Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: angst heksenkrans
Alle Tet op 'e Bulten wie blau om 'e holle. Dêr koe men oan sjen dat in tsjoenster wie. Sy bitsjoende faek bern. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. As bern wienen wy binaud foar har. As wy har oankommen seagen, naeiden wy hurd út.
nl.verhalenbank.19526
Myn âldste suster hie nou fiif en sauntich jier west. Hja wenne njonken it café fan Kielstra. Heit en dy hienen in krêbbe yn 't bêdsté, dêr sliepte ús Pytsje yn. Altyd om deselde tiid yn 'e nacht, tusken ien en twa ûre, bigoun it bern forskrikkelik to jammerjen en to razen. Se koenen har noait stil krije, sa angstich en sa binaud wie 't bern. Doe kom âlde...
nl.verhalenbank.21092
Ik wie in lyts fanke. Om in ûre of ien yn 'e nacht bigoun ik altyd to razen. Der siet in raer, swart ding, dat seach ik en dêr wie ik binaud foar. Heit sei: "It bern is bitsjoend, ik sil nei Wopke ta. Wy krije sa net in wink yn 'e egen." Mar as er dan nei Wopke ta soe, wie 't wer oer. Dat wist de tsjoenster. Dat wie Sytske van Assen. Mar heit is doch nei...
nl.verhalenbank.19443
Alle Tet fan 'e Harkema liet har pânse ek thús. Dat mat in dikke pânse west ha. Guon ha him wol us sjoen. Sy hat èk us by ds. Nieuwenhuis west mei iel, doe hie se allegear blauwe plakken op 't gesicht. Dat hie de duvel dien fansels. Dûmny frege: "Hoe komt dat zo?" Tet sei: "Wy ha koarte bêdsdoarren en dêr stomp ik my altyd mei de kop oan." Har man wie...
nl.verhalenbank.20226
Minsken dy't bitsjoend wienen, hienen gauris krânsen yn 't holkessen. Dat wie it wurk fan 'e tsjoenster. Sadré der trije krânsen fol wienen, dan wie deselde dy't bitsjoend wie, dea. De krânsen moasten der úthelle en forbarnd wurde. As men froeger mar in bultsje yn 'e fear fielde, dan woarde it kessen al lostoarnd, fral as der in tsjoenster yn 'e buert...
nl.verhalenbank.20790
35