Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: alleen Place of Narration: Harkema
Hearke wie boerearbeider. Der stie in foer dong yn 'e skerne. Dat moest der út riden wurde troch de hynders. Mar 't wie tsjin iterstiid en de feint dy't der mei bilêste wie, woe earst ite. Hy spande de hynders út en gong nei de itenstafel ta. Doe gong Hearke der stil hinne, krige it tiksel fan 'e wein beet en luts him der pûr allinne wei.
nl.verhalenbank.26170
To Surhuzum ha se yndertiid it heilich avondmaal fierd yn 'e kroech. It gong hiel bot op in spotten. Der wie ek in man by, dêr hat Albert Buma in dochter fan troud. Dy hat der doe sa fan lâns krige, doe't er út 'e kroech weikom, dat hy doarst letter net heal wer allinne de lannen yn. Dan moest der altyd ien mei him rinne. Sa bot is er doe smiten woarn.
nl.verhalenbank.21230
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Sterke Hearke mat ris in kear pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen ha.
nl.verhalenbank.33419
Der wie us in doomny, dy hie de sneins preke. Yn dy preek hie er it jongfolk it mannewaer opsein. It jongfolk brûkte in soad drank, sy flokten en fochten en alsamear. Sa wie 't ek. Twa fan dy mannen koenen dat net sette. Se wienen sa pûrrazend, dat sy woenen him fan kant meitsje. Op in joun stjûrden se in boadskip nei de pasterije ta dat der wie in minske...
nl.verhalenbank.12341
Sterke Hearke: It hie bot stoarme. Doe lei der in grouwe beam dwars oer de wei, dy wie dear troch de stoarm tolânne kom. Hy lei elkenien yn 'e wei, hwant net in minske koe der mei de wein lâns. En net ien dy't dy beam dear wei krije koe. Doe kom Hearke der oan mei hynder en wein. Hy moest der sels ek lâns. Doe hat Hearke allinne dy grouwe beam dear wei...
nl.verhalenbank.15615
Hearke wie boerearbeider by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Hy en in oare arbeider moesten togearre lade. De oare arbeider spitte stikken los mei de splitlod, sa great as in tafelblêd. Hearke laedde dy stikken op 'e wein. Sy hienen sadwaende de wein gauwer fol as dat de man mei hynder en wein der wèr wie, dy't de dong nei 't lân brocht. Salang gongen...
nl.verhalenbank.26140
Op in kear hienen se sa'n grou foer hea, dat sy koenen it net troch de skuorredoarren ride. It bleau oan 'e kanten stykjen. Hearke soe it der mei de arbeiders yn lûke. Doe seinen de arbeiders tsjin elkoar: "Nou matte wy tsjinhâlde, dan kriget hy dat foer der noait troch." Sy hongen oan 'e fjilden. Mar it joech de mannen neat, al hoe bot se tsjinkearden....
nl.verhalenbank.26141
Hearke wie arbeider by Bindert Japiks op 't Bomkleaster. Dêr wienen se oan 't dongladen. Hearke en nòch ien. Doe hienen se in hiel dik foer op 'e wein. De twa hynders, dy't foar de wein spand wienen, koenen de dong net út it skerngat weiskuorre, de wein wie to swier laden. Doe sei Hearke: "De hynders matte der mar even foar wei." Dat wie gebeurd en doe...
nl.verhalenbank.34525
35