Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
47 datasets found
Dutch Keywords: alleen wagen
Sterke Hearke wie noch in jonge, fortelde heit. Doe wied er us in kear op 't Fean (= Surhústerfean). Doe wienen dêr in stik of hwat mannen, dy losten in wein. Der leinen dikke beammen op 'e wein en dy leinen se iene foar ien op 'e groun. Dêr stie Hearke by to sjen. Doe gongen dy lju yn 'e herberch en kochten in buorrel, mar sy nommen Hearke net mei. Doe't...
nl.verhalenbank.23731
Fan Sterke Hearke is bikend dat er pûr allinne in weinfol dong út it dongsté loek. Mar ik leau dat net.
nl.verhalenbank.38107
Hy hat arbeider west by in boer. Der mat it alris gebeurd wêze dat twa sterke hynders in foer dong dat op 'e wein laden wie, net út it skerngat wei krije koenen. Doe hat Hearke de wein der pûr-allinne útlutsen mei dong en al.
nl.verhalenbank.34489
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út. Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
Der wie in faem, dy wie o sa moedich. Hja tsjinne by in boer en boerinne. Dy wienen us fuort togearre. Doe bleau dy faem allinne thús. Dy moest op it hûs passe. Doe kommen dêr dy nachts rovers. Der siet in gleske yn 'e doar. Ien fan 'e rovers die dat iepen en stuts syn holle der troch. De faem houde mei in swurd de kop der ôf en sette dy kop op 'e tafel....
nl.verhalenbank.19309
Sterke Hearke krige de ploege by de sturt beet. De ploegen hienen doe mar ien sturt. Hearke luts allinne in foer dong út it skerngat wei. Op in kear wie Sterke Hearke oan 't meanen. Hy tochte: "Hwat wol dat min." Doe hied er al in hiel stik ôfmeand. Hy nei de seine sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne.
nl.verhalenbank.20969
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op it Bomkleaster. Rienk van der Meer wie dêr ek. Dy fortelde, sy hienen ris in kear sân helle fan Droegeham. It sân moest tusken de plaets en 't hok yn. Dêr koenen de hynders net tusken. It sân moest dêr lege wurde, dat de wein moest dêr hinne. Hearke gong oan 't tiksel stean en luts it weinfol sân yn 'e gloppe. De...
nl.verhalenbank.27633
Hearke wie sà sterk, as it hynder it net dwaen koe, luts hy allinne de dongwein út it skerngat.
nl.verhalenbank.33444
Halbe Scheper, sa fortelde mem, hat ris in kear in foer dong út it skerngat lutsen. Twa arbeiders wienen oan 't laden. De twa hynders hienen de stront der net útlûke wold. Doe hie Halbe de hynders der foar weispand en hie de wein by 't tiksel beet krige en him sa der út lutsen. Wylst hongen de beide arbeiders ek noch yn 'e tsjillen om him tsjin to...
nl.verhalenbank.27357
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster. Hearke koe net bêst mei hynders omgean. As der dong laden wurde moest wie dat Hearke syn wurk altyd, in oaren ried. Op in kear hied er krekt wer in wein laden, doe koene de hynders gjin skrep krije. Sy koenen de dong net lûke. Doe sei Hearke tsjin deselde dy't ried: "Och, doch de hynders der even foar wei." Doe...
nl.verhalenbank.23864
To Koartwâld wienen fjouwer man dwaende mei in swiere parrebeam op 'e wein to tillen. Mar hja koenen it net rêdde. Doe kaem sterke Hearke dêr by. Hy sei: "Jimme krije dy beam by de forkearde ein beet." Doe naem hy de beam op en hy tilde him allinne op 'e wein.
nl.verhalenbank.31911
It is ris gebeurd doe hie Hearke de wein yn 'e sleat. Twa kedden koenen de wein der net út lûke. Doe krige Hearke sels it tiksel beet en luts de wein der allinne út.
nl.verhalenbank.37973
Hearke wie boerearbeider. Der stie in foer dong yn 'e skerne. Dat moest der út riden wurde troch de hynders. Mar 't wie tsjin iterstiid en de feint dy't der mei bilêste wie, woe earst ite. Hy spande de hynders út en gong nei de itenstafel ta. Doe gong Hearke der stil hinne, krige it tiksel fan 'e wein beet en luts him der pûr allinne wei.
nl.verhalenbank.26170
Hearke wie arbeider by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Dêr wienen se op in kear oan 't dongriden. Der stie in wein folladen yn 't skerngat, mar de hynders koenen de wein dêr net wei krije. Dêr kaem Hearke oan. "Kinne de hynders it net dwaen?" frege er. "Né", seinen se. "Gean dan mar wei", sei er. Hy spande de hynders út, krige it tiksel beet en loek de...
nl.verhalenbank.37108
Jehannes Hazenberg wie in keardel as in beam. Sa sterk as in dyk. Op in kear siet der in weinfol hea fêst tusken 'e dampeallen op 'e Sjoele tichte by Blaufallaet. Se koenen it der noait weikrije, de hynders koenen 't net lûke. Doe kom Jehannes Hazenberg dêr lâns. "Sit er fêst?" sei er, "wachtsje mar, ik sil wol even helpe." Doe sette hy de rêch der achter...
nl.verhalenbank.33540
It mat ek gebeurd wêze, doe moest der in foer dong út it skerngat weilutsen wurde. De hynders koenen it net dwaen. Doe gong Hearke der foar stean. En hy hat dat weinfol dong pûr-allinne nei de reed ta riden.
nl.verhalenbank.29453
Yn Hoarnstersweach wenne in hiele sterke keardel. Op in kear doe wienen guon dwaende om in hiele grouwe beam op in wein to lizzen. Hy seach dat se der mei oan wienen, dêrom sei er: "Lit mar los, mannen, ik sil 't wol even foar jim dwaen. Gean mar wei." En doe lei hy dy beam allinnich op 'e wein, earst de swiere kant, doe de lichte kant. Mar dy mannen...
nl.verhalenbank.28413
Sterke Hearke wenne yn Bakkefean. Hy wie sa sterk, dat as se oan 't dongriden wienen, dan luts er sels earst de wein ta it dongsté út en dan kom 't hynder der foar.
nl.verhalenbank.33769
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde." Mar de man sei: "'t Falt hwat ta." Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove. Sy hienen har forskûle...
nl.verhalenbank.19967
Yn Droegeham is 't gebeurd, dat Hearke op in kear oan 't dongladen wie. Doe't er de wein fol dong hie, koe 't hynder de wein net út it dongsteal krije. Doe gong Hearke sels oan 't tiksel stean en doe luts er sels pûr-allinne de wein ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.38363
35