Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: appel Place of Narration: Drachten
In nachtmerje kin troch in hiel lyts gatsje. Us Hindrikom en syn broer en noch in pear ha ris meielkoar to apelstellen west by in boer. Doe woarden se troch de plysje attrapearre en kommen yn 'e gefangenis. Hindrikom hie dêr yn 'e sel alle nachten in nachtmerje. Doe ûntdekte er dat der in gatsje yn 't rútsje siet. Hy frege as dat ticht makke wurde mocht....
nl.verhalenbank.19320
Doe't ik in famke wie wennen wy yn Houtigehage. Ik moest elke dei iten bringe nei in omke fan my, dy arbeide by mynhear Bogaerts. Dat wie in hiel ein rinnen. Op in kear doe kom ik werom. Doe wie der in âld wyfke. "Och heden, berntsje," sei se, "hwat mastû alle dagen in ein rinne. Hjir hast in apel." 't Wie in hiele moaije apel, mar ik doarst him net op to...
nl.verhalenbank.25618
Us beppe hie in famke, dat wie net goed. Hja wie der skjin mei forlegen. It bern die oars neat as gûle en oangean. Hja wienen har rie skjin to'n ein en op 't lêst hellen se in duvelbanner op. Dat wie in frommeske. Hwer't se wei kom wit ik net. Dat frommes sei, sy moesten in pot mei wetter boppe de fjûrpot hingje. Dat wetter moest siede en dêr moesten se...
nl.verhalenbank.36908
Heit en mem wienen oan 't ierpeldollen foar in boer yn Drachtster Kompenije. Tichteby wenne in âld wyfke yn in húske. Ik wie doe noch in jonkje en myn susterke wie by my. Dat âld-wyfke kom yn 'e doar to stean en frege ús: "Fan hwa binne jimme berntsjes?" "Fan Hindrik en Piertsje", seinen wy. "Dan matte jimme hwat fan my ha, net?" sei 't minske. Doe krigen...
nl.verhalenbank.37020
Dyselde omke wie in bern fan acht jier, doe rekke er bitsjoend. Alde Klare wie in heks, dy die dat. Omke syn mem hiet fan Wike. De âlde heks kom faek by harren. Dan sei se: "Och Wike, doe de planke even over. Ik wil even de kleine jongen zien." Hwant omke en dy hienen in draei oer de feart. Klare wenne yn 'e buert. Hja kom der dan yn en krige kofje. Faek...
nl.verhalenbank.19619
Der wie in widner, dy hie trije bern. Hy krige forkearing mei in widdou. Hy frege har of se mei him trouwe woe, mar hja seach hwat biswier yn 'e trije bern. "Ja," sei er, "dêr kin ik net fan ôfsjen. Ast míj ha wolst, mast de trije bern ek nimme." Hja sei doe: "Ei nou, dat kin ek net oars, fuort dan mar." Doe kom er wer in kear by har, doe joech se him...
nl.verhalenbank.19625
Us heit wenne op 'e Skieding ûnder Grinzer Pein. Dêr wenne Rikele Myt ek. Rikele Myt wie in tsjoenster. Hja wenne yn in plaggehutte en sy hie in rest apelbeammen by hûs stean. Dêr sieten dikke apels oan. Op in joun gong heit dêr mei syn swager hinne to hofkesjongen. Hja hienen twa sekken fol apels. Ynienen fornimme se hwat. Krekt as kom der in stik fjûr...
nl.verhalenbank.32695
Ik ha wolris heard dat ien in apel fan in tsjoenster krigen hie. Hy burch him op en doe't er him letter opite soe, hie 't in pod west. Ik sei froeger altyd tsjin ús bern: Tink derom, as in frou jim in apel jaen wol, net opite!
nl.verhalenbank.25476
De heinproef yn oarlochstiid It is foarfallen yn 'e mobilisaasje fan njoggentjinhûndert fjirtjin achttjin. It wie by de hjerst en ûnlijich, rûzich waar. In boerespul stie gâns efterôf en dêr sieten de lju meiïnoar yn 'e hûs te thee- of kofjedrinken of it ien of 't oar. Der waard op 'e doar kloppe en de boerinne gong der hinne. Doe stie dêr in frommis foar...
nl.verhalenbank.14669
Yn 't Barrahûs gebeurde it faek, dat minsken dêr ûnderdak krigen foar de nacht. Op in joun kom dêr ek in frommes yn. It wie in fremd frommes, dat se net koenen. Ien fan 'e mannen, dy't dêr ek sieten, wie in soldaet. Dy soe dêr dy nachts ek sliepe. Doe't er in pear kear nei dat frommes sjoen hie, tocht er by himsels: bistû eins wol in frommes? Hy gong...
nl.verhalenbank.37818
Wy mochten fan Rikele Myt noait in apel opite, hwant dy apels wienen bitsjoend. Dan krigen wy in pod of in kikkert yn 't liif.
nl.verhalenbank.26041
't Wie op in jountiid, sy sieten by de boer yn 'e hûs. Doe kom der in âld frou by de doar. Sy woarde der ynlitten, sy woe dêr dy nachts graech sliepe. Hja siet tusken de oaren yn en as se it wurd nom, tocht de boer by himsels: "Dû hast in manljuslûd." Wylst hja dêr sa meimankoar sieten kom der in soldaet mei in hynder oan. Hy sei tsjin 'e boer: "Kin ik...
nl.verhalenbank.23515
35