Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: arm Place of Narration: Harkema
Der wie in widdou mei bern. Dat minske krige it sa earm, dat sy hie neat mear, dat se de bern jaen koe om to iten. Doe lei it minske in fjûr oan fan stiennen. Doe't de bern fregen, hwat se die, sei se: "Mem makket in fjûr fan stiennen en mem giet nou fuort en as dy stiennen forbrând binne, dan kom ik wer mei iten." Mar hja kom noait wer.
nl.verhalenbank.23533
Hearke sels kroade mei sân achter op 'e tún. Dat kroade min, dan krige er soms de kroade mei sân op 'e earm en sjoude him nei hûs.
nl.verhalenbank.26139
Edzer Sint dat wie myn pake. Hy praette omstrûpt, dat hat er al syn libben dien. Op in kear wied er ergens oan 't wurk mei Aen klokje. Aen hat it letter forteld. Dû net wytste hwat ik wol, sei er. Né, sei Aen, hoe soe ik dat wite kinne, jong. Ik om in buorrel wol. Hast dan wol sinten? Ikke gjin sinten gebrek ha. Doe liet er in ponge mei sinten sjen, it...
nl.verhalenbank.15899
Men mat noait hier fan 'e skonken en earms ôfknippe, hwant dan wurde se swak. Dit sei beppe al, letter mem ek wer.
nl.verhalenbank.12339
Der wienen twa klokken yn Dokkum, in greaten en in lytsen-ien. De greate sloech mei in swier lûd: Dokkum wordt arm! Dokkum wordt arm! Fuort dêr achteroan sei de lytse klok mei in fyn lûdtsje: Kin ik it helpe? Kin ik it helpe?
nl.verhalenbank.33030
Deselde mannen, Sikke Hoeksma en myn swager Douwe Wedzinga en dan noch in sekere Jan Klamer - dat wienen doe alle trije noch frijgesellen, soenen ris in kear nei Twizel nei de kroech ta. 't Wie mistich waer. Sy kommen fan Mûntsjetille en roannen op 'e âld dyk. 't Wie joun. Doe gongen se de Twizelerwei lâns, dat wie doe noch in modderpaed, dwars troch de...
nl.verhalenbank.28612
It spoeket op it âld-tsjerkhôf. (it s.n. earme-tsjerkhôf)
nl.verhalenbank.12360
It nije tsjerkhôf op 'e Harkema wie krekt klear, mar der lei noch gjin op. It baerhûs stie der al. Heit en dy wennen yn it hûs dêr't ik nou wenje, dat wy hienen doe it tsjerkhôf ek al flak achter ús. Op in joun, doe't it tsjuster wie, kom heit achter hûs. Doe seach er de kant nei 't tsjerkhôf út en doe ûntdekte hy hwat boven op it baerhûs. It wie in wite...
nl.verhalenbank.25735
Hearke hie krekt sokke dikke spieren as syn earms dik wienen.
nl.verhalenbank.28753
Us mem kom fan Aldwâld. Dy har heit dat wie in Auke. Hy handele yn keallen. Op in joun kom er mei in dik stik yn 'e kraech út 'e kroech wei. Der wie in feint, dat wie ek in Auke, dy brocht him in ein fuort. Hy wenne in eintsje oerdwars fan 'e wei ôf. Doe't er dêr oan ta wie bigong er bot to flokken. De feint krige him beet en sei tsjin pake: "Dû mast net...
nl.verhalenbank.17706
Sterke Hearke wie ek stille plysje. Hy joech de minsken noait preses. Hy krige syn arrestanten ûnder 'e earm. Dan woenen se it wol leauwe. In wike letter fielden se noch hwer't er har beet hawn hie.
nl.verhalenbank.27001
35