Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: alcohol Place of Narration: Harkema
Alde Sije wenne by de Liuwepoel yn 'e Harkema. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wie mei in swarte kat trije kearen om 't tsjerkhôf hinne west en alle trije kearen hied er roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hied er in wikseldaelder krigen. Alde Sije wie hielendal blau om 'e kop. Dat kaem fan 'e drank. Hy koe safolle drank keapje as...
nl.verhalenbank.22230
Hindrik Holthuis wie in forwoest man, dy sûpte om 't leven. Op in kear woarde hy sa bot troch de duvel smiten, dat hy wie kreupel. Doe is er bikeard.
nl.verhalenbank.26227
Albert Alma, de heit fan Wibe Alma, wie sahwat de raerste fan 'e Harkema. Op in kear wied er dronken thúskom. Doe wied er yn 't hea lizzen gong. Mar dêr hie de duvel west. En dy hie him pakt en dêr wei goaid.
nl.verhalenbank.26351
Guon koenen mei in spylkaert in flesse drank komme litte. It earste romerfol fan dy drank moest oer 't linkerskouder fuortsmiten wurde. Dy't soks by de ein hie wie oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.28804
Hindrik Holthuis is yn 1922 stoarn. Hy sei 't altyd raer op en spotte rounom mei. Op in kear doe hied er yn 'e kroech sitten. Doe't er ûnderweis wie nei hûs hied er hwat troffen. Doe wie er al yn 'e Harkema. Hy koe net sjen hwat it wie en sei: "Bistû de duvel, dan bin ik dyn moer." Doe hie de duvel him beetpakt en fuortgoaid en net sunich. Hy hâldde der...
nl.verhalenbank.26350
In sekere Alma fan Stiensgea sei it ek altyd raer op. Dy paste net op syn wurden. Op in kear kom er to Surhuzum út 'e kroech. Doe is er yn 'e Spoekdobbe smiten woarn.
nl.verhalenbank.28613
Wibe Hut (= Wibe Alma) siet besopen to Eastemar yn 'e herberch. Dêr sieten ek kammeraden fan him. Hy swetste en swearde mar. Ik wòl joun fechte, sei er, as is 't ek mei de duvel. Even letter sette er de kant út nei Harkema, de Swarte Wei en de Achttjinde wei lâns en sa oer de Wytfeanster wei (= Greate Seadswei). Dêr oan 'e kant fan 'e Wytfeanster Wei...
nl.verhalenbank.15875
Bôkke Noordman wie noch feint. Hy wie tige oan 'e drank. Op in kear gong er fan 'e Harkema nei Surhústerfean to skearen. Werom gong er by âlde Durk Lútsens oan. Dy wie skuonmakker. Dy hie syn skuon yn reparaesje. "Kom," sei er, "tusken tolven en ienen dan is alles op de bienen." Doe kom er oan Willem Hofstede ta, dêr lei in skeane tippe groun. Doe't er...
nl.verhalenbank.22193
Wibe Alma hie op 't Jachtfjild yn 'e kroech sitten. Hy wie doe noch net troud, mar hie forkearing mei Griet. Doe't er by syn hûs kom, stie dêr in faem by de doar to laitsjen. Wibe sei: "Bistû dat, Griet?" Hwant it wie de gedaente fan Griet. Mar it wie Griet net, it wie in forkearden (de kweade). De doarren gongen út har sels foar him iepen, doe't er yn 'e...
nl.verhalenbank.27289
Ien út 'e Harkema hie us nei Eastemar ta west. It wie in raren. Hy leaude oan God noch Syn gebot en hy swetste en flokte dat it raer wie. En dronken somstiden! Der roan in paedtsje oer de Fûgelkamp froeger fan Rinse Stoarm syn húske ôf. Dêr roan dyselde lâns nei hûs ta. Doe't er op dat paedtsje roan wie der oan 'e oare kant fan 'e sleat èk ien. 't Wie yn...
nl.verhalenbank.27007
Deselde mannen, Sikke Hoeksma en myn swager Douwe Wedzinga en dan noch in sekere Jan Klamer - dat wienen doe alle trije noch frijgesellen, soenen ris in kear nei Twizel nei de kroech ta. 't Wie mistich waer. Sy kommen fan Mûntsjetille en roannen op 'e âld dyk. 't Wie joun. Doe gongen se de Twizelerwei lâns, dat wie doe noch in modderpaed, dwars troch de...
nl.verhalenbank.28612
11