't der noch gjin spoar wie. De trein flitste dêr lâns en der wie net in baen.
nl.verhalenbank.29670
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat wienen de foarboaden fan 'e ljochten fan 'e lettere fytsen en auto's.
nl.verhalenbank.25259
Alde minsken sizze: De wylde lantearnen, dy't wy froeger sjoen ha, dat wienen de fytslampen en de autoljochten fan lettere tiid. Yn 'e buert fan 't Blauhûs sweefde faek in wylde lantearne. Froeger wie de wei fan 't Blauhûs nei Boelensloane in sânpaed. Dat is letter in hurde wei woarn. Dêr kinne se nou fytse en autoride. Dy lantearne hat dat doe al oanjown.
nl.verhalenbank.25517
Wylde lantearnen sweefden hjir froeger faek oer de heide. Men wol ha dat dat de lettere auto's binne.
nl.verhalenbank.31789
Op it Skeanpaed yn 'e Harkema seagen wy froeger wol wylde lantearnen yn 'e nacht. Dat bitsjutten fytsen en auto's.
nl.verhalenbank.22327
Sy seinen wol dat de wylde lantearnen de lettere lampen fan auto's en fytsen wienen. Men sjocht se nou noait mear.
nl.verhalenbank.24453
Dwaelljochtsjes, dat is ek foartsjirmerije. Op in snein-to-joun kom myn folk de Geriperwei del. Dat is wol 70 jier lyn. Doe seagen se dêr allegear ljochtsjes. Ek reade, lyk as nou de achterljochtsjes fan fytsen en auto's ensa. Dy ljochten ha se doe allegear fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.11560
Anne Douma fan Broeksterwâld seach de wylde lantearnen samar oer de groun fleanen. 't Wienen greate ljochten, krekt as fan auto's. 't Wie foargedrús.
nl.verhalenbank.30395
Oer/Yn 't Bûtenfjild ha wy froeger wol faek wylde lantearnen sjoen. Guon woenen wol ha dat dat de foarboaden wienen fan 'e fyts- en autolampen fan letter, as der wegen oanlein wurde soenen.
nl.verhalenbank.30032
35