Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
53 datasets found
Dutch Keywords: alcohol dronken
By Oerterp hat froeger in herberch stien. Dêr siet ien op in joun, dy sei 't raer op. Hy hie tofolle drank hawn en spotte mei it opperwezen. Doe't it tiid wie fan sluten rekke hy der út. Hy moest oer de Skâns. Doe't er dêr wie, sloech der him ien de earm om 'e hals en draeide him yn 'e rounte, hyltyd mar troch, krekt salang oant hy der by delfoel. Hy hat...
nl.verhalenbank.19862
In Benschop woonde een zuiplap. Hij verdronk nooit. Hij zei altijd: "De duvel brengt me thuis!"
nl.verhalenbank.50906
Wibe Hut (= Wibe Alma) siet besopen to Eastemar yn 'e herberch. Dêr sieten ek kammeraden fan him. Hy swetste en swearde mar. Ik wòl joun fechte, sei er, as is 't ek mei de duvel. Even letter sette er de kant út nei Harkema, de Swarte Wei en de Achttjinde wei lâns en sa oer de Wytfeanster wei (= Greate Seadswei). Dêr oan 'e kant fan 'e Wytfeanster Wei...
nl.verhalenbank.15875
Sape Boersma fan Gerkeskleaster hie tofolle dronken. Hy hie yn 'e kroech sitten en doe gong er op 'e fyts sitten. Hy flokte as in ketter. Underweis, achter Strobos smieten se him yn 't Knjillisdjip. Dat die de duvel. Hy is der wer útrekke, mar doe wied er aerdich bikaem. Letter flokte er net mear.
nl.verhalenbank.30968
Alde Sibe van der Veen dy hie dronken west. Hy kom út 'e kroech. Guon hellen him op, dêr wie ús mem ek by. Sibe hie hyltyd in pleachbeest op 'e fuotten hawn; it wie in hiele grouwe, swarte houn, dy wie net by him wei wykt. Mem sei, it wie de duvel.
nl.verhalenbank.27233
Hinke hie earder wenne by in kastlein yn Surhústerfean yn 'e herberch, dêr't nou van der Scheer yn wennet. Doe wie dêr in dronken keardel, dy woarde forfelend. Sy sei tsjin Hindrik: "Gean dû dêr by de doar stean." Hja krige dy man by kop en kont en smiet him oer 't folk hinne nei har broer Hindrik ta en dy smiet him op 'e wei.
nl.verhalenbank.24501
Alde Koen Hoekstra fan Eastemar mocht graech in buorrel en hy wie wol us dronken. Op in kear doe kom er de Swarte Wei lâne. Doe woarde er op in momint samar opnom en yn 'e dykswâl smiten, sûnder dat er oait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.19784
Ik ha wol gauris heard dat guon smiten waerden, dy't dronken út 'e kroech kamen.
nl.verhalenbank.24363
De oerpake fan beppe Hiltsje van der Weide dy wie nei Feanwâldster merke. Hy siet dêr yn 't café. Hy hie tofolle hawn en swetste en swearde nochal hwat. Hy wie foar neat bang, sei er. 't Woarde al letter. "Dû mast ek fuort," seinen se tsjin him, "hwant dû mast de Boppewei del, en dû wytst wol, dêr spûket it." Doe sei oerpake mei in grou flokwurd: "As dêr...
nl.verhalenbank.25082
Op zekeren dag was een ingezetene van Elst zodanig aan de zwabber geweest, dat hij 's avonds laveloos bij het kerkhofshek was blijven liggen. Deze iemand was zo stomdronken dat hij zich niet eens aan de spijlen van het hek omhoog kon trekken. Na verloop van tijd was er volk bij gekomen, waarop de "lap" was begonnen te vloeken en een versje op begon te...
nl.verhalenbank.13256
Sikke Hoeksma ^ wenne op Mûntsjetille oan it Knjillisdjip, tichte by de Bûtenpostumer Mieden. Myn swager, Douwe Wedzinga, wenne der tichte by. Saterdeijounen gongen se faek togearre nei Twizel ta, nei de kroech. Dan rounen se de âld dyk del. Dêr yn Twizel seagen se net op ien. Sy kommen der faek dronken wei. Sa wie 't ek wer ris in kear it gefal, doe...
nl.verhalenbank.28611
Jan Huizinga wie slachter yn Burgum. It wie ien dy't gauris in romerfol kochte. Hy wie faek dronken en dan swearde en swetste er mar raek. Doe wied er op in kear oan 't hûs fan kantonrjochter Schaafsma ta: Glinstra-State. Hy hie 't wer raer opsein. Dêr woarde er ynienen opnom en yn 'e gracht smiten. Op 'e kop der yn. 't Wie op in joun. Sûnt hat er noait...
nl.verhalenbank.28639
Yn Feansterheide op 'e hoeke by de Trije Roede hie Haring Land in café. Dêr plichte Greate Germ (Germ Smous) faek to kommen. Germ Smous soop as in mûs. Faek wied er dronken. Sneins gong it altyd op in kaerten en dan wie 't snijen en fechtsjen. Op in kear wied er wer dronken. Doe't hy der útsmiten woarde, sei er: "Ik bin foar de duvel net binaud." Mar...
nl.verhalenbank.22067
De Deelstra's wennen yn 'e Westerein. Se mochten allegearre graech in buorrel. Ien fan dy Deelstra's kaem yn Rotterdam to wenjen. Op in snein-oerdei rekke er dêr sà dronken, dat er net mear wist hwer't er wie of hwat er die. Mar hy waerd wekker, en doe siet er yn 'e tsjerke. Dy tsjerke siet fol minsken. Hy doarst der net útgean, salang dy minsken dêr...
nl.verhalenbank.31999
Oh en die varkens he, dat is ook zo. Dat vergeet ik nu helemaal. Nou die biggen enzo dat was nou niet zo'n probleem. Ja, nou in die zin, die biggen gaven ze alcohol zeg maar. Een Hollandse hier, die had een stel biggen, maar, ja die waren net niet goed genoeg, die wilde grotere biggen terug. En dat was, dat was de clou he. Je eigen varken inruilen voor...
nl.verhalenbank.45188
Op Feanwâldsterwâl wenne Úlke v.d. Meer. Dy neamden se Úlke Bok omdat er altyd bokken en geiten hie. Ik ha him wol kend. Hy wie bot oan 'e drank. Hy sûpte sa, sei er, omdat er mei de helm geboaren wie. Hy wie altyd fuort op 'e fyts. Hy mocht graech by sé wêze. Dan seach er de dingen net. Oars seach er altyd lykstaesjes. Hy wist altyd fan to foaren as der...
nl.verhalenbank.31018
Der wie in feint, dy wie dronken. Sa kom er by syn âlden thús. Mar dy woenen him der net yn ha mei syn dronkene kont, en sy jagen him fuort. Doe kocht er noch in pear en it gong op in flokken en swetsen, dat it raer wie. Doe gong er út 'e kroech wei en roan by de Kollumer tsjerke lâns. Dêr woarde er pakt, mar hy seach net ien. Flak foar de hameije fan 'e...
nl.verhalenbank.20115
Yn Surhústerfean wenne froeger plysje de Vries. Dêr wienen se allegearre bang foar. Hy plichte to sizzen: "En wij spelen met jou, de Vries blijft baas op Surhuisterveen." Imke de Jong wie dêr us in kear. Dy sûpte him sa dronken dat plysje de Vries pakte him en brocht him yn 't hounegat, wylst er sei: "En wij spelen met jou, de Vries blijft baas op...
nl.verhalenbank.22058
'Baron' Ypma te Wiuwert Under de mannen dy't dan by de boeren kamen te sliepen, fan dy omswindlers, wie ien, dy neamden se altyd baron Ypma. Ek in ferlopen man, totaal fertutearzge. Mar doch hie er noch wat aristokratysks oer him; dêrfandinne dy bynamme. It wie in boargemasterssoan fan Warkum. Op in kear kaam er ek by ús yn 'e Hommerts en doe wie er mar...
nl.verhalenbank.14677
Trije manlju binne us in kear op in joun dronken fan 't Jachtfjild út 'e kroech kom. Doe't se oan 't lytse tsjerkhôf (it earme-tsjerkhôf, oan 'e beton-wei) ta wienen, gongen se dêrhinne. Sy gongen dêr sitten en lizzen. En doe ha se 't dêr raer opsein, dat men 't hast net wer fortelle doart. Alle de Haan wie der ek by. Ien sloech mei de jeneverflesse op 'e...
nl.verhalenbank.22306
35